Hans Wassenaar hâldt op mei keatsen
Related Articles
Hans Wassenaar hâldt nei dit seizoen op as haadklasse keatser. Dat is tiisdeitejûn bekind wurden.
De 32-jierrige achterynse hie al ris trochskjimerje litten dat dit seizoen syn lêste wêze soe, mar oan’t no ta hie hy dêr noch gjin dúdlikheid oer jûn.
Wassenaar hat alle grutte partijen op syn namme skreaun. Mei winst op de Freule Partij, De Jong Nederland Partij, de Bûnspartij en de PC (trije kear) is hy in it besit fan it saneamde klaverke fjouwer.
Foar Tjisse Steenstra betsjut it ophâlden fan Wassenaar dat hy foar kommend seizoen sûnder maten kaam te sitten.
De tredde man fan it partoer, de 38-jierrige Renze Hiemstra, hat yn in earder stadium al oanjûn dat dit syn lêste seizoen op it heechste nivo is.
Steenstra hat ûndertusken foar kommend seizoen al wer twa nije maten fûn. Hy sil keatse mei opslagger Menno van Zwieten en foarynse Gabe Jan van Popta. Steenstra sil sels it plak yn it achterperk ynnimme.
Ien en oar betsjut dat Pieter Jan Leijenaar no sûnder maten sit. It is noch net bekind mei wa’t de achterynse út Eksmoarre fierder keatse sil.
Taeke Triemstra hat noch gjin beslút naam oer ophâlden of troch gean. De nije klassemintslieder liet tiisdeitejûn witte dat de kâns dat hy troch griet, grutter is as de kâns dat hy ophâldt. Triemstra makket yn it wykein syn beslissing bekind. (Bron: Omrop Fryslân Geert van Tuinen).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment