De earste twa moannen fan it keatsseizoen sitte derop: “De earste pankoeken binne foar de bern”
Gerelateerde Artikelen
“De earste pankoeken binne foar de bern.” It is in útspraak fan âld-topkeatser Stephan Kleefstra. As it yn it begjin fan it seizoen noch net echt rûn, dan kaam hy mei dizze útspraak.
Binne de earste pankoeken fan it seizoen 2025 ek foar de bern? We sjogge werom op de earste njoggen frije formaasjepartijen.
Yn algemiene sin kin fan it begjin fan it keatsseizoen sein wurde dat it haadklassepeloton noch al teistere waard troch blessueres. Rick Minnesma, Pieter Jan Leijenaar, Allard Hoekstra, Erwin Zijlstra en Menno van Zwieten moasten allegear om ferskate redenen efkes in stapke werom dwaan.
Gouden tiden foar de ynfallers Renze Hiemstra, Hans Wassenaar en Evert Pieter Tolsma. Wat ek opfoel: De spektakulêre ûntwikkeling by guon fan de oanstoarmjende talinten: Hessel Postma, Johan Sipma, Pieter Jan Leijenaar, Steven Koster, Jorn Lars van Beem.
Sy rammelje allegear mei klam oan de doar. Dat is moai om te sjen. Mar dat wol net sizze dat de ‘gevestigde orde’ it roer samar út hannen jout. De fraach is: binne dit de bern dy’t de earste pankoeken krije en dan wer efkes oanslute moatte yn de rige? Of gripe sy de macht?
Partoer Van Zwieten hat in drege start
It wie de transfer fan it jier. Ferline jier nei de winst op de PC. Gabe Jan van Popta waard troch Menno van Zwieten en Tjisse Steenstra oan de kant set. Syn plak wurdt ynnaam troch Rick Minnemsa. De twa rûtiniers seagen yn multytalint Minnesma in noch bettere maat as Van Popta. Boppedat waard de konkurrinsje minder makke.
De winst yn Dronryp gie nei Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra© Dijks Media
Yn de keatswrâld waard al it byld sketst fan de totale dominânsje fan dit partoer op de haadklasse. Mei Van Popta wurden yn 2024 mar leafst 14 frije formaasje partijen wûn. Dêrûnder alle klassikers. Mei Minnemsa derby soe der in hast net te ferslaan partoer op de fjilden ferskine, sa waard troch sommige keatskenners sein.
Skouderblessuere fan Steenstra is ûnder de klep hâlden
De praktyk is efkes oars. As it ferhaal fan de earste pankoeken earne op slacht, dan is it wol op dit partoer. It partoer Van Zwieten hie in drege start. Dat Minnesma mei in ljiskblessuere nei de earste frije formaasje partij útfoel, holp ek net mei.
Nei in tredde priis yn Sint Anne kaam de earste krâns yn Dronryp, de thúshaven fan Steenstra en Minnesma, dy’t doe werom wie. Oant en mei Tsjom bleau it by in tredde – en twadde pryske en makke it trio Van Zwieten bepaald net in ynspirearre yndruk.
Wat is der oan de hân, sa fregen ferskate keatsfolgers har ôf. Past it net yn it partoer? Is de ‘pikoarder’ mei de komst fan de wat dominanter operearjende en noch al opfleanende Minnesma fersteurd? It partoer jout sels oan dat it oant no ta net goed genôch is, mar is bepaald net yn panyk.
Menno van Zwieten kampt mei in ljiskblessuere; hy koe yn Tsjom ien omloop balkeare en waard doe ferfongen troch Marten Bergsma.
Boppedat, der is wol deeglik noch in oanwiisbere reden dat it benammen mei Tjisse Steenstra net lekker rint. It is oant no ta ûnder de klep hâlden, mar Steenstra kampt al sûnt july ferline jier mei in blessuere oan it skouder. Dat hat him yn de wintermoannen bot beheind yn de training.
Pas sûnt trije wiken foar it begjin fan dit seizoen is de saak ûnder kontrôle sa lit Tjisse witte: “It is foar 95 prosint klear en wy komme der wol oan. De PC is noch fier fuort.” Hoe’t de blessuere ûntstien is, wit Steenstra net. “Miskien komt it fan it muorrekeatsen. Mar ik wit it net.” Ien ding is wis: skriuw Steenstra nea ôf.
De formaasje Marten Bergsma hie in sterke start
Opslagger Marten Bergsma foamet dit seizoen in partoer mei Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar. Dit partoer hie op 4 maaie in sterke start mei de winst yn Frjentsjer. Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar binne eksponinten fan de nije generaasje.
It binne keardels wurden, dy’t rap útfûn hawwe hoe’t it wurket. En ek de kwaliteit hawwe om in partij ôf te meitsjen.
Nei de winst yn Frjentsjer, folge twa wike letter in oerwinning yn Sint Anne. Evert Pieter Tolsma wie dêr de ferfanger fan Pieter Jan Leijenaar, dy’t operearre wie oan in bline term.
Ek yn Holwert wienen de krânsen dit wykein foar Bergsma c.s., al foel Pieter Jan Leijenaar dêr wol út mei in skouderblessuere. As alles kloppet yn dit partoer, dan is it absolute topklasse.
Marten Bergsma liet benammen yn de earste wiken fan it seizoen sjen dat hy mei syn opslach in geweldich wapen yn ‘e hûs hat. Konstant wêze, dat is foar dit partoer de opdracht en dan kinne der moaie dingen barre.
Marten Bergsma is in allesiter. Twa kear winst op de ôfdielingspartij mei Minnertsgea (ynklusyf de Bûnspartij). Mei syn partoer noch in twadde priis yn Dronryp, in earste priis op de troch elkoar lotterspartij yn Broeksterwâld en winst op de sachte bal PC.
En doe wie yn Sint Jabik de (pan)koeke wol op foar Marten. Wurk-rêstferhâlding is in dinkje foar dizze leafhawwer. Mar hoe dan ek: in prachtich trio.
Johan Sipma: de revelaasje fan it seizoen
It wie Hendrik Kootstra dy’t yn Wytmarsum ferline jier de kneppel ûnder de hinnen smiet. Hy hie it hân. Liet syn maten Marten Bergsma en Jorn Lars van Beem yn totale betizing efter en makke plannen foar it seizoen 2025.
Hy kaam út by syn sweager, Gabe Jan van Popta, oan de kant set troch Van Zwieten en Steenstra. In opslagger… tsja… wa moast dat wurde? En doe belle, út it noardeasten fan de provinsje, Johan Sipma út Ljusssens, 21 jier jong. Dy hie himsels transformearre ta opslagger en bea syn tsjinsten oan Kootstra en Van Popta oan.
Kootstra en Van Popta namen de gok. It bliek it aai fan Kolumbus te wêzen. In fantastyske formaasje. Mei in lichaamlik wer fitte Kootstra as lieder. Mei in foarynse, Van Popta, dy’t gjin bal betroud is en in opslagger dy’t in werklik spektakulêre ûntwikkeling meimakke hat: Johan Sipma.
Yn 2022 noch Freule-winner foar Moarre-Ljussens. Sipma syn opslach hat dat ekstra knikje. Dat knikje dat ek Chris Wassenaar hie en Gert-Anne van der Bos noch hat. Mar Sipma is folle minder ritich as Van der Bos en dat makket him op dit stuit ta ien fan de bêste opslaggers fan it peloton. En dêrmei oant no ta de formaasje ta de meast suksesfolle fan dit jier.
Mei winst yn Stiens, Menaam, Sint Jabik en Berltsum, in preemje yn Frjentsjer en lytse preemjes yn Dronryp, Holwert en Tsjom. As we Johan Sipma ta de bern rekkenje, dan is hy grif net tefreden mei allinnich mar de earste pankoeken. In formaasje dêr’t je mei nocht en wille nei sjogge.
Van der Bos-en-dy: it moat wol allegear klopje
Oer Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra is ferline wike genôch skreaun om no noch te witten dat dy twa noch altyd ta de top fan de haadklasse hearre. Beide feteranen binne dwaande mei it lêste seizoen, mar wolle noch alle wiken fol oan de bak. En as alles kloppet, dan binne se ek noch altyd top. Mar alles klopje…dat is wol in probleemke.
Gert-Anne bliuwt dy fantastyske mar tige ritige opslagger. Hat hy se der goed foar, sa as bygelyks yn De Hommerts (ferline wike sneon earste priis yn trochelkoarlotters-partij) en in dei letter yn Berltsum, dan kin hy de partij nei syn hân sette.
Yn Tsjom liet Van der Bos mei machtich opslachwurk sjen, dat hy noch altyd ta de top heart.
Taeke foarmet oant no ta wer in betroubere foarynse (en as it moat ek achterynse!) dy’t noch altyd in noaske hat foar in boppeslach op it krúsjale momint.
It soarchbern is Erwin Zijlstra. Hy kin geweldich keatse. Waard kening op de PC yn 2021. Dat seit genôch. Hy hat in protte blessuereleed hân de lêste jierren, mar kaam dit seizoen fit oan de start. Mar doe krige hy hinder fan it skouder en moast hy ôfheakje.
Erwin moat wer nei syn mooglikheden keatse, dan is ek dit in toppartoer. Mar as je sjogge hoe djip hy de ballen dy’t hy achteryn krijt falle lit, dan binne je hast benaud dat it skouder noch gjin hûndert prosint is en dat Zijlstra syn technyk út need oanpast.
Mei ferfanger Renze Hiemstra waard yn Menaam in preemje helle. Yn Tsjom wie it eindeliks rekke: de krânsen wienen foar dit partoer. Alle trije keatsers lieten sjen dat se noch wol deeglik meikinne.
Der falt benammen foar Taeke noch wol wat moais te winnen. In preemje op de PC is genôch om ek lieder yn dat klassemint te wurden. It soe it prachtige ferhaal fan dizze ambassadeur fan it keatsen folslein meitsje. Mar ja, oft dy bern fan de earste pankoeken dêr ek sa oer tinke…
Koster-en-dy: potinsje, mar fierstente wikselfallich
Koster en Van Beem binne grutte talinten. Patrick Scheepstra is de nestor fan dit partoer. De 34 jierrige efterynse moat de feilige haven en animator wêze foar syn jonge maten. Mar dat is in rol dy’t Patrick net echt liket te passen.
Patrick liket it yn de earste moannen fan dit seizoen in bytsje te drok te hawwen mei him sels. En dat makket Steven Koster ta de oanjager fan it partoer. Mar ek hy is te wikselfallich.
Der wienen wat sukseskes yn de earste twa moanne: twadde prizen yn Stiens en Berltsum, en in tredde priis yn Frjentsjer. Steven is in prachtige opslagger, dy’t seinige is mei in geweldige wedstriidmentaliteit.
Jorn Lars van Beem moat goed by de les bliuwe en as Patrick de foarm ek wat fynt, is dit partoer in outsider. Mar sa keatsend as yn Sint Jabik en yn Tsjom bygelyks, soene je hast sizze: hâldt der mar mei op, dit wurdt neat.
Konstant wurde, goeie fokus hâlde en keatse nei de mooglikheden: dat is it kredo fan dit partoer.
Noch seis frije formaasjeparijen oant de PC
De moanne july komt der oan. Oant de PC noch seis frijeformaasjepartijen. Stadichoan wurdt yn keatslân alles rjochte op de PC. Woansdei 30 july is it safier. De 172e. De partij dêr’t alles om draait.
De konkurrinsje ûnder de partoeren is grut. Want der binne neist de neamde partoeren noch wol in pear dy’t foar in ferrassing soargje kinne. Tink bygelyks oan de partoeren fan Corné Tuinenga en Remmelt Bouma. En: de oanstoarmjende talinten litte har dreech tsjinhâlde. De âlde garde wol noch altyd net fan wiken witte.
Tjisse Steenstra kin in unike prestaasje leverje troch as earste fjouwer kear achter elkoar kening te wurden fan de PC. Taeke iezet op sukses yn it PC-klassemint. En sa hat eltse keatser de dream om de PC ek dit jier te winnen. Krijt Stephan Kleefstra gelyk en wienen de earste pankoeken foar de bern? Of gripe dy ‘bern’ de macht ek op de PC.
We stean foar in prachtige keatsmoanne.
Geert van Tuinen
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie