Hans Wassenaar hâldt op mei keatsen

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 25, 2023 22:24

Hans Wassenaar hâldt op mei keatsen

Hans Wassenaar hâldt nei dit seizoen op as haadklasse keatser.  Dat is tiisdeitejûn bekind wurden.

De 32-jierrige achterynse hie al ris trochskjimerje litten dat dit seizoen syn lêste wêze soe, mar oan’t no ta hie hy dêr noch gjin dúdlikheid oer jûn.

Wassenaar hat alle grutte partijen op syn namme skreaun. Mei winst op de Freule Partij, De Jong Nederland Partij, de Bûnspartij en de PC (trije kear) is hy in it besit fan it saneamde klaverke fjouwer.

Foar Tjisse Steenstra betsjut it ophâlden fan Wassenaar dat hy foar kommend seizoen sûnder maten kaam te sitten.

De tredde man fan it partoer, de 38-jierrige Renze Hiemstra, hat yn in earder stadium al oanjûn dat dit syn lêste seizoen op it heechste nivo is.

Steenstra hat ûndertusken foar kommend seizoen al wer twa nije maten fûn. Hy sil keatse mei opslagger Menno van Zwieten en foarynse Gabe Jan van Popta.  Steenstra sil sels it plak yn it achterperk ynnimme.

Ien en oar betsjut dat Pieter Jan Leijenaar no sûnder maten sit. It is noch net bekind mei wa’t  de achterynse út Eksmoarre fierder keatse sil.

Taeke Triemstra hat noch gjin beslút naam oer ophâlden of troch gean. De nije klassemintslieder liet tiisdeitejûn witte dat de kâns dat hy troch griet, grutter is as de kâns dat hy ophâldt. Triemstra makket yn it wykein syn beslissing bekind. (Bron: Omrop Fryslân Geert van Tuinen).

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 25, 2023 22:24
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel