Kweapraat 2022 (16)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 14, 2022 20:07

Kweapraat 2022 (16)

Ofrûne woansdei wie de 120ste Freule partij. Wer bliuwt de tiid soenen je sizze mar it klokje fan de tiid tikt gewoan troch. Dat tiden tiden hawwe wie woansdei goed te merken. Noch mar 35 ôfdielingen stienen op’e list. Dat hawwe der guon mear west mar de tiden fan eartiids komme noait wer lit dat dúdlik wêze. Sels foar in ynstitút sa as de Freule partij. Op him sels is dat net slim dat der minder ôfdielingen oan de wedstriid diel nimme. Mar de minsken efter de Freule partij sitte der wol mei yn’e mage. Foarman Tjeerd Dijkstra is in grut foarstanner om mear partoeren fan ien ôfdieling diel te litte nimmen.

Ik fyn dat flokken yn ‘e tsjerke. Werom is de Freule 100 jier lyn sa’n ynstitút wurden omdat der mar ien partoer fan in ôfdieling diel nimme mocht. Yn it foar waarden der dan ek wedstriden op poaten setten om út te meitsjen wa’t fan de jonges de feriening nei de Freule ta mocht. Dat barde ek foar de senioaren bond. Je wolle dochs kwaliteit en gjin kwantiteit. Ik fyn dat der al oan de begjinsels fan de Freule rommele is. Eartiids koenen je trije kear oan de Freule mei dwaan en no is dat al fiif kear. Yn myn eagen dogge je der de sport gjin goed mei. Nim no de leaftiidsgrinzen. Yn Wommels wie it betiid de kabouters tsjin de reuzen. Ik seach nei de mantsjes fan Achlum en op it oare fjild wie Frjentsjer oan de gong. Dat liket dochs nearne nei…der wurde je sterk fan hearde ik ien sizzen. Ach, as je it net mear witte roppe je sokke teksten. Sjoch, Tjeerd wol graach it foarbyld fan de bond folgje…ik snap der neat fan. Wat hat it no foar mearwearde as der de Ryp bygelyks mei trije of mear partoeren diel nimme mei. Lit se der om keatse en wa’t wint giet nei de Freule. Troch sa te handeljen wurdt it wer in gewoane wedstriid wêr’t tafallich wat mear folk op ôfkomt as yn it generaal. Soe der noch mar ris goed oer neitinke freonen fan de Freule.

Moai fûn ik wol dat Moarre-Ljussens der mei de priis fan troch gong. It koe net seinen de gelearden mar Johan Sipma-en-dy hienen der lak han en pakten de gouden klokjes. De Ryp hie him al ryk rekkene mar it moat altyd noch wol gebeure fansels en mei blesseures wurdt gjin rekken hâlden. Erwin Zijlstra en Dylan Drent witte der alles fan. Sneu foar de Rypsters mar it kin net altyd ‘kermis’ wêze. 115 jonges stienen woansdei op it fjild en no is it ôfwachtsjen hoefolle fan dizze jonges oer pak ‘em der oer fiif of seis jier noch stean. Sjoch, Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Gerben Okkinga om in pear te neamen lieten harren daliks sjen yn it grutte spul mar dat is der hjoeddedei hast net mear by. Sa no en dan sjoch ik wer ien dy’t furoare makke hat op’e Freule by de haadklassers wer ris foarby kommen. Koartsein it hâldt net oer. Fan de winners foel my der ien op: Johan Sipma fan Oosternijkerk. Hy die my tinken oan Gert-Anne van der Bos doe’t dy foar Holwert de gouden klokjes wûn. Mar ik wit wol: de Freule winnen wol noch net sizze dat hy it ek fierder skoppe sil. Der is mear foar nedich! 

Yn Wommels rekke ek yn petear mei Johan Stobbe fan de Ljouwerter. Syn soan moast foar de earste kear keatse op ‘e Freule. It wie Johan oan te sjen. Mar der wie mear. Johan hie him dea ergere oan de regelsjes fan de bond. Hy hie syn soan te let oanjûn foar in wedstriid en dan witte je dat je de oare wike wer in kâns krije foar in wedstriid. Hy fûn dat mar neat mar bêste Johan te let is te let. Je kinne heech en leech springe sa hawwe wy dat no ien kear mei elkoar ôfpraat. Mar der koe Johan dan noch wol yn komme mar omdat Johan net ûnder in stien libbet kriege hy te hearren dat der yn in oare kategory oars mei de regels omgongen waard. Der wie ek ien dy’t te let wie mei de opjefte mar dat wie foar dy TC gjin reden om de jonge net ta te litten. Sjoch, dan wurde je as belutsen heit toch poer. Dan blykt dat der foar de ien wol in útsundering makke wurdt en foar de oar net. Miskien kin ús Coos der wat oan dwaan. De kroade wêr’t Coos efter rint wurdt hieltyd foller en foller….It is de gewoante dat de bond altyd rôpt dat nimme wy mei mar ik tink dat de rêch fan Coos dat net fol hâldt..! 

De sneon nei de PC stie de Ald-Meiers partij op it programma. It wie hâlden en kearen mar toch stienen der oan it begjin fan de dei 18 partoeren op ‘e list. It mear is noait fol mar Eendracht koe hjir mei foar it ljocht komme. Sa’t jimme witte is de revanche fan de Ald-Meiers partij altyd in wike letter yn Skettens. It warbere bestjoer docht der altyd fan alles oan en de prizen binne der net mislik. Dus je tinke dan: allegearre op nei Skettens. No, wie dat mar sa! Doe’t moandeis de sluting fan de oanjeffes wie moast Skettens it dwaan mei mar sân luziche partoerkes. Alve partoeren hienen dus nee ferkocht. Skande, skande, skande! En mar roppe: wy moatte it keatsen foarút helpe! Sizzen is ien: dwaan is in twadde! 

Oant in oare kear

 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 14, 2022 20:07
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel