Kweapraat 2025 (4)
Gerelateerde Artikelen
Ik wie snein te gast by de osa ferneamde Gouden Willem partij fan de VVV Menaem. Mar de flage dekt al in oantal jierren de lading net mear. Der wurdt wol praat fan de Gouden Willem partij mar De Gouden Willems yn dy moaie putsjes heart der al jierren net mear by. Allinne by it 125 jier bestean wie it bestjoer noch ta de bûse west foar dizze dochswol bysûndere jild priis. Mar anno 2025 is it foar de feriening in brêge te fier. Om mei ien fan de bestjoerders te praten: twa jier Gouden Willems en dan is de feriening op ‘e flesse. Dus docht de VVV it mei jild yn in sluuf foar hja dy’t snein by de priis winnende partoeren sieten. Allinne by de ferlotting is der noch sprake fan in Gouden Willem.
No klear witte wy dat ek wer. Ik wie kalt en kil op it griene med yn Menaam. It measte folk siet yn de tinte en gelyk hienen se. Want it spul hâlde ek snein yn Menaam net oer. Yn de earste omloop reinde it bûtenslagen. Mear as 20 de partij mei as útsjitter in partij mei mar leafst 32 missers. It wie in lange partij dy’t pas eindige op 5-5 en 6-6 en 138 punten telde. Derfan kamen 110 punten tastân fia direkte winst. 28 punten oftewel 14 slagen waard der om in keats keatst. It wie in hide en strike partij mar it hie neat mei it keatsen sa’t it ea bedoeld is te krijen. Hjir wurdt ik net mear waarm fan spitich. Der waard yn Menaam ek allemachtich soad kwea slein. Keatsen lizze is der hast net mear by…of je kinne ek sizze kinne de hjoeddeiske keatsers dit noch wol. It is faak boppe of kwea.
Fansels binne der altyd útsunderingen sa as it partoer fan de Johan Sipma, Gabe Jan van Popta en Hendrik Kootstra. Sipma fan Ljussens sloech poerbêst op en waard ek terjochte de kening fan de partij. Sa wol de krites fan Jorn Lars van Beem, Hans Wassenaar en Tjisse Steenstra en Taeke Triemstra en Renze Hiemstra sloegen mar in bytsje boppe fan de lettere kening. Yn in bijdrage fan Omrop Fryslân lies ik al dat Johan Sipma de ‘nije stjer’ fan it hjoeddeiske keatsen is…no dat giet my wat al te fluch. Ien sweltsje makket noch gjin simmer. Hoopje dat nei Stiens en Menaam noch mear hages oan de spiker komme te hingjen mar net te gau ien op it skild hiese. Freon Sipma treft it dat hy in baas perk by him hat. Je kinne de sweagers Van Popta en Kootstra wol om in boadskip stjoere. Ik tink dan Van Zwieten en Steenstra noch wol ris swittend wekker wurde hoe’t se it yn de holle helle hawwe om dizze tûke foarynse nei 2024 oan de dyk te setten. Mar de wiisheid komt mei de jierren…al tink ik dat se it wol witte kinnen hienen. Mar blykber is it mear nea fol. No sitte sawol van Zwieten en Steenstra mei de pine en dy is grut nim dat mar fan my oan. Want wat moatte se no…troch gean mei it grutte talint Rick Minnesma of troch de knibbels gean en wer op siik gean nei in ‘echte’ foarynse. Tink net dat de mannen der foar iepen stean want dat jout ‘gezichts verlies’ en dat jout pine by it omheechsittend laach wêr’t de formaasje op driuwt. Binne moaie tiden en soks spilet al sa lang der keatst wurdt. Moatte je wol each foar it ferline hawwe fansels.
De oranjebrigade pakte yn Menaam de earste punten. Geweldich wie it net mar dat binne je samar fergetten. Wat bliuwt binne de punten en dat telt. Sjoch Taeke Triemstra stiet sunt dit jier alwer op 5 punten. 5 punten…Menaam wie dochs goed foar twa punten. Ja, mar jimme ferjitte dat Taeke ea yn Sweins de jubileumpartij der wûn hat. Jierren jierren ferlyn doe’t bestjoerders noch doel hienen oer hoe wat waard der yn 1996 ôfpraat dat der altyd seis partoeren op de wedstriidlist stean moasten om gading te meitsjen foar keatsklassemint fan alle tiden sawol by de manlju as froulju. No anno 2025 is dat allegear fergetten en hja nimme ek net iens de muoite om my jo yn petear te gean. Ik hear allinne dat is foar myn tiid en der wit ik neat fan. Prima…prima. Fanôf no telt de partij yn Sweins gewoan mei en krije bygelyks Johan Okkinga en Sake Porte der ek wer punten by.
Dan is der fansels ek wer it nediche gedoch yn it wraldsje dat keatsen hjit. Ofrûne freed binne in oantal kommisjeleden te set west mei under oaren freon Stiemsma oer de mof. Sa’t jimme witte is der it lêste wurd noch net oer sprutsen. Om koart te gean..Reinder Triemstra en Jan Scheepvaart binne yn ‘e sek naaid troch ús keninklike bond. Dat de bond net dien mar figueren dy’t soms by de bond yn tsjinst wienen en der grouwealich foar betelle waarden en dy’t muoite hienen mei it ferskil tusken goed ferkeart en mei it lêste it net sa nauw namen. Want wie hat en wannear is dat bart hat Terpstra syn lisentie jûn om moffen foar de bond te meitsjen. Freon Stiemsma wist it of woe it gewoan net fertelle. Ik tink dan dat it al bard is yn de tiid fan de fûgelsman Marco. Dy hie ommers neat mei it keatsen…gong op fakânsje as de heechsimmer fan it keatsen der wie. In man mei dûbbele agindes…mar hoe’t it no wol sit net ien wit it en nei dizze byienkomst bliuwt soks boppe de merke hingjen. Jildt fansels ek foar de masine dy’t der brûkt om moffen te meitsjen. Is de bond ta de bûse west of net….wie zwijgt stemt toe. Wes oprjocht en sis hoe’t it allegear dien is. Dan kin der in streek troch. It bliuwt no boppe de merke hingjen. Minne saak!
Wat falt je mear op…no doe’t direkteur Dirk Jan van der Woud op’e tinte kaam kriegen Klaas Postam en ik sei de gek wol in han fan Dirk Jan mar fotograaf Henk Bootsma al sûnt jierren de keatst fotograaf waard oer slein. Dat sjoch ik en der gean ik op of. Is der wat, spilet der wat of hawwe de mannen elkoar foar de harsses slein. Kin allegearre…no nei de partij yn Menaam kaam de aap út de mouw. Us keninklike bond wol dit en dat fan Henk. Der moatte eltse wike 15 unyke foto’s nei de bond mailt wurde en fierder wurdt Henk oan de ketting lein. Alles is fanôf hjoed foar de bond. Alle oare belanghstellende leafhawwers of sites bite fan no yn it sân. Henk is it bokje dat tinkt de bond mar Henk is in oprjochte Fries dy’t him net bestelle lit en gelyk hat hy. Sjoch, Henk hat de bond net nedich. Henk hat syn skiepkes op it droeche. Henk fotografeart omdat hy der in soad wille om hat. Neat mear en neat minder. As de lieding fan de bond no ferstandich is dan gean se werom yn it hok en biede Henk ekskuses foar dit handeljen. Miskien komt it dan noch goed…want wy witte it allegear wol. It Sjûkelân kin sa fult wurde mei leafhawwers dy’t de bond de rêch ta keart hawwe…krityske lûden der kin ús keninklike bond al jierren en jierren net mei út de fuotten.
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie