Kweapraat 2023 (9)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 25, 2023 23:54

Kweapraat 2023 (9)

As je nûmer acht fan kweapraat skreaun hawwe dan tink ik faak hoe sil it de oare wike komme. Soe der wol wat wêze om oer te skriuwen…miskien is eltsenien dizze wike wol leaf foar elkoar west. It soe dochs samar wêze kinne…werom altyd de finger op it seare plak lizze. No, bygelyks oer it gedoch oer de wedstriden yn Winaam en Holwert. It op eigen man en boerd oanpassen fan de list fan Winaam. Jildt trouwens ek foar de haadklasse wedstriid yn Holwert. Krekt dwaan as soenen Winaam en Holwert der gelokkich mei wêze. It fuort bliuwen fan wer krapoan tsien haadklassers op de partij fan Holwert. Dat wie net nij want yn Boazum en Littens lieten de measten fan harren it ek al ôfwitte. De marginale dielname fan seis partoer by de ferneamde keatsferiening fan de Keatsebal yn Winaam. It ferhaal oer de mof dy’t mar net keurt wurdt en it brek oan keatsballen…no derom moat ik eltse wike de mannen dy’t foech jouwe oan de Keninklike Nederlânse Keats Bûn wol efkes by it ear pakke. Derom doch ik dat! 

Doe’t ik moandeitomoarn nei de opjeftes seach fan de partijen yn Holwert en Winaam wist ik it al. Dat wurdt sneon wer neat. Tsien partoeren yn Holwert stie efter de oanjefte…no dan witte je it wol. Dat waard neat fansels. Te folle keatsers litte it te faak gewoan ôfwitte op de sneon mar snein wol keatse op de frije formaasje. Ik wit wol de keatser is der frij yn om him wol of net op te jaan foar in partij mar it hâldt wol yn dat de partijen en dan foaral de trochinoarlotterspartijen de sigaar binne want je krije altyd in fjild dat net haadklasse weardich is. Der sitte te folle ‘nieten’ yn. Dat wol de feriening net en ek it gros fan de haadklassers dy’t wol de muoite nimme  om nei Holwert, Broeksterwâld, Boazum en Littens te kommen. Yn Berltsum wienen de meningen dúdlik…sneon net keatse dan snein ek net. De bond moat der wat oan dwaan. Komplete haadklasse partoeren jouwe harren net op foar de wedstriid fan sneon.

De minsken fan de bond soenen der daliks wat mei dwaan moatte. De keatsers dy’t harren net opjouwe oansprekke en freegje werom hja harren net opjouwe. Leit it oan de foarm fan de wedstriid. Is trochinoarlotsjen in ‘gepasseerd’stasjon! Want op de snein wienen der 34 partoeren aktyf sawol yn Berltsum, Wjelsryp en Reahûs. Leafhawwerij genôch dus. As de bliksum der mei oan de slach freonen fan it keatsbondsje dat hieltyd mar lytser wurdt. Hjir is it ek twa minuten foar tolve!

Mar dat wie noch net alles want hja der moast wol keatst wurde fansels. Holwert kriege gjin tsien mar acht partoeren en Winaam moast it mei 17 keatsers dwaan werfan ek noch in tredde twaddeklassers wienen en dat foar in mear as hûndert jierige keatsferiening as de Keatsebal yn Winaam. Freon Willem fan it bûnsburo hie ek noch betocht dat der yn twa pûltsje keatst wurde moast fan trije partoer. Mar leave santjin…op ‘e list stienen mar santjin mannen….dus wat docht Willem. Hy bellet mei Hendrik Bouwhuis fan Boalsert as dy noch op sneon keatse woe. Wat Willem docht raast oan de protters….Willem hat skeit oan it reglemint it hilligste fan alles wat KNKB ademet. Hy prutst Hendrik op’e list fan Winaam en klear is it tinkt Willem. Willem giet der ek fan út dat der begrip is yn Winaam en Holwert mar dat leit fansels wol efkes oars. Yn Winaam kinne se nei sneon it bloed fan de ‘hege hearren fan de KNKB’ wol drinke. Se soenen harren wol efkes ûnder wetter hâlde wolle foar safolle mis begryp oan de kant fan de bond. De partij wêr’t hiel Winaam elts jier nei útsjocht is troch misbeleid fan de keatsbûn nei de bliksum helle. Ik kin Marco en Willem wol fertelle dat de Winamers poer razend binne en dat dit ferhaal noch wol in sturtsje krije sil. Ik tink: eigen skuld dikke bult!

Tidens de pauze fan de haadklassepartij fan Berltsum kaam Coos Veltman noch efkes op’e tinte fan it bestjoer. Coos de ideale skoansoan hear je dan. Dat sil wol sa wêze mar bytiden is it soms nedich om in kloatsek te wêzen yn de goeie sin fan it wurd. Ien dy’t’seit wêr’t op stiet en dy’t net bang is fan syn eigen skaad. Ik spruts Coos oan oer it ferhaal fan de mof. Sa lang der neat bard sil ik it der oer hawwe. Hoe no fierder Coos? No sei Coos: kommende wike sil der kontroleard wurde op de mof! Yn Harns dus sei ik….ja sei Coos…mar wy moatte wol witte werop wy no kontroleare wolle. Want dat wie noch altyd net dúdlik. Net dúdlik…wat is der dan yn it ferline bard! Sjoch, sei Coos dat moatte wy noch efkes trochnimme en dan takom jier spikers mei koppen slaan. Wol of net fôhn brûke en wol of net kâlt as waarm komtroleare. Dan fal ik stil…yn hokker tiid libje ik. Komme hja dy’t miene der doel oer te hawwen noch wolris op in keatsfjild. Dat soenen je dochs witte kinne dat der keatsers binne dy’t sa freeslik fier slaan dat dat gewoan net kin…dat is gewoan net leuk mear. Dat ferkracht it keatsen…snap dat no ris freonen fan ús keatsbondsje. Straks hoege jimme jim net mear drok te meitsjen want dan is der neat mear om je drok oer te meitsjen. Wy moatte noch goed trije moanne keatse en no is der al in grut brek oan keatsballen. Scheepvaart-en-dy wurkje dacht en nacht troch mar de foarried wurdt hieltyd lytser. Wist derfan sei ik tsjin Coos. Nee, sei Coos. Sokke dingen wit ik net…mar it soe kinne want ik wit wol dat it keatsmuseum ek in grutte ôfnimmer west hat foar keatsballen. Dat soe samer in hûndert stiks wêze kinne…ja dan hâldt it op fansels. Dan mar werom nei de ballen dy’t ik ea makke fan âlde fytsbannen. Myn âlde buorman Corrie Hoekstra sileger soe wol sein hawwe: ‘Der konnen je oek in eind met slaan Jan.’ Misakien moatte werom nei dy tiid.

Yn Berltsum wie it oan de waarme kant…mar omdat keatsfolk noflik folk is wurdt dat akseptearre. In wiete klets mear of minder der wurdt net op sjoen. De helte sjocht ommers dochs net nei it spul mar hat it fierstente drok mei ynnimmen fan de drankjes. Tuskentroch pakte de formaasje fan Gert-Anne van der Bos mar wer ris de winst yn Berltsum. It koe bytiden net mar it barde wol. Gert-Anne en Taeke kinne net kapot yn Berltsum. Taeke pakte ek wer trije punten en hat der no noch seis nedich. Takom wike is der mar ien partij…dus noch efkes wachtsje mar dat it komt is seker. Miskien dizze moanne noch wol. Wa wit! 

Oant in oare kear!          

              

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 25, 2023 23:54
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel