Kweapraat 2022 (1)
Gerelateerde Artikelen
Juster wie it 80 jier jier lyn doe’t foar’t earst sprake wie fan de Bangma Partij. Folkert Hiddinga, Jan en Sietse de Groot wienen de winners fan de earste oere. Yn dy 80 jier wie it juster pas de 69ste kear dat de wedstriid ferkeatst waard. Keatsferiening Nije Kriich hat it net altyd kado krigen. Faak min waar of oare syktes je kinne it net sa gek betinke mar no wie de koroana dy’t de lêste twa jier wer spulbrekker. Mar goed juster koe it dan einliks wer los mar dan falt it op dat der mar 24 partoer op de list stienen werby ek noch twa dûbele partoeren fan Boalsert en De Ryp. Dus feitlik hienen harren mar 22 ôfdielings opjûn. Mar it jout wol wat oan. De tiden fan 61 partoer yn 1992 komt nea wer. Mei it hûndert jierig bestean fan de bond sloegen der noch 50 partoer foar best op mar yn 2012 wienen dat der noch mar 36 en yn 2019 it lêste jier foar de útbraak fan de koroana wienen dat der noch 29 mei wol 6 dûbele ôfdielings.
Dus dan is 24 noch net sa gek. Je kinne ek stelle dat de animo om op dizze wedstriden út te kommen der net mear is. Seach krekt efkes op de site fan de bond hoefolle partoer harren yn it foar oanjûn hawwe foar de ôfdielingspartij yn Frjentsjer foar froulju foar kommende sneon…om alve oere moandeitemoarn stie de teller op 7 stiks! Der krije je as feriening hast útslach fan. Ik tink dat it lûken oan in dea hynder is. Miskien noch ien of twa jier en dan kin hjir ek in kras troch. OKK Bitgum wie yn Weidum alle tsjinstanners fier de baas. Se wienen moarns mar mei ien doel kommen…winne en sa gau mooglik nei de ein. Seker net foar Sinterklaas spilje. Sa min mooglik flaters meitsje en dan komme je yn it generaal in hiel ein. No dat wie de mannen wol tabetroud. Yn in poep en in skeet fleagen se troch de list. It is mar Weidum mar de earste klap is noch altyd in daalder wurdich. Yn Weidum waard ek dúdlik dat de goegemeente noch net hielendal wit hoe’t it no moat as der ien fan in partoer net fierder kin. Thomas van Zuiden fan Boalsert koe net fierder en doe Boalsert fierder mei ien fan it twadde partoer dy der al ôf wie mar dat mei al in tydsje net mear. Dus moast in keatser dy’t net op ‘e list stie it fjild yn en der wie net eltsenien fan Boalsert bliid mei mar regels binne no ien kear regels! Keatsen is der fol fan.
Yn Minnertsgea pakten de tenoaren Ilse Tuinenga en Marrit Zeinstra harren earste krânse fan it seizoen. Dat koe hast ek net oars mei twa fan sokke kanjers yn ien partoer. Ineke van der Ploeg fan Rie fûn it allang prachtich. Foar har mei der wol mear trochinoarslotterspartijen komme mar foar de measte froulju fan foaral de earste klasse hoecht dat net. Sân en letter seis froulju hienen harren foar de partij yn Boazum mar opjûn! Sneu foar Boazum dat harren nekke foar dizze partij útstutsen hie mar snein net nei it fjild hoechde te kommen. Mar sis ik dan: je koenen der op wachtsje! De froulju earste klasse hawwe neat mei de trochinoarlotterspartijen. Dat hawwe hja nei it seizoen 2021 ek oanjûn oan de bond. Se hawwe al gjin ynbring by de haadklasse dus se wolle graach keatse op de frije formaasje wedstriden yn harren eigen klasse oars nimme se leaver in wykein frij. No hat Minnertsgea op papier in haadklasse wedstriid foar froulju mar yn de praktyk is dat net sa. In ferliezersronde by de froulju haadklasse…hoe betinke je it! Gelokkich wie dit de earste wedstriid…dus soe ik sizze mar gau de wedstriidaginda oanpasse oars stean wy oer fjirtjin dagen foar it selfde ferhaal. Net dwaan dus!
Ja, dan wie der freed ek noch de partoeren presentaasje yn de Korenbeurs yn Frjentsjer. Geert van Tuinen hie miskien wol fanút Portugal in gelikte fideo presentaasje yn elkoar setten net wittende dat fan de mooglik 18 partoeren manlju en froulju der mar fiif oanwêzich wêze soenen…! En mar klappe foar de partoeren dy’t der net wienen. Ik sels wie der ek net omdat ik net fan dizze oanklaaide feestjes hâld mar as der wiidweidig roppen wurdt fan freed is der de ferneamde partoeren presentaasje dan soe de bond der dochs op tasjen moatte dat it gros fan de partoeren sawol by de froulju as de manjlu der wol binne oars moatte je as bond der gau mei ophâlde want dit is gek oanstekken.
Oant in oare kear!
Zit het voetbal het kaatsen niet steeds meer dwars? Voetbal duurt nog minimaal 6 weken, dan zit je al halverwege juni, dan nog nacompetities en je pikt al bijna juli aan. Misschien hier nog meer rekening mee houden