Kweapraat 2024 (3)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 16, 2024 19:33

Kweapraat 2024 (3)

Yn Sint Jabik hinget no eltsenien oan de line om te droegen. It wie bytiden bistewaar. Ja, it hâldt dit jier mei it waar mar net op. Yn Menaam gong it rûch, yn Stiens wie it bere kâlt en snien yn Sint Jabik raasde it waar ek wer oan de protters. Mar goed oan de ein fan diize misse dei wie der winst foar de jonge mannen Steven Koster, Gerben de Boer en Rick Minnesma. Yn Stiens hienen se al sjen litten dat der rekken mei harren hâlde wurde moast en yn Sint Jabik wie it rekke. Koster sloech sterk op en syn maten yn é krite makken in bytse flaters. Dat wie te folle foar it favoriete partoer fan Marten Bergsma, Jorn Lars van Beem en Hendrik Kootstra. Na spul gelyk wie it samar dien mei de keapman. De striid tusken de toppartoeren fan Menno van Zwieten en Marten Bergsma wie tige spannend mar die sear oan de wiete eagen. Fansels it wie bar en boos op it fjild mar 26 bûtenslagen fyn ik sels mei dit waar fierstente folle. 26 bûtenslagen is goed foar 52 punten oftewol 6,5 boardsje fan de alve te ferspieljen earsten. Tel ik de fjouwer kweaslagen der noch by op dan kom ik op 60 negatieve punten.

Yn Sint Jabik waard nei de striid om de preemje of neat ek dúdlik dat de Oranje Brigade efkes in stapke werom dwaan moat. Ek yn Sint Jabik bliuw de formaasje bûten de punten en dat betsjut dat de mannen no in wiekein útkomme moatte by de mannen fan de earste klasse. Dat is spitich foar harren mar it siet der oan te kommen. Opslager Gert-Anne van der Bos is noch mar krekt dwaande op it fjild en moat noch wat tiid hawwe om konstant te wurden. Tiid dy’t feitlik noait is. Foarynse Taeke is altyd in sân mar dat telt no efkes net. Erwin Zijlstra is in slow-starter mar liet yn Sint Jabik sjen der oan te kommen. Is it in ramp…nee. Mannen as Renze Hiemstra en Hans Wassenaar moasten bytiden ek in stapke werom dwaan en jimme witte hoe’t dat letter hiel goed kommen is. Gewoan ritme opdwaan en dan troch batse yn it wiekein nei Berltsum.

Yn Harns wie it de ôfrûne wike wer Lanenkeatsen. Al 75 jier slaat Harns hjir yn foarbest op en dizze wike wie net oars. Wa’t fan it spultsje hâldt giet nei Harns. Der wurdt der noch keatst sa’t it keatsen ea bedoeld is. Komt noch by dat de leafhawwer de wei nei Harns noch altyd goed fine kin. Die Harns der ea fjouwer dagen oer no waard der ek keatst op de sneon en dat wie in boppeslach. Ik rûn de útslagen efkes troch en seach dat der dochs noch fiif Harnsers wienen dy’t mei de priis nei hûs gongen. By it keatsen op de Lanen waard ek wer dúdlik dat it je wol lizze moat keatse tusken de rijen taskôgers. In oantal keatsers is it keatsen op de strjitte op it liif skreaun. Nim bygelyks Allard Hoekstra. Dat hy net wûn kin gebeure. Ik prate efkes mei de dûbbel winner Rick Minnesma. Hy fûn it prachtich en komt yn 2025 graach werom nei Harns.

It is net alline it keatsen op de Lanen dat leuk is en de minsken efter it barren dogge it geweldich. Hja binne osa mei alle saken dwaande. Eltse jûn waarden de útslagen fan alle wedstriden kreas op harren site setten. Dat jout bining nei de leafhawwer. Faaks wurdt der fermeld dat der earne keatsen is mar de útslach…no der komme je faaks net iens achter. Der wol it gros fan de bestjoeren harren faaks net mear drok om meitsje. Efkes in beltsje nei Outhuijse en syn mannen…dy witte wol hoe’t it moat.

Ja, dan moat ik noch efkes wat rjocht sette. De keatsferiening yn Paesens hjit Thomas Prins en net Klaas Thomas. Der wie ik mis mei…it kin de master misse. Wat ik ek noch fergeat te sizzen is it feit dat de belangstelling foar sokke partijen hieltyd mear ôfnimt en dat sels de Ljouwerter der gjin romte mear foar oer hat om it wedstriid ferrin noch op te tekenjen. It kalk spat my by soks fan de tosken…Dirk Jan lês it stikje fan Moarre…se skriuwe dat it harren spyt dat der mar sa’n bytsje partoeren wienen op harren partij…se binne gewoan te fatsoenlik om ito ars op te skriuwen. Mar ik wit dat se djip rekke binne dat der sa mei harren partijen omsprongen wurdt.

Oant in oare kear!              

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 16, 2024 19:33
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel
  • Jasper

    Jasper

    Dat het verslag "drupt" van voorkeur door de verslaggever is wel duidelijk! Oranje brigade dit en oranje brigade dat! Objectief…

    Bekijk Artikel
  • JN

    JN

    Prijswinnaars kunnen een foto bestellen via jgbuitenga@gmail.com

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel