Kweapraat 2023 (1)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 1, 2023 09:42

Kweapraat 2023 (1)

De kop is der wer of. Yn Weidum stie foar de 70ste kear de Bangma partij op it programma. Ik wie der by en foar it earst sûnt jierren wie it moai waar. Dat Bitgum wûn koe net oars. Hja hawwe fierwei it meast komplete partoer en foar it nusje ôfdielings dat de muoite nimt om harren noch op te jaan foar sokke wedstriden bliuwe de krommels oer. Dat wie eartiids sa mei Harns, Ljouwert en Frjentsjer doe’t die noch foar best opsloegen. Dúdlik yn Weidum waard wol dat it ôfdieling keatsen syn langste tiid ek hân hat. In lytse 27 partoer stie op de list en dan te betinken dat Boalsert, De Ryp en Weidum mei twa partoer op ‘e list stienen. De tiden fan fjirtich partoer en mear komt nea wer.

Wat ek dûdlik wie te sjen dat de grutte tenoaren goed de winter trochkommen binne. Net allegearre fansels want it sterke Minnertsgea liet it oan de stuit lilik ôfwitte.

Oant safier Weidum. Mar der barde mear njonken de fjilden. Sa lies ik dat it keatsen ‘sexier’moat. Ja wis de bond moat mei yn de tiid…feroarje om te feroarjen! Doe’t ik it lies tocht ik…wa hat dit no wer betocht! Dit kin gjin echte leafhawwer wêze want dan komme je net mei sokke teksten op it aljemint.

Wêr’t de bond wol oer neitinke moatten hie…mar blykber is dat noch altyd net it sterkste punt fan ús bûnsbestjoerders is it feit de wedstriid aginda fan de froulju no al raast oan de protters. Fansels it gat tusken de de heechút fiif grutte tenoaren is ljocht jierren grut mei de rest fan de keatsende froulju. Mar dat losse je net op troch hast alle frije formaasje wedstriden by it grut ôffal te setten. Noch mar tsien frije formaasje wedstriden tsjin tretjin trochinoarslotterspartijen. De praktyk hie dochs leart dat it gros fan de froulju dit dochs net mear wol…of hat de bond de lêste jierren net bûten west. Ik kin my foarstelle dat fan dy 13 wedstriden der straks de helte net troch giet omdat der mar in bytsje animo foar wêze sil. Je tinke dochs net as bygelyks Boalsert straks op heechút seis partoer sit te wachtsjen. Die wol sa as oare ferienings folle bak en oars kieze se leaver foar in frije sneon of snein en gelyk hawwe se. De ferhâlding tusken frije formaasje en trochinoarlotsjen is no fier te sykjen en je hawwe de froulju wol nedich foar sokke potsjes.

Yn Weidum hearde ik fan kunde dat Hendrik Sweering nei 20 jier syn skiedsrjochtersjaske oan de wilgen hinget. Hendrik fynt it moai genôch. Hy wol no sels wer oan de slach by de 50 plus en miskien hat hy ek wol gelyk. Mar it is fansels dea sûnde dat it bêste wat keatsend Fryslân hat ôfskie nimt. Sjoch, der hie of soe de bond wat oan dwaan moatte…dat soe sexier wêze as de bond Hendrik foar it keatsen behâlde wurde koe. It is al jierren twa minuten foar tolven oangeande it oantal betufte skeidsen. Hendrik is fierwei ús beste man op it keatsfjild. Net dat Hendrik ‘alles’ sjocht mar der ûntgiet him mar in ferrekt lyts bytsje. Hendrik is der by as der brân op útbrekken stiet. Ea woe Hendrik wol folle mear wedstriden liede! Der is sprake fan west mar de bond fûn dat eltse skeids in oantal partijen hawwe moast…at se no wol of net goed wienen. Hie der no ris jild foar útlutsen dan hie Hendrik noch jierren skiedsrjochter wêze kinnen. Juster yn Weidum sette hy de wedstriid wer nei syn han…spitich dat soks net sjoen wurdt troch harren dy’t der wat oan dwaan kinne.

Yn de ‘wandelgangen’ waard ek dûdlik dat der ek dit jier gjin moffen kontrôle mear komt. Dat is net ien stap mar skepnet fol stappen werom yn it tafersjoch fan knoeien mei de mof. No net sizze dat soks net mear nedich is want it is mear as hurd nedich want der wurdt knoeit by it leven. Miskien soenen hja dy’t der oer gean ris wat faker nei de fjilden moatte en mei in sûn gehoor kinne je dat dan sels fêststelle. Dat is net nei want yn de finale fan de PC fan 2004 dien de klappen hast sear oan de earen. Ik tocht dat dy tiid foarby wie mar blykber is dat in fersin. No dan ek gjin geseur mear as it wol of net in goeie mof is. It is sa’t it is.

Oant in oare kear!  

         

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 1, 2023 09:42
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel