Eare wa’t eare takomt

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 4, 2024 14:38

Eare wa’t eare takomt

29 oktober 2024 waard de bertedei fan Hotze Schuil betocht yn it Miluk Theater yn Harns. It wie in prachtige jûn dy’t rjocht die oan de keatser Hotze Schuil. Op sa’n jûn rinne je as leafhawwer alles noch ris del fan syn earste punt yn it keatsfermidden oan’t it momint dat de Harnser der punt efter sette. Op 8 septimber 1990 krijt it keatsklassemint alle tiden in oare oanfierder yn de persoan fan Piet Jetze faber fan Froubuorren. 28 jier lang wie it klassemint yn hannen fan De Lange út Harns. Piet Jetze nimt de troan oer mei 885 punten njoggen mear as dy’t eindige op 876 punten. Neat mis soenen je sizze. De iene komt en de oar giet. Mar yn 1996 as der in kommisje te set is om it jubileumboek fan de bond fan 1997 hannen en fuotten te jaan rint dizze kommisje tsjin in punt oan wat de nedige argewaasje jaan sil.

Want by it trochrinnen fan krapoan 9000 partijen springe der bepaalde saken út. Ien fan dy saken is de grutte partij fan keatsferiening Snits. It wie net samar in partij. Snits organiseare fanôf 1946 oant 1956 in partij wêr’t fiif partoeren oan mei dienen mar it wienen wol de bêste partoeren en keatsers wat keatsend Fryslân te bieden hie. Hotse Schuil is ien fan de grutte tenoaren dy’t der goed út de fuotten kin. Mar dat selfde jildt foar Theun de Bruin dy’t ek fiif kear mei de hagen ei hús giet. Beide mannen pakke der 19 punten. En dy punten binne net stelt om samar te sizazen. Der is hurd foar wurke. Mar ek grutte keatsers as Frans Helfrich, Sikke Olivier, Pieter en Hiel de Haan en net te frjitten Janus Paasen slaan der mear as foarbêst op. Yn totaliteit giet it yn die perioade om 209 punten. In skepnet fol dus. Der soe dus gjin probleem wêze moatte mar dat is der wol yn 1996 as alles op tafel komt. It giet earne om en ik meitsje mei Doeke Sylstra, Jelle Taekema, Jan Sijtsma en Pieter Breuker der diel fan út dy’t in klap jaan moatte op de gearstalling fan alle keatsklasseminten en fansels it keatsklassemint fan alle tiden.

Klasseminten binne hiele wichtich foar it keatsen en it keatsbûn. Lit der gjin misbegryp oer wêze. Alle klasseminten komme foarby mar it keatsklassemint fan alles tiden jout de measte argewaasje. Wat is der oan de han? Piet Jetze faber stiet sûnt 1990 boppe oan mei 885 punten. Hotze is twadde mei 876 punten. Mar de wedstriden yn Snits kin der feroaring yn oan bringe en lizze op’e loer om samar te sizzen. It is in punt wêr’t wiiedweidich oer praat wurdt. Wat dogge wy, links of rjochtsom. As de punten fan de partij yn Snits bytelle wurde dan is Piet Jetze Faber net mear numer ien fan it klassemint. Dat jout argewaasje want werom binne de punten fan Snits net earder op tafel kommen. Der wurdt dan sein dat as Piet Jetze it witten hie dan hie hy miskien noch wol langer troch keatst om dochs boppe Hotze te kommen. Nei lange petearen wurdt it beslut nommen om de wedstriden yn Snits net mei te tellen ûnder it mom fan dat der minimaal seis partoeren op de list stean moatte om mei telt te wurden foar it keatsklassemint fan alle tiden. Ik sit yn de kommisje en ik gean ek akkoard.

Mar feitlik is dat ek wer gjin goed argumint west want yn de perioade fan 1854 oant de oprjochting fan de bond binne der ek skepnetten fan partijen mei fjouwer partoer wol mei telt foar it keatsklassemint fan alles tiden. As ik der no op werom sjoch spyt my dat freeslik. It hie net moatten. Ik haw my leidde litten…ja troch wat. Persoanlik fyn ik dat ik de planke mis slein haw troch belies te jaan om de wedstriden yn Snits falle te litten. It wie in oplossing mar de tiid hat de feiten yn helle. Feitlik raast it oan de protters. Ik sels haw in keatsklassemint mei mear as 2000 keatsers dy’t prizen wûn hawwe op de wedstriden fanôf 1854 oant no 2024. Ik wit wol de bond siet mei twa fuotten yn ien sok en dat is muoilik rinnen. Wat de bond dwaan sil of wol dat is oan harren sels mar ik sels sil alle punten dy’t fertsjinne binne troch de grutte tenoaren fan doe ferwurkje yn myn klassemint alle tiden. Derom komt Hotze Schuil no op 895 punten en wurdt dermei twadde yn it klassemint. Piet Jetze moat in stapke werom dwaan en komt no op 885. Oer de numer ien is gjin diskusje mooglik. Taeke Triemstra stiet op ien mei 919 punten en der komt foarearst net ien oan.                    

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 4, 2024 14:38
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel