Kweapraat 2022 (7)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 12, 2022 21:11

Kweapraat 2022 (7)

It wie de ôfrûne wike wer in hiele drokte yn it hinnehok. It geëamel is dan ek net fan ‘e loft. It begûn tiisdei al mei de lotterij by de froulju yn Stiens. Ik siet der tiisdei op de neimiddei op te wachtsjen en doe die bliken dat de lotterij fan Stiens efkes op in leech pitsje setten wie. Ik hie wat prikken útset wat no de bedoeling fan de wedstriden fan de haadklasse by de froulju is. Hie Durk Kuperus sneon op de Jong Nederlân al by it ear han en fierder efkes om my hinne sjoen. Koart sein kaam it der op del dat de iene (bond) net wit wat de oare (de keatssters) docht oars snap ik net dat it op de iene wedstriid sa giet en op de oare wer 180 graden de oare kant om. Wat spilet der no einliks!

De froulju haadklasse wolle wat oars om der noch aardigheid oan te halden. By de frije formaasje wedstriden is yn njoggen fan de tsien finales yn it foar al bekend wa’t yn de finale stean sille. Dat is foar it oare part fan de acht haadklasse partoeren fansels om te janken. It kwaliteitsferskil is fierstente grut tusken de twa top partoeren en de nûmers 3 oan te mei 8. Dat jildt noch mear op de trochinoarlotterspartijen want dan nimme de earste klas froulju leaver in dei frij. Dy wolle dizze foarm fan keatsen net mear. Mar de bond is in lôch lichem en hâldt graach fêst oan harren eigen ideeën as se it keatsen no foarút helpe stiet net altyd sintraal. Der binne no in oantal wedstriden keatst mei seis partoer op ‘e list. Twa pûltsjes fan trije en der wurdt yn dizze foarm net mear keatst om de lytse preemje. Klear! It is it besykjen wurdich en alle partoeren kinne minimaal twa kear út de klean.

Dat woenen se dochs sa graach. Mar de pilote kin net troch set wurden omdat yn it systeem fan de ranking hjir net yn fersjoen is. Boppedat is de ranking hillich by de harren dy’t tinke hjirmei it keatsen in tsjinst te bewizen. Dus yn Sint Jabik meie de froulju noch ien kear opdrave yn de setting fan seis partoeren mar dan moatte se fan de bond wer yn it hok en witte de leafhawwers wer rom yn it foar wa’t yn Skuzum of Keimpetille wer yn ‘e finale stean. By de frije formaasje is dit no dúdlik mar by de trochinoarlotterspartijnen jilde wer oare regels. Foar Stiens hienen mar 22 froulju harren op jûn foar de partij weryn dochs wol in aardige sluuf mei prizejild op de froulju lei te wachtsjen. Likefolle as wat de mannen snein yn harren sluuf krigen. Mar no waard der sein dat de froulju der fanút gongen dat der mar seis partoer yn Stiens op de list stean soenen.

Dus wie de gedachte as ik net by de ranking by de earste seis partoeren stean haw ik yn Stiens neat te sykjen. Alles falt en stiet mei oerlis en goeie en heldere kommunikaasje mar dat skynt anno 2022 mei alle mooglikheden fan app, mail en tillefoan hiel dreech te wêzen. Boppedat hâldt de bond, sis mar Durk Kuperus, fêst oan acht partoer op de haadklasse. Is dat slim? Ik tink it net…ik tink dat der útsûnder De Ryp, Makkum en Boalsert straks oer krapoan fiif jier net mear yn de haadklasse keatst wurdt as der net stappen nommen wurde. As de top fan de haadklasse der oer pak’em beet twa of heechút trije jier stoppet dat it dan hiel tin wurdt op de fjilden wêr’t ea de froulju keatsten. O ja, yn Stiens stie Nynke Sijbrandij ek op ‘e list. It wie de earste kear dat se noch op in trochinoarlotterspartij oanwêzich wie mar net as opslagger mar as foarynse. Nynke hie sjoen dat der genôch opslaggers wienen en hie har foarkar útsprutsen om as foarynse ynlotte te wurden. As foarynse hie mear kâns op in priis as as opslager en sa barde it ek…der kin in soad by de 125-jierige keatsbûn as je de gatsjes fan de keatsmazen mar witte.

Ofrûne sneon ferbaasde ik my dat yn de tredde omloop it fjild ynienen ferlein wurde moast. Skiedsrjochter Fokke van der Veen, dy’t wer fan stal helle is omdat der in grut tekoart oan skeidsen is, begun ynienen ynwylst der noch drok keatst waard it keatsen stil te lizzen omdat it fjild ynkoarte wurde moast. It werom is my noch altyd net dúdlik en ik tink dat Fokke dat sels ek net wist. Want oars reagearje net mei: Dan hawwe jimme ek wer wat te skriuwen.’Sjoch, it giet net om my of wa dan ek. It gong bygelyks om de partoeren fan Mantgum en Winsum dy’t oan it keatsen wienen en werby Mantgum mei trije skjinne earsten foar stie! Nei de ûnderbrekking hawwe de mannen fan Jacob Klaver gjin boardsje mear han…! Dit kin dochs net mar hoewol Fokke oanroppen waard dat dit net koe waard it gewoan dien. Mar hie dan ek efkes nei de boarding sjoen want dy stie net op 3 meter ôfstân fan it keatsfjild. No, wie Frjentsjer gjin útsûndering want de boarding stiet nea goed op de keatsfjilden. Mar der moat blykber earste ien tsjin oan donderje en in blesseure oprinne foardat der wat oan dien wurdt.

Tjisse Steenstra waard snein kening fan de Stienzer Keatsdagen. Dat fûn ik frjemd omdat syn maat Hans Wassenaar de measte rjocht derop hie. De keningskommisjes binne hast te mear te folgjen. Yn de Ryp wienen se nei alle gedachte dronken en doe wie Tjisse it slachtoffer en ferliden jier yn it selfde Stiens hie Tjisse wol kening wêze moatten en doe waard Hans Wassenaar op it skild setten en no woenen se blykber wat goed meitsje en no sieten se der wer njonken. Ik soe sizze: ophâlde mei dat gedonder! Ik haw sels te folle meimakke om te witten hoe’t de keningskommisje faak wurket. Hat by tiden neat te krijen mei kinnen mar wol as je wol of net yn it pultsje falle sis mar hawwe je wol of net de gunfaktor. Stopje der dan mar mei!

Oant in oare kear!

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 12, 2022 21:11
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel