Kweapraat 2023 (5)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 29, 2023 22:33

Kweapraat 2023 (5)

Der wie dizze wike wer it nedige gedoch oer alles en noch wat. It praat oer it frouljuskeatsen giet mar troch mar in echte oplossing is der net by. Ofrûne wiek wienen de froulju wer te set op it bûns buro om te besykjen bepaalde saken wer rjocht te breizjen dy’t by de bond ûntspoare binne. Fansels wurdt der dan sein: wy as KNKB hawwe allinne mar it bêste mei de froulju foar mar werom giet it dan dochs altyd mis. Der wurdt om raak praat mar blykber wurdt der neat sein oars kin it net sa mis gongen wêze sa’t it frouljuskeatsen der no by leit. De froulju woenen graach in frij wiekein mear mar wat bart der no….stienen der yn 2022 noch 32 wedstriden op de aginda no binne dat noch mar 24 stiks.

Acht partijen binne troch it bun ûnder it kleed skout. Net de minste partijen sa as Bitgum, Menaam, Seisbierrum en en Sint Anne allegear moaie en fername partijen dy’ de froulju net graach kwyt reitsje woenen mar sûnder mei de eagen te knipperjen hat hja dy’t miene der ferstân fan te hawwen it frouljuskeatsen in kopke lytser makke en dat alles om it eltsenien mar nei de sin te meitsjen. Wat krije je no dat der noch mar 14 frije formaasje partoeren binne. Dus de keats-off kin no al oan de dyk setten wurde. De ranking hinget de froulju as in bakstien om’e nekke. Ophâlde der mei. De ranking is in doel op himsels wurden en makket alles stikken. Snap dat no ris Durk want do bist de man dy’t noch aksje ûndernimme kinst en do moast dat dwaan. Ranking wie altyd in middel mar it is in doel wurden dy’t syn doel allang foarby sketten is. Dat wit eltsenien dy’t in bytsje om it keatsen jout mar der wurdt neat mei dien…ja as it te let is. It frouljuskeatsen stjert in wisse dea as der net gau wat dien wurdt.

It is dochs te gek foar wurden dat yn Goeiingea fjouwer partoer yn de haadklasse keatse. Sjoch nei de dielname yn Berltsum fan bygelyks twa jier werom….sjoch de delgong by sawol it haadklasse en earste klas keatsen. De kalk spat je dochs fan de tosken. Dan ek noch mar lulle dat de froulju foaral net mei de parse prate moatte. Yn hokker tiid libje sokke minsken dy’t ek noch miene dat se it sa goed mei it keatsen foar hawwe. O nee, net prate mei de parse minsken want dy skriuwe saken dy’t wy wol witte mar dy’t wy net hearre wolle. Wy, as bûnsbestjoerders hawwe graach de reade pine yn’e han. Wy wolle ommers graach dat der sa skreun wurdt sa’t wy it yn ‘e holle hawwe. Ja wis, derom bart der ek noait wat. Ja, de partijen moatte koarter no meitsje de skoften dan earst ris wat koarter of wurkje de klokjes fan de skeidsen net sa goed as dy fan Jan mei de pet. It raast dochs oan de protters hoefolle tiid der ferlern giet mei ynslaan en skoften tusken de partijen. De bond yn Frjentsjer wie der wer in moai foarbyld fan.

De bond, de 125ste yn syn bestean, krige in moaie winner yn Minnertsgea. Net dat dy ferwachtte wie mar want OKK út Bitgum koe dochs allinne mar winne. Mar gelokkich komme foarspellings net altyd út. Lit ús earlik wêze sa geweldich keatste Bitgum de lêste wiken net. Ja wis der waard yn Tsjummearum wûn mar dat hie ek samar oars wêze kinnen. It wie de fertsjinste fan opslager Paul Dijkstra dat Bitgum oerrein bleu tsjin Minnertsgea. Boppedat haw ik Wassenaar en Steenstra wol ris better keatsen sjoen ek op de frije formaasje partijen. Derom wie it foar my net sa’n grutte ferrassing dat Minnertsgea der my de krânsen fan troch gong. Tsjin Makkum rûn it al foar gjin meter en as Wassenaar mear praat as keatst dan witte je dat it twa minuten foar tolven is. In soad lûd mar gjin byld sis ik dan altyd. Tsjin Makkum koe Bitgum it noch risse mar it gong moedsum. Makkumers binne frije tinkers en hawwe skeit oan alles ek oan harren dy’t faak better binne en meastentiids mear winne mar derom mei ik graach nei de Pytje Bellen fan dizze tiid sjen.

Minnertsgea hie harren minste wedstriid moarns betiid al han. Frjentsjer hie de kâns om Bergsma-en-dy sear te dwaan mar doe’t it der om gong die de bal net wat Scheepstra en Hoekstra graach woenen en dan gean je alsnoch op ‘e bek. Dernei keatse Minnertsgea harren troch de partijen mei Kootstra en Wassenaar as gongmakkers. Je kinne de âlde kriger Jacob Wassenaar op syn 42ste noch wol om in boadskip stjoere. Hy lit je noait yn ‘e steek. Wit as gjin ien hoe’t je je stjinstanner pine dwaan kinne. Want Bitgum makke wol punten mar de earsten gongen allegear nei Minnertsgea. Nei it earste boardsje en it gedoch om it twadde earst wie de fleur der al út. Wassenaar hie te folle missers yn ‘e krite en it moast no te folle komme fan Dijkstra en Steenstra. Steenstra die syn stjonkende best mar it wie it krekt net en dan is Minnertsgea net foar de poes. Der waard fansels noch fan alles besocht om de motor wer op’e gong te krijen mar it helle allegear neat út. Paul Dijkstra wie yn it lêst selfs balkearder en dat wie my in brêge te fier. Dijkstra hie en hat de hiele dei treflik opslein en hy wie seker net de ferliezer mar ik snap it wol yn de pikoarder stiet Paul noch mar oan it begjin fan de ljedder en der yn binne de mannen al wat fierder. Foar Jacob wie it dochs wol bysunder dat hy nei 22 jier wer foar de tinte stie en dat foar de seisde kear. Hendrik Kootstra stiet ek al op dat oantal en sjoen syn leaftiid kinne der noch wol in pear bykomme. Dat selfde jildt fansels ek foar Marten Bergsma dy’t ek al op trije oerwinnings stiet. Foar it doarp Minnertsgea wie it al de tsiende oerwinning op de bûnspartij en net it NK. Ik krij dat wurd net út de stroat. Dat alles om dy pear rot sinten.

Oant in oare kear.     

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 29, 2023 22:33
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel