Kweapraat 2023(13)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 23, 2023 22:15

Kweapraat 2023(13)

Gelokkich, gelokkich it rekord fan Piet Jetze Faber fan it yvich keatsklassemint alle tiden is ferbettere troch Taeke Triemstra dy’t der al syn hiele keatslibben jacht op makket. It siet der al in tydsje oan te kommen mar dan is it moai dat it slagge is op in keatspartij dy’t der ta docht. Gong it yn Minnertsgea noch mis yn Ljouwert op in kalt en reinich Sonnenborgh koe de flagge út de kast helle wurde. Yn in prachtige partij waard it lêste punt pakt en troch de winst fan de preemje hat Taeke Triemstra fan Sint Jabik no it ryk allinne. Op pubilkaasjes waard al sprutsen fan de bêste keatser ea mar dat is appels mei paren fergelykje. Wy witte ommers net wat de grutte tenoaren fan eartiids net allegear koenen. Nee, Taeke is de meast suksesfolste keatser fan dizze tiid. It is in prestaasje om stil fan te wêzen en op it stuit dat ik dit stikje tik sit Taeke mei syn leafsten op in boerenwein yn Sint Jabik. Rekkenje der mar op dat de strjitten fol rinne mei blide Sintjabuurtsters. Harren Taeke stiet no earste yn it klassemint alle tiden. It moat al raar rinne dat hy de earste keatser net wurdt dy’t oer de grins fan 900 punten giet. Ik wit it noch net seker mar ik hoopje fansels dat Taeke ek yn 2024 op de Fryske keatsfjilden te sjen is. Mei syn trouwe maat Gert-Anne en Erwin Zijlstra falt der noch genôch te winnen. De tiid sil it learde. Moai ek dat heit Reinder krekt op ‘e tiid werom wie út Leiden om it mei te meitsjen.

Moai wie ek fansels dat it bestjoer fan LKC keazen hie om de striid tusken Van der Bos-en-dy en it partoer fan Van Zwieten-en-dy yn in fierder leech Sonnenborgh ferkeatste te litten. Dat lit sjen dat de âld-keatsers Van Tuinen en Nijman respekt en doel oer it spultsje hawwe. Klasse neam ik dat!

Spitich wie dat de skeids fan snein der net altyd goed by wie. Der giet te folle lâns him hinne. Je kinne en hoege net alles te sjen mar je moatte dochs oanfiele dat je net alles op ôfstan besjen moatte en kinne. By in bútenslach nam hy in korrekte beslissing om de slach oer te nimmen mar hy liet ta dat de punten net by it goeie partoer kaam omdat de efterynse in dúdlik slaande beweging makke hoewol de bal út jun waard. Dat sette kwea bloed by de Van der Bos-en-dy en se hienen grut gelyk. It is net de earste kear want yn 2022 wie der in selfde gefal werby partoer Van der Bos ek by belutsen wie. Skeids is hjoeddedei net mear in earebaantsje lit dat dúdlik wêze. Der is mar ien Hendrik Sweering dat wit ik wol mar…ik ferwachtsje fan de oaren wol wat mear!

De oerwinning gong nei partoer Steenstra mei Hiemstra en Wassenaar. Foar Hiemstra en Steenstra wie it alwer de tredde winst op de Rengersdei en foar Steenstra it tredde keningskip. Foar Hiemstra is it de lêste winst op de Rengers want hy fynt it moai west nei safolle jieren yn it spier west te hawwen. Der geane geroften dat maat Hans Wassenaar der ek in punt efter set mar dat is noch net wis. Ofwachtsje mar!

Ofrûne moandei wie ik mei fotograaf Henk Bootsma noch efkes te gast op de Makkumer Merke om in pear plaatsjes te meitsjen fan keatsers. Ik hie noch net in foet op it fjild setten doe wist en hearde ik al wat it bestjoer fan Makkum op de grutte sneonspartij foar sawol de froulju as manlju rekke hie. Siepie Attema, âld-keatser en no dielt foarsitter mei ek âld-keatser Geert Wijma, wie der slim oer rekke dat it winnende partoer by de froujlu haadsklasse de krânsen by it ferlitten fan it fjild fuort smiten hienen. It grapke kost der feriening grauw jild en dan sjogge je der letter bern mei fuort rinnen. Dat dogge je dus net. Nim de krânse dan mei nei hûs en smiet him dan mar yn de kliko as je der neat mear mei hawwe mar dat dogge je net op ‘e wize sa bart is yn Makkum. Tijd heelt alle wonden soe mem wol sizze mar ik tink dat it de Makkumers hiel heech sit. It werom sille wy wol nea witte!   

Oant in oare kear!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 23, 2023 22:15
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel