Willem Tuinman 1966-2021
Related Articles
6illem Tuinman, hikke en tein op De Ryp, is net mear. Yn de nacht fan 29 op 30 novimber moast hy op 55-jierige leeftiid al belies jaan. Willem wie net allinne de keatsheit fan Sipke Jan en Bouke Jan, mar koe sels ek wol in baltsje slaan.
Willem lit him yn 1980 al sjen mei it winnen fan de bond foar skoaljonges. Mei S. Alberda en Tom Ringia wint hy de priis. It sil it begjin wêze fan in moaie keatskarrière by de jeugd. Sa wint hy yn 1983 de Freule mei Gosse Smid en Tom Ringia. Dêr bliuwt it net by, want op de Jong Nederlân kin it net op. Sawol yn 1985 as yn 1986 is de hage foar him. Coos Veltman en Anne van der Wal binne dan syn maten. Yn 1987 is der noch in lytse preemje foar deselde mannen.
Yn de earste klasse, no de haadklasse, is Willem twa jier aktyf. Sawol yn 1986 as yn 1987 falt hy yn de prizen. Op 15 juny 1986 wint hy yn Sint Jabik de priis mei Peter Rinia en Piet Jetse Faber. Op de PC fan dat jier is der in lytse preemje mei Goos Nijman en Jehannes Andela. Yn 1987 falt yn Kimswert it doek as it giet om it útkommen op it heechste nivo foar Willem. Mei in preemje nimt hy oan de side fan Lambert Postma en Gerrit Boomstra ôfskie fan it earste klas keatsen.
Willem wie in man mei in útsprutsen miening! Sa en net oars! Oan syn libben is te betiid in ein kaam.
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment