Gerrit Boomstra 1958-2021

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 7, 2021 20:02

Gerrit Boomstra 1958-2021

Op moandei 6 septimber 2021 kaam der in ein oan it libben fan âld-keatser Gerrit Boomstra fan De Ryp. Gerrit Boomstra waard berne yn Seisbierrum en keatste oan 1980 foar keatsferiening De Twa Doarpen. Foar de Twa Doarpen wûn hy yn 1977 en 1979 mei Jan Hesselius en Jehannes Brandsma twa kear de Jong Nederlân. Yn 1978 wie der noch in lytse preemje.

Yn 1980 kaam Gerrit te wenjen yn De Ryp en der soe hy ek noch jierren foar best opslaan. Foaral op de bond koe hy aardich út de fuotten. Trije kear stie hy yn de finale werfan de winst yn 1986 wol de wichtigste wie. Mei Coos Veltman en Durk van der Leest wûn hy doe de priis foar keatsfereining Sjirk de Wal. Yn 1980 en 1988 pakte hy de preemje. Fierder wie der noch in lytse preemje yn 1987. Gerrit Boomstra keatste fan 1980 oant 1988 yn de rijen fan de earste klasse no haadklasse. Syn earste preemje pakte hy op de bond fan 1980 en de lêste ek in preemje op 4 septimber 1988 yn Penjum op de útnoegingswedstriid fan Jan Reitsma.

Yn de njoggen jier dat hy keatste sloech hy 118 punten byien ferdielt oer 13 earste prizen, 23 preemjes en 33 lytse preemjes. Boppedat waard hy kening yn 1981 yn Berltsum en yn 1987 yn Menaam. Yn it jier dat hy ôfskie nam fan it keatsen sloech hy de measte punten yn in jier byelkoar nammentlik 20 wat ek syn bêste jier wie yn syn keatskarrière. It wie ek it jier dat hy de lytse preemje wûn op de PC mei opslagger André Blumers fan Wytgaard en Geert Wijma fan Makkum. Gerrit mocht mar 63 jier âld wurde.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 7, 2021 20:02
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel