Je binne der moai klear mei!
Gerelateerde Artikelen
Hjoed de 46ste Frouljus-PC mei wer in kloft folk rûnom it fjild. Prachtich smûk waar wat wolle je as leafhawwer noch mear. No, ik wit noch wol wat! Litten wy it earst mar efkes hawwe oer de begjintiid fan de wedstriid. Dy stie hjoed wer op alfe oere. Dat is yn myn eagen en mei my in bulte leafhawwers te let. Werom net begjinne om tsien oere dan binne je moai foar seizen klear. Wat is der no mis mei! Hja dy’t yn Weidum bliuwe wolle dogge dat ek wol om seis oere. Feest is feest is it net!
Wat opfoel wie it feit dat der feitlik mar twa partoeren binne dy’t de tsjinst út meitsje en dat wie hjoed yn Weidum net oars. De krachtsferskillen binne gewoan fierstente grut en dat kin in blyn hynder ek noch wol sjen. Mar alles sjen skynt ek hjoeddedei muoilik te wêzen en dan haw ik it oer de partij tusken Ilse Tuinenga-en-dy en de winners fan hjoed Nynke Sijbrandij c.s. It wie in geweldich moaie en spannende partij mei ien donkere wolk. Sjoch alle seis froulju binne masters op harren terrein. It binne hurde gefechten en it komt op hiele lytse dinkjes oan. Ien slagje kin de partij meitsje en brekke. No, der wit it partoer fan Ilse Tuinenga-en-dy sûnt hjoed wer alles fan.
Nei twa kear seis gelyk waard it foar de tredde kear seis gelyk en Nynke stien oan de stuit. Se joech in smoarge bal mar wol in bal dy’t in hanbreedte foar wie. Ik siet op ien line met de foarline better kinne je it as stikje skriuwer net hawwe. Boppedat siet ik moai heech mei it gesicht op é foarline. Foar dus en 2 om 1 foar Ilse-en-dy. No moai net want âld-keatsster Joke Koldijk hie hiele oare dingen sjoen en joech sûnder ek mar mei de eagen te knipperjen in sitbal. Louise Krol liet nei ôfrin witte har naaid te fielen en gelyk hie en hat se. Omdat skiedsrjochter Hendrik Tolsma der ek hast op’e noas by stie moat hy ek sjoen hawwe dat de bal foar wie mar hy liet nei om Joke te oerrûlen. Hoe blyn kinne je dochs wêze. Je witte dat it derom giet…se binne net oan it pingpongen en dochs lit Hendrik dit barre. Ik tink dan: dat wie Hendrik Sweering net oer kommen.
Hendrik is skerp wit as de bêste hoe’t de hazzen yn keatslân rinne en hie it wol sjoen. Dat is no it ferskil tusken de top en de tobber! Ja, en Joke dan! Mocht Joke der ûberhaupt wol stean. Se hat in keatsende dochter yn it fjild en boppedat waard der sein dat Joke ek lid is fan it winnende partoer Fjoer. As je kwea tinken wolle dan jout dat te tinken. Dat soenen je net wolle meie. Elke skyn fan belutsenheid is der ien te folle. Dat soenen je as âld-keatsster dochs witte moatte. No, leit der in skaad oer de partij dy’t oant 1-1 en 6-6 geweldich wie. Dernei ek noch wol mar it hie samar oars rinne kinnen as Joke en Hendrik net de mist yn gongen wienen. Doe’t ik nei ôfrin nei de auto rûn gong it allinne mar oer ien slach…just de slach op 1-1 en 6-6.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie