Kweapraat 2024 (6)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 21, 2024 18:24

Kweapraat 2024 (6)

It keatsseizoen wurket langsam mar seker nei ien fan de hichtepunten fan it jier nammentlik de PC. Mar it is net allegear botertje tot de boom om samar te sizzen. Yn it rûziche wrâldsje wat keatsen hjit giet der de lêste tiid ek nochwol it nedige mis. Om by it keatsen te bliuwen: it reint bûtenslagen. Woansdei wie ik yn Minnertsgea en der trof ik Dirk Jan van der Woud âld-haadklasser en hjoeddedei direkteur fan it keatsbûn. Dirk-Jan is in blier man mar de lûden binne wol in stik minder lûd as it lûd dat ik yn it begjin fan it seizoen fan hearde. Ik hear it him noch sizzen by it begjin fan it keatsseizoen yn Frjentsjer. Gjin ôfsizzings mear by de trochinoarlotterspartijen sawol by de froulju as de manlju. Nee dat wie klear..hy hie se allegear oan west. Komt goed Braaksma komt goed. Omdat ik fyn dat it keatsbûn net yn syn earste leagen stikt is hie ik hjir daliks al myn twivels oer. No, lang om let haw ik yn dizze ek wer gelyk krigen. It keatsfolk hat genôch fan dit format. Allinne de lieding fan de bond mei frein DirK Jan foarop wol harren gelyk hawwe. Makket net út dat je it keatsen hjirmei de nekke omdraaie.

Geweldige ferienings sa as Moarre-Ljussens, Paesens en no wer Makkum binne moai de lul troch it domme mispleatste gerdach fan de lieding fan de keatsbûn. Yn Makkum stienen sneon 12 partoeren op de list. Werom tolve partoeren…no foar de wedstriid yn Paesens wêr’t de earsteklassers foar best opslaan moasten hienen harren mar in handsje fol opjûn. Dus sis ik dan spitich dan hawwe dizze mannen in frije dei. Nee, sizzen Coos en Dirk Jan c.s. dat dogge wy moai net. Wy sette dizze net haadklasse weardige keatsers doch op de list fan Makkum. Dat is net de bedoeling as je prate oer haad- en earste klas partijen. Ik tink dat Dirk-Jan moard en brân raast hie as hy no noch keatser west hie. Dan wutdt der sein: yn goed oerlis mei Makkum, Paesens en Penjum want de lêste twa seagen harren wedstriid fan de aginda helle wurde. Altyd mar roppe: wy dogge dit yn it belang fan it keatsen. Sil my benije hoelang dat noch rôpt wurde sil!

De bond soe dochs witte moatte en kinne dat der op de frije formaasje partijen noait in tekoart is…of is dat noch net genôch?

Mar de lieding fan de bond is neat te gek. Yn Ljouwert hearde ik en nim fan my mar oan dat dit de wierheid is dat freon Dirk Jan op besite west is by LKC Sonnenborgh mei de fraach: oft hja bereid wienen om de snein fan de Aldehoupartij yn te leverjen woenen foar de sneon. Werom tinke je dan? No, by it optekenjen flucht de kalt hast fan de tosken, dan hie de kippetjespartij yn Winsum de hannen frij. Dan falle je dochs stil…hokker onbenul kin soks betinke. In sierraard as de Aledhoupartij dy’t plak meitsje moat foar kommersjeel product as de kippetjes partij.  Sjoch as je soks te hearren krije falt alles noch mei. Foar straf mar efkes mei de hiele ploech in wike de foarstrjitte skrobje.

Fansels ek noch in pear wurden oer de Rengersdei. It waar foel ta. It oantal taskôgers net en it keatsen…no it wie betiid dien. Dat wol faak wol wat sizze. Ien grutte útblinker en foar ito are foel it krapoan tsien dagen foar de PC net mei. It partoer fan Gert-Anne van der Bos…wie der wol mar die fierder alles ferkeard wat ferkeard gean koe. Hiel gauw erom nei de teken tafel. Ferlieze kin..mar fan twa man. Dat bliuwt yn myn eagen in grutte keunst.

Marten Bergsma-en-dy dienen it net folle better. As deade fûgelstje stie dit baas partoer op it fjild. O, o wat wurdt Dylan Drent mist. It sit de Harnzer ek net mei..wer it skouder út de kom. Om gek fan te wurden.

Nee, dat haw ik genoaten fan Patrick Scheepstra, yn 2015, noch winner fan de Rengers. Mei in opbloeide Taeke Triemstra keatsten se in moaie partij mei nocht en wille. Dat lêste miste ik bygelyks by Gert-Anne-en-dy en by Marten Bergsma-en-dy. Beide partoeren sille net ien mar wol trije toskjes by sette moatte oars sitte se om moarns alve oere al oan de kofje op de PC dei.

Oant in oare kear.          

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 21, 2024 18:24
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel