Klaas Cuperus 1944-2023
Gerelateerde Artikelen
Klaas Cuperus, de Ids fan Frjentsjer, is net mear. Ik skrok doe’t ik de advertinsje fan syn ferstjerren yn de Ljouwerter lies. Koartlyn seach ik him noch troch de stêd riden op syn scoot mobiel. Faak trof ik Klaas by Poeisz of by it Sjûkelân en dan hienen wy it der efkes oer. Oer it spultsje dat ús beide bûn. Ik koe Klaas al hast myn hiele libben. Klaas keatste net lang yn de rijen fan de earste klasse no haadklasse. Klaas keatste mar koart. Fan 1962 oan te mei 1967 en doe wie it feitlik al dien. In ôfskuorde spier yn it skouder swoarge der foar dat Klaas betiid stopje moast. Klaas kaam ta 22 finales werfan hy der 8 wûn. Boppedat behelle hy noch 18 lytse preemjes. Op ‘e PC koe Klaas ek aardich út de fuotten. Yn 1963 en 1967 wûn hy in lytse preemje en op ‘e PC fan 1964 wie der sels in preemje. Tsjin Rienk de Groot, Sjoerd Heeringa en Johan Halbesma koe hy it mei Gerrit Okkinga en Sikke Sikkema net oprêde. It wie it selfde jier dat hy mei Wijtse Vlietstra en Sikke Sikkema twadde waard op de jierlikse bûnspartij.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie