Kweapraat 2023 (19)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 17, 2023 21:05

Kweapraat 2023 (19)

It keatsseizoen 2023 sit er wer op en mei de lêste slach op de ferneamde Aldehou partij begjint dan ek altyd it neipraten oer it seizoen. Wie it in goed seizoen of foel it bot tsjin. Wat gong der mis en hoe soe it better moatte. Op Sonnenborgh hie ik it der oer mei foarman Coos Veltman en bûnsbestjoerder Durk Kuperus. Beide binne fan ‘goede wil’ mar beide sjogge ek dat der noch in wrâld te dwaan is. De wei is lang sei Coos mar hy liuwt der yn. Dat selfde is de toan fan Durk. Ik tink dat beide mannen te leaf binne om de trein wer op it spoar te krijen. Ik haw sterk de yndruk dat der te folle om harren hinne giet en dat se bytiden skrikke wat ik oan harren foar lis. Blykber is it te folle fan horen, zien en zwijgen. Myn trije stienen aapkes witte der alles fan.

Nim no it lotsjen fan de Aldehou partij foar de froulju. Mei pine en muoite stienen der 24 froulju op de oanjefte. Krekt genôch foar acht partoerkes. Ik seach de lotting moarns foarby kommen en seach dat de grutte tenoaren fan it frouljuskeatsen út elkoar lotte wienen. Dat kin altyd fansels mar doe’t ik moarns yn Ljouwert it fjild op kaam waard ik oansprutsen troch ien dy’t by it lotsjen west wie. Ik fyn dat moai dat de leafhawwer dat docht. It is in grut rjocht om dat fan tichte by te meitsjen. Besjut ek dat je dan mei eigen eachen sjen kinne hoe’t der lotte wurdt en as soks wol folgens de regels giet. Eigen waarnimming: der giet it om. No, folgens dizze leafhawwer wienen de froulju Ilse Tuinenga, Annet de Haan, Louise Krol, Anne monfils en Marrit Zeinstra wer útset. Dat soe net mear …mar blykber is it ûnthald fan hja dy’t soks dwaan moatte net langer as in dei of miskien noch minder. Want it mei net en it stiet ek nearne.

Ik hie it der oar mei Durk Kuperus en Durk liet my witte dat soks ek net mocht. Hy snapte ek net werom freon Willem dat dochs dien hat…Dat sil wol mar soks raast dochs oan de protters. Ik neam soks gewoan knoeie en der is Willem net foar ynhiert. Sa krijt it lotsjen in minne namme en krije je praterij terjochte of net. Ik haw sels mei Tetman jierren de lottings dien en sjoemelje wie der net by want dan wie ik daliks opstapt. It lot moat it lot wêze en moat net in hantsje holpen wurde troch ien fan de bond. It is trouwens net de earste kear dat ik it sterke fermoeden hat dat der sjoemele wurdt op de burelen fan de Keninklike Bond. As de oanjeftes tiisdeis sluten binne dan meitsje ik der altyd in útdraai fan en as ik dan letter nei de lottings sjoch dat komt it foar dat de oantallen faak net mear kloppe mei de oanjeftes. Dat ‘schuurt’ liet in leafhawwer mei yn Ljouwert witte. Soms stiet der in winner op dy’t net iens op de list stie…dat kin dochs net as je de lottings serieus nimme. Moai putsje foar harren dy’t miene der doel oer te hawwen. Der is tiid genôch om der wat oan te dwaan.

Yn Ljouwert wie snein ek it ôfskie fan Hendrik Sweering. Nei 25 jier hâldt hy it foar sjoen. Dat is fansels syn eigen kar mar it is dea sunde dat Hendrik ophâldt. Hy wie ien fan de allerbêste skeidsen fan de ôfrûne jierren. Ik wit noch dat Hendrik wol mear wedstriden dwaan woe dy’t der wat ta dienen mar de bond woe net mei yn dat trajekt. De reden: eltsenien moast in bytsje oan bod komme. Goed as net goed as strie min…dat makket dan naet út. Ik seach yn it blauwe boekje fan it oantal jierren werom en hoe’t it doe en no is oangeande de skeidsen. No, ien ding is dúdlik it rammelt oan alle kanten. De measte mannen binne al op leaftiid en troch de leaftiid fan 57 jier yn’e ban te dwaan kin de bond noch werom falle op mannen as Fokke van der Veen, Sipke Hiemstra en Lolke Bierma. Dat kin nea de bedoeling west hawwe fan de bond. It bliuwt dweilen mei de kraan iepen. We nimme it mei…fansels we nimme it mei. As je der gjin doel oer hawwe dan roppe je: we nimme it mei. 

Op de Aldehou 2023 wie der it ôfskie fan mar leafst 7 froulju en fjouwer manlju. Om by de froulju te begjinnen…it binne net de minste froulju dy’t it sinkende skip ferlitte. In lytse 1000 punten yn it klassemint alle tiden hat it keatsen de rêch takeart. Freeslik spitich fansels mar it is foar 80 prosint de skuld fan in keatsbûn dy’t ropt dat de keatser sintraal stiet mar der net nei handelt. Der is te min kennis fan saken en as dy der net is sil dy der ek nea mear komme. Ik tink dan…se komme der yn 2024 wol efter mar dan is it te let. Eigen skuld dikke bult. 

By de manlju is it ferrin wat minder mar hjir giet e krom 900 punten ferlern. Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hienen noch lang meikinnen mar se litten e kit sinkende skip efter harren. De Aldehou hat sjen litten dat soks dea sunde is. De laefhawwer mei bliid wêze dat mannen as Gert-Anne, Taeke en Hendrik noch in tydsje troch gean want oars soe it ferfal wol gigantysk wêze. Mar ik net dat der ien bobo fan wekker lizze sil. As de reiskes nei it bûtenlân mar bestean bliuwe dan is it goed. 

Oant in oare kear.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 17, 2023 21:05
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel