Freerk Haanstra 1936-2021
Gerelateerde Artikelen
Snein 31 jannewaris kaam der in ein oan it libben fan Freerk Haanstra fan Boalsert. Freerk mocht krekt gjin 85 jier wurde. Yn juny 2017 wie ik te gast by Freerk en Betty. De oanlieding wie de preemje dy’t Freerk yn 1959 op de PC wûn hie. It wie in noflik petear dat tsjin tolve oere nachts syn beslach kriege. No by it ferstjerren fan dizze ‘gentleman’fan it keatsfjild noch ien kear it petear dat ik doe mei Freerk Haanstra hie.
Freerk Haanstra woe syn wurd net brekke
Freerk Haanstra, berne yn 1936, keatste fan 1956 oant en mei 1963. Hat altyd reserve-earsteklasser west op eigen oantrunen. Keatse sân kear op ‘e PC. Wie sawol op de earste as twadde klasse aktyf en pakte 42 punten yn de hjoeddeiske haadklasse en 72 punten yn de twadde klasse. Wûn yn 1959 de preemje op de PC mei Pier Koopmans fan Weidum en Dreeuwes Smedinga fan Harns.
Yn Boalsert op de Gleibakkerij 7-D skik ik oan by Freerk Haanstra. De keatskarrière fan Haanstra wie mar koart mar dat hie foaral te krijen mei syn stúdzje foar toskedokter. Dat betsjutte ek dat Haanstra noait earsteklasser wurde woe, want dan moast hy elts wykein opdrave en dat woe hy net. Hy woe frij bliuwe yn syn dwaan en litten. Freerk Haanstra, dy’t op de keatsfjilden troch it libben gong as Fré, wie in betûfte efterynse dy’t hiel aardich meikomme koe. Hy wie net de man fan it slaan op de boppe. Keatsen meitsje en it ôfmeitsje litte troch de opslager.
‘Sa ha ik altyd keatst en it hat my genôch prizen brocht. Mei boppeslaan winne je net de partij en dat wie doe sa en dat is noch altyd sa. Ik bin dan ek poer tsjin de hjoeddeiske mof mei dy, yn myn eagen te grutte nap. Der is gjin tuskenspul mear. It is ek ien fan de redenen dat ik net mear op de fjilden kom.’
De toan fan it petear is setten. ‘Fansels, je meie de tiid fan no net fergelykje mei de tiid dat ik keatste mar ik bliuw derby dat der doe folle mear oerlis wie tusken de maten. Doe hiest ek aparte kwartsjes mar dochs. Nim bygelyks Anne Broersma fan Littens. Ik keatste leaver tsjin him as dat ik mei him keatste…
Jo meitsje jo début op ‘e PC fan 1956
‘Ja en nee. Miskien witte jo dat net mar ik stie al op Sjûkelân yn 1953. Dat wie sa. By it hûndertjierrich bestean mochten wy opdrave foar it begjin fan de finale. Twa partoer fan jonges mei ûnder oaren Henk Seerden fan Frjentsjer. Wy dienen twa spul út.’
Op de PC fan 1956 keatsten jo mei Jolt Oostra en Brand Postma. Jimme hienen in swier lot en moasten daliks tsjin it partoer dat de PC winne soe. Sneue bak fansels.
‘Och, dat foel wol ta. Wy ha wol wat kânskes hân mar Jolt wie te ûnwis en wy wienen noch mar broekjes fansels. Ik leau dat wy trije earsten hân ha. Mar dat ik sawiesa op ‘e PC fan 1956 keatste wie al bysûnder want salang keatste ik noch net.
Ik hie namme makke
It is op de sneinspartij fan Boalsert yn 1956 en ik stean net iens op ‘e list. Ik rin tusken de leafhawwers as de foarsitter fan doe, Rinze van der Zee, my oansprekt of better sein: hy liet omroppe at ik wol efkes by de tinte komme woe. Ik reagearre der earst net op, mar doe’t it wer omroppen waard, bin ik der mar efkes hinne gien. Wat wie it gefal: Hiele de Haan, de maat fan Roel Hoekstra en Aebe Haima wie opnommen en hja sieten omheech foar in tredde maat. As ik wol ynfalle woe. Ik tocht: ik moat balkeare mar dat woenen de mannen net. Do mar efteryn en miskien ha ik ek noch wol foar minst opslein mar dat wie net myn favorite stek. Efteryn en op ‘e boppe dat wie myn plakje. Mar goed, it gong sa goed dat wy pakke de lytse preemje. It wie it begjin fan myn krewearjen op de keatsfjilden. Ik hie namme makke.’
Yn 1957 wurdt de PC wûn troch Jan Sijtsma, Albert Rinia en Sake Faber, mar dêr hienen jo ek stean kinnen.
Ik woe myn wurd net brekke
‘Ja, jo ha gelyk. It wie nammentlik sa dat Albert Rinia my frege hie om mei Jan en Albert de PC te keatsen. Ik ha dat doe ôfsein omdat ik steld wie mei Jolt Oostra en Brand Postma. Ik woe myn wurd net brekke. Letter doe’t hja mei Faber de PC wûn hienen, ha ik der noch wolris wekker fan lein. Spyt is miskien in te grut wurd mar…dochs it hie ek myn PC wêze kinnen. Mar sa siet ik no ien kear yn elkoar. Je jouwe je wurd en dan moatte je it net ferbrekke…’
Mar op de PC fan 1959 is it dan dochs raak. Jo keatse dat jier mei Pier Koopmans en Dreeuwes Smedinga. Gjin Jan Galema mear. Hoe siet dat?
‘Sjoch, Jan Galema wie earsteklasser wurden en sa’t ik al sei dat woe ik net. Dan moast ik altyd opdrave en dat woe ik net en dat koe ik ek net troch myn stúdzje. Dus kamen wy út by Pier Koopmans fan Weidum.’
Hotze wie de earste dy’t my lokwinske: Gefelisiteerd seun!
‘Mar goed, keatse yn de finale fan de PC fan 1959, ja, wa hie dat ferwachte? Wy hienen as ik it noch goed ha nûmer njoggen en moasten de earste omloop tsjin Cees Wiersma, Herman Zijlstra en Sake Faber. Twa twaddeklas partoeren mar wy wienen gewoan te goed foar harren. (5-1 en 6-0). Yn de twadde omloop waard it gâns dreger want doe kamen wy tsjinoer it kânspartoer fan Jan Sijtsma, Hotze Schuil en Wijtse Vlietstra. Mannen tochten it wol op te rêden mar wy kamen samar mei trije earsten foar. Dreeuwes mocht graach tsjin Hotze keatse, dat helle it bêste yn him nei boppen. Mannen kamen wol werom nei 4 om 3 mar Jan Sijtsma holp ús in bytsje troch in pear bûten te slaan. Op 5-4 en 6-6, as Hotze de opslach fan Jan oernommen hat, slacht Dreeuwes de bal oer de boppe. Hotze wie de earste dy’t my lokwinske: Gefelisiteerd seun! Ja, soks ferjitte je nea wer. De heale finale tsjin de ‘jonkies’ Gerrit Okkinga, Bennie van Dijk en Johan Halbesma waard pas beslikke op 5-4 en 6-6 mei in misser fan Okkinga.’
Ja, doe de finale tsjin Meindert van der Weerd, Albert Rinia en Rinnie Kuiper. In twatal, omdat Van der Weerd net opslaan koe troch in trochsleine han. Dochs gongen jimme de bitebult op.
‘Jo ha gelyk, mar it net opslaan fan Meindert wie in grut neidiel foar ús. Wy hienen folle leaver hân dat Meindert wol opslein hie want dan hienen wy folle mear kâns hân om de partij te winnen. Sjoch, de ballen fan Rinnie gongen moai rjochtút en dêr koe ik faak wol in knappe keats fan slaan, mar de opslach fan Proppie wie gâns lestiger. Dat fleach faak alle kanten út. Boppedat as de mannen it mâle fel oanhienen dan wie der net safolle tsjinyn te bringen. Wy ha gewoan in bêste partij keatst mei mar in bytsje missers en hoewol’t wy ek net folle ballen boppe sloegen koenen wy dochs aardich bybliuwe. Nei twa spullen gelyk sakke Pier wat ôf mei syn opslach. Ik tink dat hy wurch wie fan de foargeande partijen en de Makkumers sloegen goed út en dan wist it wol. Op 5-4 en 6-4 lei der in keats en dy koe Pier net hâlde. Foar Dreeuwes wie de teloarstelling hiel grut. Gelokkich foar him hat hy de PC dêrnei noch twa kear wûn.
It ferskil siet yn de opslach. Pier hie der seis bûten en Dreeuwes fiif. Sa gek wie dat net. Rinnie hie der fiif en Proppie twa. Der waard doe ek net folle boppe slein. Proppie 2 en Rinnie mar ien. Dreeuwes en ik sloegen der beide twa oerhinne. Der waard mear keatst as bliken docht út jo sifers. Ik fyn dat wol moai. It gefoel fan doe jout in minske faak gelyk.’
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie