Kweapraat 2022 (10)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 3, 2022 20:37

Kweapraat 2022 (10)

Yn Harns hearde ik ien sizzen: De essinsje fan sport is striid en beleving en dat no misse de leafhawwers hjoeddedei op de Frysks keatsfjilden. It liket wol as de gjin striid mear is tusken de de trije ‘top’partoeren en it efterfolgjende keatspeloton. Harns wie der wer in moai foarbyld fan. Utsein de finale wie der net folle te genietsjen. Dat is gewoan te min as der njoggen partijen op it programma stean. Ja, ferbaal kinne se noch wol út de hoeke komme mar dat is it dan ek. It is gewoan te min dat je sa no en dan ris in moaie partij foarby kommen sjogge. Ik spruts mei keatsers en se koenen der wol yn mei gean. Keatsen begjint mei striid. It gers opfrette wolle om te winnen mar dat is der faak net mear by. Ja, wol kugels wurde as in karmaster of skeids it yn de eagen fan de keatser net by it goeie ein hat dan spatte de eagen der hast út. Ik seach soks leaver werom op it fjild. It sil wol mei de tiid te meitsjen hawwe wer yn wy libje. It binne golfbewegingen en der hat it keatsen ek mei te krijen. Krekt as by de froulju is it tin by de manlju…de kwaliteit hâldt net oer.

It is skraapjen om in folslein partoer op ‘e list te krijen weryn ek noch wat kwaliteit sit. Yn Peins seach ik Chris Wassenaar wer foar best opslaan. No as ynfaller foar Remmelt Bouma dy’t malheur hat oan ien fan syn knibbels. Ofwachtsjen is noch mar as hy op tiid klear is foar de PC. Ik haw myn broer Jelle Pieter al leaf oan sjoen liet Bauke Dijkstra my yn Eksmoarre witte want oare smaken binne der net mear. Sjoerd de Jong is ek útskeakele en Bauke Triemstra en Patrick Scheepstra hawwe foar de kommende wiken Daniël Iseger oanlutsen. Mar dat is it dan ek wol. In oare âlde kriger Jacob Wassenaar is mei de PC op fakânsje…dus keatsers dy hoege jimme net te skiljen.

Mar it seit fansels alles oer it keatsen hjoeddedei yn de heechste rangen fan it Fryske keatsen. Op de trochinoarlotterspartij yn Eksmoarre wie net komplete list. Twa man wienen der net en by nûmer tsien moast ek bylotte wurde. No bart dat wol faker mar dit wie wol spesjaal fan sels. 

Nûmer tsien hie twa foarynsen op ‘e list. Bauke Dijkstra en Dylan Drent wienen de gelokkigen of ûngelokkigen it is mar oan hokker kant je steane. Mar it rekke kant noch wal lit dat dúdlik wêze. Ik wit net wat de ôfweaging by hja dy’t de lotting dogge west haw mar se sieten der fier njonken. It reglemint is der dúdlik yn. De haadklassers wurde op ranking en funksje selekteart. By de earsteklassers kinne je noch wol wat skouwe mar by de haadklassers net. Dus tien opslagers, tsien foarynsen en tsien efterynsen as dy har opjûn hawwe…sa net dan wurdt der bylotte. Bauke wie der ek dúdlik yn…ik hie fan de list moatten. Simpel sat! Mar de bond hat blykber syn eigen spulregels. Kin net en mei net! Je meitsje yn feite twa keatsers al foar it begjin kânsleas om fierder te kommen. Dat hja noch in lytse preemje pakten wie mear gelok as wiisheid.  

Foar de jubilearende feriening Eksmoarre wie dat tige spitich. Hja fertsjinnen better. Sarie en harren frijwilligers hienen it geweldich foar elkoar. Alle linen wienen beset en de organisaasje krijt fan my in tsien mei in griffel. Moai soe wêze as Eksmoarre in plakje krije soe op de jierlikse jieraginda. Wy moatte farsk bloed hawwe en Eksmoarre past der wol yn.

Eksmoarre wie ek de striid tusken de grutte tenoaren Taeke Triemstra en Gert-Anne van der Bos. In striid wa’t op it heechste plak op de apenrots sitte mei. Op de ein koe Taeke der plak nimme mei Gert-Anne der krekt ûnder. De finale yn Eksmoarre wie it bêste fan dit wiekein lit dat dúdlik wêze.

Yn Eksmoarre reinde it ek wer bûtenslagen. 90 yn de earste omloop in gemiddelde fan 18 mei útsjitters nei 27 per partij. Der is dochs op te trainen om de bal binnen de linen te krijen soenen je sizze….! 

De froulju wienen dit wiekein frij en dan sjogge je efkes werom op twa moanne keatsen. Ik mei graach nei de statestieken sjen en dan sjogge je dat der 237 punten te fergarjen wienen by de froulju haadklasse. Derfan gongen der 134 nei de earste seis yn it klassemint in gemiddelde dus fan 22,3 punten. Foar it omsittend laach bleunen der 103 oer wat dielt wurde moast troch 32 froulju. Foar twa moanne keatse in opbringst fan 3,2 punt. Miskien in idee om gewoan thús te bliuwen sadat der in oar systeam komt by de froulju haadklasse. Sûnder dizze 32 froulju kinne de boppeste seis ek neat mear. Ik soe it wol in moai idee fine…sa lang de bond neat docht en de ranking de baas bliuwe lit en lak hat oan dat wat de goegemeente mei harren ofsprutsen hat sa as ferplicht dielnimme oan trochinoarlotterspartijen….hie it dan net opnommen yn it keatsregtlemint. 

Oant in oare kear!     

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 3, 2022 20:37
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel