Johannes Brandsma joech it keatsen in oar gesicht

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen april 2, 2023 20:00

Johannes Brandsma joech it keatsen in oar gesicht

Ald-keatser Johannes Brandsma is yn de nacht fan tongersdei 30 op freed 31 maart ferstoarn. Brandsma keatste yn de perioade 1977 oant en mei 1990 op it heechste nivo, ûnderbrutsen troch twa semy-profperioades yn België.

Brandsma, ‘De Brand’, wie yn syn hiele wêzen in topper: atletysk, all-round, ‘in goed bekje’, ad rem, in sterk ûntwikkele ego en gefoel foar publisiteit, mar boppe-al in machtige keatser. Miskien wol de bêste ea. Brandsma wie al in skoftke siik. Hy waard 65 jier.

Gjin tsjerke, mar keatse

Johannes Brandsma, op 23 oktober 1957 berne yn Seisbierrum, wie ôfkomstich fan de CFK, de Christelijke Friese Kaatsbond, dy’t yn 1994 opgien is yn de KNKB. Keatse op snein wie der yn it earstoan net by foar de jonge Brandsma. “Op snein gean we nei tsjerke, dus do ek”, sa spruts syn heit.

Doe’t er 18 jier wie, mocht er fan heit de kar sels meitsje. Dêr wie de jonge Johannes gau út: gjin tsjerke, mar keatse op snein.

It keatsen hie der in útblinker by

It duorre net lang of Brandsma liet him jilde op de keatsfjilden. Waard it earste seizoen op it heechste nivo, 1977, noch mei in beskieden oantal fan acht klassemintspunten beëinige, it jier dêrop stienen der 36 punten achter syn namme, ynklusyf fiif earste prizen.

Brandsma waard al gau de ‘rising star’ fan de keatsfjilden. Fanwege syn spul, dat it predikaat ‘spektakulêr’ fertsjinne. Hy wie all-round: atletysk, koe goed opslaan en koe likegoed foar- as achteryn it perk goed út de fuotten.

In attraksje

Mei syn dynamyske spul joech er it keatsen in oare diminsje. Heakje dêr syn spontane, ekspressive en ferbaal sterke gedrach oan ta en it wie dúdlik: it keatsen hie der in útblinker by. In attraksje, in ‘angry young man’.

Foar sa’n keatser kaam it publyk nei de fjilden. In keatser dêr’t de leafhawwer him mei identifisearje koe. Dy’t lykwols ek kontroversjeel wie en argewaasje oprôp. Brandsma joech it keatsen in oar gesicht.

Toppartoeren

De formaasje mei Jarich van der Veen en Reinder Triemstra wie in topformaasje, dy’t yn 1980 en 1981 in protte prizen wist te winnen, útsein de PC. Foar it winnen fan dy klassiker moast Brandsma syn maten sitte litte.

En dat die er. Ta grut fertriet fan benammen Reinder Triemstra, dy’t nea mear in fatsoenlike relaasje mei Brandsma hân hat. Mar ‘De Brand’ wist: as ik de PC winne wol, dan moat ik my formearje mei dé spesjalisten op dat mêd: Sake Saakstra en Piet Jetze Faber.

Dy formaasje, dy’t de term ’totaal keatsen’ útfûn, is de skiednis yngien as de bêste ea. Mar leafst 41 frijeformaasjepartijen wist it partoer te winnen, wêrûnder twa kear de PC. Dat hat lang in rekôr west, dat pas op 30 juny 2013 ferbrutsen waard troch it trio Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

Gjin kening op de PC

Nei syn earste perioade yn België kaam Brandsma suksesfol werom en mei Peter Rinia en Tunno Schurer wist er yn 1987 en 1988 nochris de PC te winnen. By dy fjirde PC-oerwinning hie de kroan set wurde moatten, want in protte minsken, en Brandsma sels seker, wienen derfan oertsjûge dat hy de kening wurde soe.

Dy titel gie lykwols nei Tunno Schurer, ta grut ûntefredenens fan Brandsma dy’t dat gefoel seker net geheim hold. En sa bliuwt Brandsma nettsjinsteande in geweldige karriêre dochs altyd de keatser sûnder PC-kroan.

Brandsma einige syn karriêre mei syn twadde perioade yn België dêr’t er yn 1990 en 1991 wer keatste foar Braine le Comte. Op syn palmares stean 159 earste, 57 twadde en 67 tredde prizen. 59 kear waard er kening fan in partij. Hy wûn twa kear de Bûnspartij en twa kear de Jong Nederlân-Partij. Allegear foar Seisbierrum. Syn puntetotaal fan 658 brocht him yn de top tsien fan bêste keatsers ea.

Hy wûn seis kear it punteklassemint. Yn 1982 helle er it ûnwierskynlike punte-oantal fan 98. In seizoensrekôr dat noch altyd stiet en nei alle gedachten foar ivich stean bliuwe sil.

Konflikten

Brandsma wie in man dy’t de konflikten net út de wei gie, se somtiden sels opsocht, mar der soms ek in bytsje by fersin by belutsen waard. Sa wie der yn 1980 ‘de saak-Brandsma’. Brandsma woe by de Technyske Kommisje as foarynse bekend stean.

It soe in prinsipiële saak wurde. Mei in keatser sels bepale yn hokker funksje oft er op de fjilden ferskynt? Of is dat it rjocht fan de Technyske Kommissje? Der kamen aksjes. Earst yn Menaam. In pear wike letter yn Bitgum. Dêr rûn it út de hân, doe’t skiedsrjochter Teake Krap alle keatsers dy’t stake woenen, fan de list streke. Sa koe der al gau net keatst wurde.

Krap gie fuort, nei hûs ta. It skeel waard oplost. Krap waard wer fan hûs helle en de Van Aisma Partij waard keatst. Brandsma, tige grimmitich, wûn de priis.

Brandsma bepaalt sels syn straf

Yn 1990, wie Brandsma belutsen by trije kwestjes: in sponsorkwestje, in skeel mei de foarsitter fan de KNKB, Johannes Westra, dy’t er yn Tsjummearum útmakke hie foar ‘mierenneuker’ en der wie in wantekwestje.

Fyftjin wedstriden skorsing krige Brandsma, dy’t er yn heger berop werom wist te bringen nei fjouwer. “Ik bin de iennige keatser dy’t syn eigen straf bepaald hat”, sei er dêr letter oer. De konflikten hearden ek by de fedette fan it keatsen.

De oare Johannes

Freegje de minsken wa’t Johannes Brandsma no krekt wie en der sille wurden falle as ‘eigenwiis’, ‘altyd alles better witte’, ’tinke dat er de bêste is’, ‘synysk’, ‘ekstravert’, en ‘in grutte mûle’. It mei allegear sa wêze, mar dan wurdt der fierstente gau foarbygien oan wa’t er no echt wie.

Der siet nammentlik ek in folslein oare kant oan Brandsma. Ik haw de lêste jierren fan syn libben in protte kontakt hân mei him. Hy wie in uterst belutsen en betroubere meitinker, producer en sidekick fan PC Kafee. En út de kontakten dy’t dêrút fuortkamen, rekke ik yn de kunde mei in hiel oare man. In man mei twivels, in man dy’t o sa pikerje koe; de depressive kant, in man mei fertriet.

Fertriet oer de foar him folslein ûnferwachte skieding mei syn frou Janny by de Ley. Al hie er miskien better witte kinnen. In man dy’t kampte mei depressive buien, dy’t er dan benammen op de keatsfjilden wer fuort blufte, troch de ‘vrolijke Frans’ út te hingjen mei syn bekende, provosearjende oneliners. Sa hold er it iensidige byld fan himsels oerein.

Mar it wie in man dy’t serieus omrûn hat mei it idee om mar in ein oan syn libben te meitsjen. Om foar de trein te springen. In man dy’t mei antydepressiva troch it libben gie. Eins in hiel kwetsbere man, dy’t klappen fan it libben hân hie.

In man dy’t hast autistysk yn it libben stie. As wy jûns om healwei achten in PC Kafee-redaksjegearkomste yn Menaam hienen, dan wie hy dêr om fjouwer oere middeis al mei dwaande: net te let komme!

‘Janny 3’ hat nea wer út syn gedachten west.

Yn al dy malêze bruts noch ien kear de sinne troch, doe’t er in relaasje krige mei Janny van der Meer. Dy Janny (‘Janny 3’) wist him wer wat yn balâns te krijen. By har fielde er him thús.

By har kaam hy ta rêst, koe er syn ferhaal fertelle. Op har wie er eins smoarfereale. Der lake wer wat lok yn de rjochting fan dy superieure keatskening fan eartiids, dy’t mei in baan by de gemeente Harns ek wer wat grûn ûnder de maatskiplike fuotten krigen hie.

Mar dat leafdeslok mocht net lang duorje. Janny krige kanker en ferstoar yn septimber 2020. In pear moanne dêrfoar hie sy de relaasje mei Johannes ferbrutsen, nei alle gedachten om him har lijen te besparjen, mar in reden hat sy Johannes nea jûn.

Hy hat har nea wer út syn gedachten krigen. Hy bleau allinnich achter. Yn syn lytse wenninkje yn Achlum. Iensum. En yn iensumens hat er it libben ferlitten. Te betiid. En dat is dochs it byld dat beklibbet.

 

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen april 2, 2023 20:00
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    View Article
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel