Piet IJsbrandij 1942-2024

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 4, 2024 13:45

Piet IJsbrandij 1942-2024

Geen toeters en bellen stie der yn de rouadvertinsje fan Pieter (Piet) IJsbrandij dy’t op 18 oktober 2024 ús ferlitten hat. Piet IJsbrandij wie in markant man. Der foar stean dat hearde by Piet. Ik koe Piet fan it keatsen. Wy kamen elkoar wolris tsjin. Piet hie in útsprutsen miening oer it keatsen en dat paste my wol. Sa en net oars.

Piet waard berne yn Ljouwert en keatste sawol foar Ljouwert as Huzum. Piet learde it spultsje Achter de Hoven by keatsferiening Het Plein. Doe’t de famylje te wenjen kaam yn Huzum moast hy brekke mei bygelyks Rienk de Groot en Geert Hoekstra dy’t foar LKC keatsten. Dat wie wol spytich want  yn 1958 wûn LKC de Freule4 mei Rienk en Geert en Marinus Delgrosso. Dat hie ek Piet wêze kinnen. Piet IJsbrandij keatste fan 1961 oant 1973 yn it grutte spul. Piet kaam ta 62 finales werfan hy er 28 wist te winnen. Boppedat pakte hy noch 56 lytse preemjes wat goed is foar 208 punten yn it keatsklassemint fan alle tiden. Piet wie in efterynse mei in bêste twadde opslach wat goed wie foar trije keningskippen. Yn 1961 sit hy deselfde Rienk de Groot dwers troch mei Huzum de Jong Nederlân te winnen. Dat wie spytich foar Rienk want oars hie hy ek it klaverke fjouwer yn syn besit hân. Sawol op de bond as op de PC koe Piet goed meikomme. De krânse siet der nea yn. Op de PC wienen it twa preemjes en twa lytse preemjes. Wy prate dan oer 1962 en 1963 en 1966 en 1967. Wie hy dan nea favoryt? Ja seker wie hy dat wol. Yn 1964 is hy mei Hotze Schuil en Tinus Santema ien fan de grutte favoryten mar der bliuwt it ek by. Sawol Hotze as Tinus binne mannen fan de taktyk mar der jin ienriedichheid tusken beide mannen. Piet ferdwaald yn wat beide mannen no wol of net wolle op it fjild. It wie net Piet syn ding. Yn 1966 besyket Piet it wer mei Hotze en no mei Jehannes Westra as foarynse. Om mei Piet te sprekken…werk rekt net. Piet wie in keatser mei in soad temperamint en koe min oer syn ferlies. Hy rekke dan wol ris yn konflikt mei skeidsen en karmasters. Mei stipe fan Hotze Schuil koe hy der yn syn fierdere karriêre wol better mei omgean.

Piet wie njonken keatsen ek in echte fuotbal man. Jierren hat hy foar fuotbalklun Hearrenfean n it skouten west. Tsien jier lang wie Piet masseur by it keatsbûn en trije jier lang wie hy TC-lid. Mar ferskil fan miening mei de bond swoarge der foar dat hy nei trije jier opstapte. Piet mocht mar 82 jier wurde.           

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 4, 2024 13:45
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel