Kweapraat 2023 (2)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 7, 2023 20:40

Kweapraat 2023 (2)

Lit ik no ris begjinne mei it goeie nijs fan ôfrûn wiekein. It wie beide dagen noflik keatswaar en by de iepening fan it frije formaasje seizoen yn Frjentsjer wie in in moai kloft folk. Dat hat wol ris oars west. Mar oer it spul fan de grutte en lytse tenoaren der falt noch wol wat oer te sizzen. It foel net mei om samar te sizzen. Ja wis it is noch mar it begjin fan it seizoen mar dochs foel it my net ta. It wie hast wynstil waar en it reinde bytiden bûtenslagen. De striid tusken de grutte tenoaren fan Gert-Anne van der Bos en Tjisse Steenstra wie koprinner mei mar leafst 25 missers. Tjisse Steenstra en Hans Wassenaar mikten der 15 út mar wûnen dochs omdat efterynse Erwin Zijlstra by de lêste trije slagen fan de partij net thús joech. Erwin is in ‘slow-starter’en dat die no ek wer opjild. Gert-Anne liket wer op wei nei in goed seizoen en dat kin ek sein wurde fan Taeke Triemstra dy’t der gewoan wer stie. Sân kear waard hy opsocht troch Tjisse Steenstra en seis kear lei de bal op it bolwurk. Oer Taeke hoeche de keatsfreonen harren net drok te meitsjen. Dat hoecht miskien ek net oer Renze Hiemstra mar snein yn Frjentsjer wie dúdlik dat Hiemstra net by de les wie …fierstente folle kweaslagen kamen fan syn han en dat is deadlik op dit nivo. Frjemd fyn ik dan dat der dan gjin gebrûk makke wurdt fan Tjisse Steenstra. Steenstra kin fan efterút ek noch wol in aardich baltsje slaan is it net? Snein wie der alle reden om efkes mei him in pear slagen te wikseljen.

It winnende partoer hie fan dat alles gjin lêst. It keatste trije partijen goed mei Menno van it Fean as grutte útblinker. Hy hie mar njoggen missers oer de hiele dei en boppedat hie hy de perken 15 kear goed te pakken. Nee, as de mannen dit nivo fest hâlde kinnen dat hawwe de leafhawwers der wer in moai partoer by dat mei dwaan kin om de prizen. 

Dat leit op dit stuit no wol oars mei it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dizze formaasje mist no wol 50 prosint fan de krêft wat hja oars op it keatsfjild sjen lieten. Dylan Drent, oanjager en master yn it foarperk, is sûnt Makkum swier blesseare en dat wie snein yn Frjentsjer dúdlik te sjen. Dylan syn klappen komme net mear goed oan en it hat no mear fan triuwen ynstea fan slaan. Dat hy der yn de heale finale net mear stie seit dochs genôch. It gemis fan de Harnzer lit him no al fiele. Litte wy earlik wêze: in twadde Dylan is der net! 

Yn Frjentsjer wie nochal wat gedoch oer it feit dat de partoeren dy’t harren foar de earste syklus opjûn hawwe net earder mear feroarje kinne as nei de PC. Dat wie noch noait sa mar mei yngong fan dit jier is dit nij. It hat yn it reglemint stien liet bûnsbestjoerder Durk Kuperus mei witte….dus je soenen sizze it net opjaan foar dizze syklus…eigen skuld dikke bult. Mar Durk soe Durk net wêze as hy sei: de tiid dat de keatser der kundskip fan nimme koe wie mar in dikke wike. Ja sis ik dan: wer leit de skuld fan it let bekind meitsjen? Ja, wa moat de swarte Pyt hawwe! No, der kamen wy net út mar Durk sei wol dat der woansdei in petear wêze sil mei de keatsers. Dat hellet dochs neat út Durk…jimme hienen it ommers witte kinnen dat der dit jier stien partoer minder op de listen stean sille. Yn 2022 hienen harren noch 41 partoer foar de rankings wedstriden oanmeld en no binne dat tsien minder. Ja, hoe komt it mei Dylan! Ja, hoe komt it mei Dylan. Mar Durk je kinne je systeam dochs net oanpasse oan harren dy’t straks miskien troch omstannichheden der net by wêze kinne? Is wier liet Durk noch witte! O o o kommunikaasje…wat skynt dat muoilik te wêzen!

Jildt ek in bytsje foar de Keninklike PC. Se hienen it sa goed yn ‘e holle. Der wie in nij systeem oanklaaid oangeande it bestellen fan de PC-kaarten. It moast no in fluitsje fan in sint wurde om kaarten te bestellen. Wat koe der noch mis gean. Alles wie ommers yn kannen en krukken…mar it gong wol fleanend mis. De mannen sieten mei de hannen yn it hier want derfoar hienen se it net feroare. Mar skuld….miskien wie it in idee west omris te oefenjen en te sjen wat de hearen dy’t soks betocht hawwe yn de praktyk wol wurkje soe. Sjoch, efterof is it altyd maklik praten mar miskien hie it wol fertuten han!

Oant in oare kear!     

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 7, 2023 20:40
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel