Kweapraat 2024 (10)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 25, 2024 22:34

Kweapraat 2024 (10)

No, no it gong der wer om wei dizze wike. Pak earst noch efkes de wedstriid fan ôfrûne snein by de kop. It wie fansels in wrâldpartij der yn Kimswert mar der wie ek fan alles misgongen foardat der eins noch mar in bal slein wie. Yn Weidum by de frouljus-PC kaam ien fan de besikers fan Kimswert my efkes op’e lije side om te fertellen dat der foar Kimswert twa kear lotte wie. Ik sei: ‘twa kear hoe kin dat.’No, sei de man om goed tsien oere stie de earste list fan Kimswert op de side fan de KNKB. De list telde acht partoeren en der sieten moaie partoeren by sa as Van der Bos, Postma en Zijlstra en Koster, Triemstra en Minnesma. Hie minder foar de mannen kinnen mar tsjin tolve oere wie it wer gâns oars. Doe telde de list 10 partoeren en wienen de oare seis keatsers troch it putsje spielt. Sa giet dat tsjintwurdich by ús keninklijke bond. Mei in foarman as Coos Veltman en in direkteur Dirk Jan van der Woud dy’t alles regelje soe en sil. No skynt it sa te wêzen dat freon Dirk Jan hjir fier fan bliuwe wol omdat hy net oer wedstriidsaken giet. Sa kin ik it ek. Soks fan Kimswert hie ris barre moatten doe’t freon Van der Woud noch foar best opsloech. Dat hie hy de hiele tinte ôfbrutsen en no lit hy sokke misse saken mar op syn beloop. Dat falt my fan Dirk Jan tsjin. Ik hie mear ballen fan him ferwachtte…of hat hy no al genôch butsen oprûn. Bêste Dirk Jan…do soest fan alles mar no moast opstean en ballen toane. Sjoch, it wie al niks yn Kimswert mar sa barne je alles ta de grûn ta of. Der komt de lêste jierren al gjin harsens yn Kimswert en mei sa’n format as in trochinoarlotterspartij draaie je harren hielendal de nekke om. As feriening binne je moai klear mei sokke minsken dy’t miene der doel oer te hawwen.

Op nei de Frouljus-PC. It wie woansdei yn Weidum alwer foar de 48ste kear dat Weidum útrûn foar de Frouljus-PC. Der wie minder folk as oare jierren mar it koe it lijen besjen. Sjoch it is krekt as mei de PC…it folk wol sjoen wurde yn Weidum. Dat de froulju besykje om der foar best op te slaan is foar 95% bysaak. De echte leafhawwer skit sneintemiddei oan op it fjild fan KV Eendracht yn Harns. Ik tink dat Harns bliid wie mei in lytse hûndert leafhawwers want dat is de praktyk. Lykas it oantal parse minsken dat del komt yn Weidum. Se sitte hast de tinte út en yn Harns hat Henk Hempenius it ryk wer allinne wat him seker net spyte sil. Ek de fotograven falle hast oerelkoar hinne…wat in drokte yn it hinnehok dat hieltiid lytser wurdt want ien ding is wis it giet de ferkearde kant út mei it frouljuskeatsen. Sjoch nei de list en wat falt dan op dat in tredde part fan de 36 froulju pas foar de earste, twadde of tredde kear mei docht.

Dat jout te tinken…der hâlde hieltiid mear froulju op jonge leaftiid op mei keatsen. Boppedat giet de kwaliteit fan it peleton ek hurd efterút. Nim de list fan ôfrûne woansdei dan docht blyken dat der mar twa partijen wienen dy’t harren beslut kriegen op 5-4. Trije kear waard it 5-3. Ien kear 5-2 en trije kear 5-1 en ien kear skjinne telegraaf. In soad spanning wie der dus net. It preemjewinnende partoer kriege oant de finale mar twa earsten tsjin. De spanning wie dus fier te sykjen. Gelokkich wie de finale in tige moai slot fan de dei. Dat koe eins ek net oars omdat de twa beste partoeren yn de finale stienen. It partoer fan Louise Krol wie de boppelizzende partij tsjin dat fan Annet de Haan-en-dy. Mar der spile fansels folle mear. Der siet noch genôch âld-sear tusken mei namme Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Yn 2018 en 2019 makke Sjanet noch diel út fan in partoer mei Manon Scheepstra mar dat feroare bot yn de jierren der nei. Sjanet en Manon waarden grutte konkurinten en der binne de neadige wurden fallen yn de partijen dy’t beide tsjinoar keatsten.

Ik wie der faak sels tsjuge fan. Soks ferjit in sporter nea. It is feitlik de bêste doping dy’t je krije kinne. Hjir hoecht in coach neat oan te dwaan. It mes sit tusken de tosken en komt der net earder wei as de lêste slach fallen is. Dat wie seker it gefal fan ôfrûne woansdei. De foeleindichheid spatte der of. Keatsen op syn bêst. Partoer Louise Krol wie in ienheid en dat koe net sein wurde fan tsjinstanner Annet de Haan-en-dy. De foarsprong fan 4 om 1 wie dan ek tige fertsjinne. Dat it op 2-0 en 6-6 net trije skjinne earsten waard wie opmerklik. De opsleine bal fan Annet de Haan op 2-0 en 6-6 foel sjoen de bylden fan Omrop Fryslan oer de kwealine mar de karmaster seach it oars en joech in sitbal. Dat like in lytse tebeksetter mar de froulju joechen gjim krimp en rûnen út nei 4 om 1. Oant dy tiid hienen Annet de Haan-en-dy noch net folle sjen litten. Mar it bliuwt keatsen en yn in poep en in skeat wie it ek wer samar twa spul gelyk. It waard 4-4 en 4-4 mei alle kâns foar partoer De Haan om de partij nei harren ta te lûkken mar doe gong de grutte tenoar Manon Scheepstra yn de fout. Twa kear miste hja de krite en joech Louise Krol-en-dy wer de kreft om troch te setten.

By 5-4 en 4-2 die opslager De Haan noch in geweldige set en makke 5-4 en 4-4 mar ek dernei waard Manon Scheepstra de ferliezer. Earst koe se de keatst net behâlde en op 5-4 en 6-4 miste se foar de fjirde kear de krite. Dat hat sear dien…dat kin net oars. Wat ek sear die wie de kar fan de keningskommisje… je moatte wol in grutte omkoal wêze as je as kommisje de treflik keatsende Sjanet Wijnia del sette mei fjouwer fan de 18 te ferjane punten. Dan sjitte je sels dochs ferskrikkelik yn ‘e poat. Dan hawwe je as keningskommisje der gjin inkel doel oer. Mar soks stiet net op himsels. In jier lyn wie der feitlik mar ien dy’t keninginne wêze koe en moast en dat wie Anne Monfils mar se waard it net. Sels Ilse Tuinenga waard yn it ferliene oer de holle sjoen doe’t de titel te sprake kaam. Yn 2012 fleach de ferneamde kommisje ek al út de bocht troch Aukje van Kuiken keninginne te meitsje ynwylst Imke van der Leest dat wurde moatten hie…mar Imke lei net goed by de froulju fan de keningskommisje. Net om Louise mar je sjitte as kommisje dúdlik te koart as je Sjanet Wijnia fuort sette mei 4 punten. Dus twa kear ien puntsje en ien kear twa puntsjes. Ik soe sizze stopje der mei of sykje minsken dy’t der wol doel oer hawwe. Moai putsje foar Feikje Toering soe ik sa sizze. Hja hat sels ek keatst dus dat moat net sa muoilik wêze om ta in goeie kommisje te kommen dy’t der echt doel oer hat…as dat net slagget…dan gewoan in kras der troch. Want sa’n beslut docht sear oan de eagen en je sette keatssters foar peal.

Dat lêste slut moai oan op de kar fan de kening op de ferneamde Van Aismadei. Partoer Menno van Zwieten wûn foar de 13de dit seizoen en Tjisse Steenstra waard foar de fjirde kear kening yn Bitgum. Moai foar Tjisse mar Menno van Zwieten wie snein de man. Hy pakte mei poerbest opslaan de oerwinning op Gert-Anne van der Bos-en-dy en yn de finale wie hy ek de grutte lieder. Tjisse Steenstra woe dat miskien ek wol mar by in 4-2 foarsprong woe hy de partij nei syn han sette mar dat gong hielendal mis. It waard gelyk en danksy de stipe fan Bauke Triemstra koe de winst binnen helle wurde en net danksy it geweldige spul fan de lettere kening. OKK soe witte moatte dat soks net goed is foar it keatsen. Ik snap it wol: Bitgum is wiis mei Tjisse…mar je kinne ek te fier gean.

Oan in oare kear!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 25, 2024 22:34
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel