Kweapraat 2024 (14)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 22, 2024 18:35

Kweapraat 2024 (14)

De Aldehou partij leit no in wike efter my mar der binne noch wol saken dy’t ik efkes tsjin it ljocht hâlde wol. Miskien gean de eagen fan ús warbere beliedsminsken dochs noch ris iepen. Ik tink it net mar as je it net besykje witte je seker dat it seker net barre sil omdat hja dy’t it foar it sizzen hawwe net graach oansprutsen wurde op mooglike flatters dy’t hja makke hawwe en noch altyd meitsje.

Mar earst moat ik noch efkes wat goed meitsje tsjin de folgers fan Jelmer Miedema fan Goutum. Jelmer hat ommers foar in baas prestaasje swoarge troch op de PC fan dit jier mar leafst 15 kear in bal oer it kleedsje te slaan. Sa fier ik nei gean kin is dat in rekord. Minne Hovenga koe der mei 14 ek wat fan mar dit rekord stiet no as in hûs. Ferhalen oer keatsers dy’t noch mear ballen oer de boppe slein hawwe yn ien partij dy ferhalen binne der wol mar de sifers der oer haw ik net. Praat is der altyd en miskien is der ris ien west dy’t ek allemachtich fier slaan koe mar de prestaasje fan Jelmer fan Goutum is troch krapoan tsien tûzend leafhawwers sjoen mar der sille mar in handsjefol tocht hawwe: ‘Dit is in nij rekord.’ Sy maat efteryn Jan Bandstra sloech ek noch fjouwer kear boppe mar de partij winne dienen de mannen net. Te faak waard op de mominten dy’t der ta dienen net thús jûn. Op 5-4 en 6-4 moast Jelmer mei syn partoer belies jaan. Njoggentjin boppeslagen wiene net genôch foar in twadde omloop. Dan slaan je hast fiif earsten boppe mar gean je dochs noch mei je partoer de bitebult op. Mar ien ding is wis: Jelmer Miedema is de nije rekordhâlder fan it oantal boppeslagen yn ien partij.

Dan kom ik ek noch efkes werom op de puntentelling fan de bond by de froulju haadklasse. As ik de bond lieuwe mei dan hat Gerde Lyklama à Nijeholt it jierklassemint wûn mei mar leafst 52 punten. Prachtich moai foar Gerde fan It Heidenskip mar it is wol in bytsje oars as je sjogge nei de stikken dy’t de bond ea ûnderskreau hat yn 1996. Dat wie nammentlik it jier dat der prikken set binne foar it jubileumboek dat yn 1997 it ljocht seach. Alles is doe troch in kommisje wêr’t ik sels ûnderdiel fan útmakke út de kast helle om ta in folslein keatsklassemint te kommen. In kommisje mei ûnder oaren siliger Doeke Zijlstra, siliger Jelle Takema, Pieter Breuker en Jan Sijtsma om mar in pear te neamen. Skepnetten fol wedstriden binne tsjin it ljocht hâlden om der wis fan te wêzen dat de goede kar makke waard. Yn it ferline waard der op plakken moarns en middeis keatst. Faak mei in trochinoarlotterspartij en in partij frije formaasje. Bytiden wienen dat mar fjouwer partoer dy’t op’e list stienen. Doe is der ôfsprutsen dat ien fan de wedstriden meitelle soe. De frije formaasje kriege it foartou. Dat wie de tiid fan Jan Reitsma sr, Sjirk de Wal en Auke Miedema om mar in pear grutte tenoaren te neamen. Yn de nije tiid waard it oars. Bygelyks de partij yn Snits. Dat wie in hiele grutte partij wêr’t sis mar de bêste fiif frije formaasje partoeren oan meidienen. Der moast lykas op de PC fjouwer keatst wurde mar omdat der mar fiif partoeren op ‘e list stienen waard it beslut nommen om dizze partij net op te nimmen yn de klasseminten.

Dat wie foaral sneu foar Hotze Schuil fan Harns dy’t yn Snits hiel aardich út de fuotten koe. It ferhaal spile fansels ek yn de tiid dat Piet Jetze Faber earste stie yn it keatsklassemint fan alle tiden. Soenen de punten fan Hotze wol meitelt wurde dan hie dat foar bot argewaasje swoarge. Nim dat mar fan my oan. Mar goed doe is ek de beslissing nommen dat in partij pas meitelt foar de jierlikse klassementen as de list dan minimaal seis partoeren telle moat. Dat jildt dus ek foar de froulju…! No net sizze, dat is nij foar ús. As je as bestjoerder ek mar in bytsje histoarysk besef hawwe dan sille je dit ûnderskriuwe moatte as je it no wol of net wolle. Praat fan: dit is nij en wy wisten it net. Of it wie foar ús tiid…dan fal ik stil. Soks hearre je as foarman of as direkteur fan in Keninklike Bond te witten. As je it net witte dat moatte je efkes del by harren dy’t der mear as in pypfol fan witte. Koartsein: Gerde hat gjin 52 punten mar 40. Gelokkich bliuwt se wol earste mar de partijen mei mar fjouwer partoeren binne partijen om niet om samar te sizzen. Foar Gerde sil it neat útmeitsje want op dy partij wie se ek de bêste mei of sûnder klassemintspunten. Louise Krol moat in stapke werom dwaan en giet fan 37 nei 29 punten dy’t meinommen wurde foar it jierlikse keatsklassemint. Jeska fan Easterein klimt in plakje en is no twadde mei 32 punten. Mei de oare froulju sil ik de lêzer net mear lêstich falle mar ik fyn it beskamsum dat soks net troch de bond oppakt wurd. De keatsklasseminten binne in wichtich ûnderdiel fan de keatssport en der moatte je as bestjoerder serieus mei omgean. Ik soe sizze in moai putsje foar it winterskoft.

Oant in oare kear!   

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 22, 2024 18:35
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel