Nije KNKB-foarsitter Coos Veltman: “Ik wol de sport foarút helpe”

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen april 3, 2022 12:22

Nije KNKB-foarsitter Coos Veltman: “Ik wol de sport foarút helpe”

Ald-topkeatser Coos Veltman út De Hommerts is beneamd ta nije foarsitter fan keatsbûn KNKB. Veltman, twafâldich PC-winner, is de opfolger fan Wigle Sinnema.

Sinnema naam tongersdei nei sân jier ôfskied fan it keatsbûn. Hy waard by syn ôfskied beneamd ta earelid fan de KNKB.

Coos Veltman hat ek de nedige bestjoersûnderfining. Hy is de oprjochter en foarsitter fan keatsferiening De Boppeslach yn De Hommerts en Jutryp.

De nije foarsitter kin oan de bak, want yn in drege merk ferliest de KNKB de lêste jierren leden. En dus rjochtet de KNKB him op de takomst.

Der moat in stip op de kaart set wurde. Mei help fan saakkundige help fan bûten wol de KNKB beliedsplannen meitsje dy’t derfoar soargje dat it keatsen ek yn 2035 noch in bloeiende sport is.

Veltman sjocht it wol sitten. “Keatsen sit yn myn bloed en yn myn hert. Ik haw in soad dingen dien op keatsgebiet en ik wol de sport graach foarút helpe. Dat fyn ik in moaie útdaging.”

Tagelyk realisearret er him dat gjin maklike put is. “De wrâld giet rap. Dingen feroarje rap en om dan in stip op de hoarizon te setten is bêst yngewikkeld. Je moatte linich wêze yn je hanneljen. Ik wol wol wat feroarje yn de keatswrâld, mar hoe krije je dat foar elkoar, as dy wrâld fol sit mei tradysjes?”

Dochs bliuwt Veltman optimistysk, want hy sjocht ek mooglikheden. “Dat kin ik net allinnich: de gemeenten moatte dêr ek yn mei. Bewegen is belangryk, want we moatte mei syn allen sûn bliuwe. Ik freegje dêr omtinken foar dat sy dat mei nimme yn de plannen. Der moat wat gebeure.”

Op de algemiene ledegearkomste waard ek it beslút naam om om in fûns yn te stellen foar de jongerein. Dat fûns, mei in startkapitaal fan 25.000 euro, wurdt beheard troch in aparte stichting.

‘Gjin draachflak’ foar rûlaasjesysteem

De ferienings Jan Reitsma fan Reduzum en Onder Ons fan Easterlittens lieten ek fan har hearre. Beide ferienings hawwe yn de coronatiid foar it earst in manljushaadklassepartij organisearre en dat smakke nei mear.

No stelle de beide ferienings foar om in rûlaasjesysteem yn te stellen by de tawizing fan manljushaadklassepartijen. Net ferrassend is dat ferienings dy’t al jierren sa’n partij ha, dêr neat foar fiele. In rûlaasjesysteem gie de KNKB ek te fier. “Gjin draachflak”, neffens it haadbestjoer.

In boost oan it keatsen

Foarsitter Sjoerd Hofstee fan de feriening út Reduzum lit idee lykwols noch net los. “Ik fyn dat it bûn hjir wol wat mear lef toane kinnen hie. Ik krige se no net mei, mar ik hoopje dat wy de kommende jierren nochris de kâns krije om deroer te praten.”

Hy stiet net allinnich, tinkt er. “Der binne miskien wol ferienings dy’t hjir wol yn mei wolle. Dy ferienings reitsje har partij net kwyt. Se rûlearje mei. Dat jout in boost oan it keatsen.”

 

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen april 3, 2022 12:22
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Harald

    Harald

    Zit het voetbal het kaatsen niet steeds meer dwars? Voetbal duurt nog minimaal 6 weken, dan zit je al halverwege…

    View Article
  • ytrewq

    ytrewq

    Bêste Gerrit, Do hast yn dûbelde sin in positive rol spile yn it bestean fan De Keatsfreon: dyn oanbring fan…

    View Article
  • murkviersma

    murkviersma

    Wierd Baarda is juist. Maar van later datum is het antwoord Johan van Ijs ook goed. Overigens heeft Martinus Santema…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel