Takomst fan keatsklup Marsum ûnwis: kin KV Foarút noch wol foarút?

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 29, 2021 16:20

Takomst fan keatsklup Marsum ûnwis: kin KV Foarút noch wol foarút?

De ein driget foar de keatsclub fan Marsum. KV Foarút bestiet takom jier 125 jier, mar hat nei dit jier noch mar ien bestjoerslid oer. Op dit stuit binne dat der noch trije, mar twa fan har nimme ôfskie. KV Foarút komt mei in needgjalp.

“De enerzjy is gewoan op”, seit Coby van Wieren. Mei Maaike Herrema stapt sy út it bestjoer, Bauke Rekker soe de iennige wêze dy’t noch oerbliuwt. “Wy kinne de karre net lûke mei trije minsken. Wy wolle wol, mar kinne net.”

Needgjalp

It hjoeddeiske bestjoer hat in brief nei alle leden, âlden en donateurs stjoerd. It komt del op in needgjalp. “Sy moatte it mar sizze”, seit Van Wieren. “Wy hawwe in spoedgearkomste hân, want wy moatte kandidaten hawwe foar it bestjoer.”

Trend

Neffens Van Wieren sit Marsum dochs wat mei in fergrizing, mar it giet ek om in gruttere ûntwikkeling. “De minsken wolle wol wat dwaan, mar net bestjoerlik. In soad wurkje beiden en wolle yn it wykein net op it keatsfjild stean. It is ek in trend, ferieningen hawwe it dreech.” Sa spylje der ek yn Harns problemen om genôch minsken foar it keatsen te krijen.

Dêr komt by dat keatsen in yntinsive sport is, dêr’t je ek wat fan witte moatte.

Emosjoneel stean ik der ticht op. Mar je moatte ek in kar meitsje.

Dochs moat Van Wieren der noch net oan tinke dat de klup ferdwynt. “Emosjoneel stean ik der ticht op. Mar je moatte ek in kar meitsje. Sy moatte mar opstean. Yn de brief stiet krekt wat wy sykje en wat de konsekwinsjes binne as wy gjin minsken fine.” Want it hâldt ek yn dat der gjin jongereinkeatsen, gjin ôfdielingspartoeren, gjin KNKB haadklassedagen en feestaktiviteiten mear binne.

Bestjoer en kommisjes

Der binne net allinne bestjoersleden nedich, mar ek koördinatoaren foar kommisjes. Der wurde in foarsitter, sekretaris, algemien lid, koördinator fjild en materiaal, koördinator perklizze en in koördinator jongereinkommisje socht.

Op 11 oktober folget in lêste spoedgearkomste, dêr’t eltsenien wolkom is. Dan moat dúdlik wurde oft KV Foarút ek echt noch foarút kin. (Bron: Omrop Fryslân).

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 29, 2021 16:20
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel