Klaas Holst Meijer út Dronryp is it nije lid fan de Keninklike PC. Hy folget Gert Jan Breman op.

Geert van Tuinen
Door Geert van Tuinen januari 24, 2023 11:56

<strong>Klaas Holst Meijer út Dronryp is it nije lid fan de Keninklike PC. Hy folget Gert Jan Breman op.</strong>

Breman wie noch mar sûnt novimber 2017 lid fan it ferneamde keatskolleezje, mar fielt him yn it spesifike keatsfermidden net echt thús.

“Ik haw yn april ferliden jier it beslút naam om op te hâlden mei myn aktiviteiten op it Sjûkelân”, seit er. “Ik hâld net op by de PC, mar ik sil it sjaket net mear oan dwaan. Ik haw eins te min mei it keatsen om my dêr hûndert prosint foar yn te setten.”

Mar hielendal ôfskied nimme, dat wol er net. “Myn krêft leit by it evenemint om de PC hinne. Dus ik sil de brêge wêze tusken de PC en de ûndernimmers en de hoareka yn de stêd.”

Yn 2022 hat de PC in begjin makke om yn de mande mei de hoareka fan Frjentsjer it PC-feest stâl te jaan. Dêr leit foar de PC ek in belangryk fertsjinmodel en Breman sil dy aktiviteiten mei de horeka út Frjentsjer útwreidzje yn de takomst.

Opfolger fan Breman wurdt dus Klaas Holst Meijer. De 48-jierrige ûndernimmer út Dronryp, mei elektroanikasaken yn ûnder oare St. Anne, Frjentsjer en Boalsert is troch de PC frege om lid te wurden.

“Doe moast ik it efkes besinke litte”, fertelt er. “Thús der efkes goed oer hawwe. Mar ik bin hiel entûsjast oer it keatsen. Keatsen is ferbinend foar Fryslân, dus dêr wol ik graach myn bydrage oan leverje. Ik bin in grut keatsleafhawwer. Dat folgje ik altyd en de PC dêr genietsje ik foar, ûnder en nei de partij fan.”

Meijer hat wol in idee wêrom’t de PC by him útkommen is as opfolger fan Breman. “Ik ha bestjoerlik altyd al hiel aktyf west. Ik bin in echte bouwer en ik mei graach dingen organisearje. Dêrby binne de kommisjeleden fan de PC altyd ek wol útnûge, dus ik tink dat sy mei dêrom ek frege hawwe.”

Meijer fynt it tagelyk ek in eare om lid te wêzen fan it belangrykste keatskolleezje fan Fryslân. “In hiele grutte eare. En ik sil ek yn alle fasetten myn bêst dwaan om de PC noch moaier en better te meitsjen.”

De foargonger fan Meijer fûn it eins net sa leuk om op de fiifde woansdei fan july yn sjaket en swaaiend mei de hege hoed op it Sjûkelân te rinnen. Hoe sit dat mei Meijer. “Ik sjoch dat seker wol sitten. It heart der by. Iti is in hiele moaie tradysje, dus dy moatte wy yn stân hâlde. Ik moat wol earlik wêze dat dit wol in ding wie wêr’t ik efkes oer neitinke moast, want ik bin graach mei elkoar ûnderweis en net ien dy’t perfoarst op de foargrûn moat, mar ek dat sil ik wol leare. Oft ik al in sjaket haw? Nee dat moat der noch komme. Ik haw de hoed al wol krigen”. Meijer syn eigen súksessen yn de keatswrâld binne rap ferteld: Hy is en wie in grut leafhawwer, mar it súkses beheind him ta ien belangrike priis: Winner fan de skoaljongesbûn yn 1986 foar Berltsum. “Myn keatskarjêre wie ridlik koart. Ik bin der mei ophâlden by de jonges. Mar it moaiste súkses wie yndied de winst op de skoaljongesbûn”.

 

 

Geert van Tuinen
Door Geert van Tuinen januari 24, 2023 11:56
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel