Kweapraat 2023 (10)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 2, 2023 20:32

Kweapraat 2023 (10)

Doe’t ik sneintemoarn yn Harns it fjild op kaam hearde ik it al fan ferskatte kanten. Der is yn de kantine kontrôle fan de keatsmof. Coos hat dus toch wurd halden tocht ik. Hie minder kinnen mar dan hearre je al rillegau dat de keatsers der yn it foar berjocht fan kriegen hawwe fia in mail fan de keatsbûn. It wie net mei safolle wurden sein mar in blyn hynder koe wol snappe dat de ljochten op read stienen. Mar ja dan komt al rillegau de aap út de mouwe. Bang wêze foar je eigen skaad it moat net gekker wurde. De kommisje is oan hannen en fuotten bûn…ien fan de leden fan de kommisje liet oan ús witte dat der moffen binne dy’t te hurd binne mar yn it reglemint fan de bond stiet der neat oer yn. By in oantal moffen kinne je mei dat slachwapen wol in bolle dea slaan mar nearne stiet werom dat net mei.

Boppedat is de bond bang foar kalt wetter nei de grap mei Laas Pieter van Straten fan in pear jier ferlyn doe’t de keatser as in gangster fan it fjild helle waard om syn mof yn te leverjen. Der wie de kommisje swier oer rekke en blykber is dat noch altyd net oer. Gjin inkele bond hat sa’n wiidweidich reglemint as de keatsbûn mar as it om saken giet wêr’t om giet dan stiet der neat yn. Dus it folkje dat de saak noch altyd besodemieterd hat neat fan de papieren tiger fan de bond te vrezen want de mannen fan de kommisje dy’t oer de moffen gean binne mei hannen en fuotten bûn. Se meie niks en se kinne niks en de knoeiers hawwe noch altyd frij spul. Moai wurk bûnsburo en beliedmakkers fan ús keninklike bond.

It soe aardich wêze as der stappen set wurde want it keatsen kreaket oan alle kanten en foar harren dy’t krekt dogge as soe der neat oan de hân wêze meie de eagen wolris iepen dwaan.

Ik bin realist en sjoch dan der der mar 12 partoerkes meidien hawwe oan de Jong Famme Partij werfan ek noch twa fan De Ryp. It hâldt dus net oer. Ek by dizze kategory! Yn Stiens stienen snein noch seis haadklasse partoeren op de list. Geweldich toch! Earst út gean fan tel uit je winst 4 en dan dochs noch der seis fan meitsje. Smiet dochs alles by elkoar en set de ranking by it grut ôffal. Dat dat noch altyd net bard is raast oan de protters en seit alles oer it keatsferstân by ús bestjoerders. It binne allegear lege hulzen.

Sjoch it kin net eltse sneon of snein feest wêze mar it keatsen yn Harns die sear oan de eagen. It wienen net allinne de mindere partoeren dy’t der neat fan bakten mar ek ferskatte grutte tenoaren keatsten as hienen se noch nea in bal oanrekke. It is dat de musyk aardich is anders hat ik allang de warmte opsocht sei in ouwe seun tsjin my en hy hie gelyk. 

Fansels it kin aardich waaie yn it Amsterdam fan it Noarden mar de measten traine harren dochs in slach yn de rûnte mar ik kin it net sjen. It reinde yn Harns bûtenslagen om mar te sweien oer de kweaslagen. De boppeslagen wienen op de fingers fan ien han te tellen…wienen de slachwapens thús litten omdat de measten bang wienen foar de moffen kontrôle. It soe samar sa kinne. Selden gong in bal oer it kleedsje…ik telde de wrâld oan ôfswaaiers…alles rjochting de Spiker.

Oant in oare kear!

      

              

 

 

 

   

      

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 2, 2023 20:32
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel