Kweapraat 2023 (11)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 9, 2023 23:02

Kweapraat 2023 (11)

Yn de heechsimmer fan it keatsen foel it my op dat de bond dizze wike foar de safolste kear gierend út de bogt flein is. Ik hear it de leafhawwer alwer sizzen: “Wat no wer? No, it giet no oer it feit dat der foar de osa ferneamde keats-off noch mar trije wedstriden binne foar de manlju earste en twadde klasse om harren posysje yn de ranking noch wat omheech te triuwen. Hoe’t dat kin: no omdat keatsferiening Klaas Mug fan Rie dit jier 125 jier bestiet mochten de Riesters wer ris harren ferneamde ôfdielingswedstrijd organisseare. Dat hawwe se jierren en jierren dien mar omdat de ranking it speeltje is fan de keatsbûn moast Rie in oantal jierren tebek belies jaan en waard KV Klaas Mug ek opnommen yn de ranking wedstriden. Mar dit jier hoechde dat net omdat Rie wat te fieren hie.

Moai foar Rie fansels mar in ramp foar de earste en twaddeklassers dy’t noch tochten dat hja noch in kâns mear hienen om heecher yn de ranking te kommen de kommende wiken. Mar moai net. Kommende snein kinne se allinne noch terjochte yn De Ryp en Hijum en de wike dernei stiet in partij yn Stiens op it programma foar sawol de earste as twaddeklassers. Omdat de wedstriid yn Stiens ‘onbeperkt ‘is kinne de wat mindere partoeren troch dizze wedstriid op foarhan wol in kras sette. Dat is lekker. It fjild dat op ‘e PC útkomme moat kreaket no al oan alle kanten…dit kin der ek noch wol by. Ek nei de wedstriid yn Boalsert is ien ding dúdlik…it keatsfjild is tin…hiel tin. Fjouwer partoer meitsje de tsjint út en net ien mear. Dat bygelyks it partoer fan Jehannes van der Veen yn Menaam wûn wie mear gelok as wiisheid. Se wienen hjoed yn Boalsert der wol mar dat wie it dan ek mar dat jildt foar seis fan de tsien partoer.  Dat de oare ‘haadklasse’partoeren ris yn ‘e prizen falle hat neat te krijen mei keats kunde mar folle mear mei gelok.

Dat in minske sûnder gelok ek net winne kin die mar wer blyken op de haadklassepartij yn Boalsert. Partoer Van der Bos koe it op 5-2 en 6-0 net ferlieze mar doe woe opslager Gert-Anne it mei in geweldige sitbal útmeitsje. Ik wit wol dat kin hy as de bêste mar no gong it mis…net ien kear mar njoggen kear yn it lêste part fan de partij. Dat mei sa’n geweldenaar net oerkomme. Yn it nei petear hearde ik coach Peter Tolsma opmerken dat se net foar de liefdadigheid nei Boalsert kommen wienen. Kwart sein: Gert-Anne hie efkes earder doe’t it efkes jekke op ‘e stuit de bal oerjaan moatten oan Erwin dy’t de hiele dei hiel best keatste sawol op en út. Ik hearde dat oan en tocht: de mannen keatse hast tûzend jier myn syn twaan en dan geane se toch noch de bietenbult op. Unbegrypelik! Mar goed der sieten Marten-en-dy net mei fansels. Winne is winne. De wize werop wit net ien mear as it in pear wike fierder is.

De PC wol graach dat der op’e PC wer in kontrôle op de moffen is. Ja, fansels de PC kin wol mear wolle mar de mannen fan de PC witte ek dat soks neat úthellet omdat de kommisje gjin foech hat om wat dan ek te dwaan. It hellet neat út. De keatsers kinne ommers dwaan en litte wat se wolle. Der is net ien dy’t harren in ‘striebreed’ yn de wei leit. Se binne sa frij as God yn Frankryk. Dus rjuachte PC…begjin der net oan want it hellet neat út.

Yn Balk keatsten snein de froulju haad-en earste klasse op in trochinoarlotterswedstriid. 35 froulju stienen op ‘e listen. Dat hâldt net oer hearde ik yn Boalsert…ja wat de leafhawwer miskien gewoan wie in pear tebek. Mar ik fûn it nochal meifallen. As der mar 42 froulju binne dy’t harren foar de rankings wedstriden opjûn hawwe dan is 35 in moai oantal. Dat der dan noch tolve keatssters úthelle wurde foar in saneamde haadklasse partij…ja dat docht sear oan de eagen en jout oan dat it hast dien is mei it frouljus keatsen op nivo. Je kinne ek stelle dat it trochinoarlotsjen mei in rotgang nei de útgong dendert. Der sit neat mear tusken haad-en earste klasse as by sokke partijen de grutte tenoaren ek net mear mei dogge. It binne dochs de ‘smaakmakers’ fan it frouljuskeatsen.

Yn Balk wie de oplossing west om alles yn ien grutte pot te smiten en dan lekker keatse. It kost de feriening de wrâld oan karmasters en prizen. Want by de froulju earste klas moat ek altyd noch in ferliezers ronde spile wurde en der moatte ek wer prizen foar komme. En mar please…en mar please. Der of is der of! Sjoch nei de trials yn Amerika….dy wienen dizze foar de wrâldkampieonskippen atletyk kommende augustus yn Boedapest. As je net by de earste trije komme is it spitich oare kear better. Gjin geseur of herkansing! Ik bin der in grut foarstanner fan. Der of is der of! Oare wike mar wer besykje. Soe ek by it keatsen moatte.

Oant in oare kear!

 

 

 

 

              

 

 

   

      

 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 9, 2023 23:02
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel