Erwin Zijlstra nei snein kening fan Fryslân!
Related Articles
Foar Erwin Zijlstra falle dizze simmer alle stikjes op it goeie plak. Nei de transfer fan it jier kaam hy by de grutte tenoaren Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra yn ien partoer en dat hat him gjin wynaaien brocht. Gert-Anne sei yn Marsum tsjin my: Erwin is in Daniël 2.0! Ik tink dat Gert-Anne gelyk hat want hy hat dit jier grutte sprongen makke mei winst op de PC en Aldehou en op beide wedstriden waard hy ek noch kening. Boppedat einige hy as tredde yn it jierlikse puntenklassemint. Op de Aldehou wienen Peter van Zuiden en Taeke Triemstra syn maten en klikte gewoan. Peter keatste in poerbêste partij mei miskien de finale wol as syn bêste partij fan it jier. Yn de finale tsjin Remmelt Bouma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten besliste hy fjouwer kear op de seis it earst. De finale wie net fan heech nivo mar dat kaam ek omdat de perkspilers in soad lêst hienen fan de sinne. Remmelt Bouma-en-dy kamen yn it lêst mei 5 om 4 foar mar troch fouten oan de stuit waard it wer gelyk. It lêste earst begun mei in sitbal fan Erwin Zijlstra. Remmelt sloech kwea op en Taeke sloech de lytse keats foarby. Der kaam in keats en it wie Peter van Zuiden dy’t op 5-5 en 6-0 in moaie sitbal pleatste.
Foar Taeke Triemstra wie it in moaie opstekker sjoen syn blesseure dy’t noch lang net oer wie. Mar ja, de Aldehou is net samar in partij. It wie foar Taeke al de sânde winst op de ferneamde Aldehoupartij. 16 jier lyn wûn hy syn earste partij. Dernei yn 2011, 2012, 2015, 2018, 2020 en no 2021. Foar Peter van Zuiden en Erwin Zijlstra wie it de earste winst. Yn 2012 wûn syn broer Thomas ek mei Taeke as maat de Aldehoupartij.
It winnende partoer siet swier yn de list mar it op papier sterke partoer fan Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra koe it dochs net oprêde. Nei spul gelyk rûn Van Zuiden c.s. út nei in 5-2 en letter 5-4 foarsprong. Op 5-4 en 6-2 miste Kingma foar de achtste kear it perk.
Tsjin Paul Dijkstra, Renze Hiemstra (bylotte foar Allard Hoekstra) en Hans Wassenaar wienen de sitballen van Peter van Zuiden op 1-0 en 6-6 en 2-1 en 6-6 beslissend. Van Zuiden hie it perk Hiemstra-Wassenaar goed yn de tange. Beide mannen kamen mar ta trije boppeslagen. Op 5-1 en 6-6 miste Hans Wassenaar de krite.
Yn de heale finale tsjin Auke Boomsma, Dylan Drent en Willem Heeringa moast der al hiel gau bylotte wurde doe’t Auke Boomsma net fierder koe. Lang om let waard André van Dellen de gelokkige man. De sitbal van André op 4-3 en 6-6 makke it noch efkes spannend mar bûten fan Van Dellen op 4-4 en 6-2 en net foarby slaan fan Dylan Drent op 5-4 en 6-4 brocht partoer Peter van Zuiden de winst.
Partoer Remmelt Bouma wûn mei 5-3 en 6-6 fan Marten Bergsma, Sip-Jaap Bos en Gerben de Boer. Yn de striid om de preemje of neat koe de formaasje fan Gert-Anne van der Bos, Jouke Bosje en Laas Pieter van Straten lang hoopje op in plak yn de finale. Troch geweldich opslaan fan Van der Bos kaam syn partoer mei 3-1 en 6-6 foar mar doe sakke foaral syn perk en meinamme Laas Pieter van Straten troch it iis. Opslager Menno van Zwieten liet him alle kanten fan it perk sjen en foar Gert-Anne wie it dweilen mei de kraan iepen. Op 5-3 en 6-0 siet ek foar syn partoer it keatsseizoen 2021 der op.
It tredde jild wie foar Auke Boomsma, Dylan Drent en Willem Heeringa nei de 5-2 en 6-2 winst op Tjisse Steenstra, René de Haan en Thomas van Zuiden. De Aldehou fan 2021 wie der ien fan hiel gau ferjitte. It wie der ien fan hoe komme wy oan de ein weryn de musyk him needleas oanpaste oan it nivo fan it keatsen. Tsien partoeren op de trochinoarlotterspartij is gewoan in brêge te fier.
Sifers Aldehou. Earste omloop: 1. André van Dellen, Kevin Jordi Hiemstra en Riemer Hoekstra – 2. Paul Dijkstra, Renze Hiemstra (bylotte foar Allard Hoekstra) en Hans Wassenaar 4-5 en 6-6; 3. Peter van Zuiden, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra – 4. Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra 5-4 en 6-2; 5. Remmelt Bouma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten – 6. Marten Bergsma, Sip-Jaap Bos en Gerben de Boer 5-3 en 6-6; 7. Marten Bergsma (bylotte foar Johannes van der Veen), Bauke Dijkstra en Gerben de Boer (bylotte foar Tsjerk Elsinga) – 8. Gert-Anne van der Bos, Jouke Bosje en Laas Pieter van Straten 1-5 en 0-6; 9. Tjisse Steenstra, René de Haan en Thomas van Zuiden – 10. Auke Boomsma, Dylan Drent en Willem Heeringa 2-5 en 2-6; Twadde omloop: 2. Paul Dijkstra c.s. – 3. Peter van Zuiden c.s. 1-5 en 6-6; 5. Remmelt Bouma c.s. – 8. Gert-Anne van der Bos c.s. 5-3 en 6-0; 10. Auke Boomsma c.s. steand nûmer; Heale finale: 10. Auke Boomsma c.s. – 3. Peter van Zuiden c.s. 4-5 en 4-6; 5. Remmelt Bouma c.s. steand nûmer; Finale: 5. Remmelt Bouma c.s. – 3. Peter van Zuiden c.s. 5-5 en 0-6.
Taeke Troelstraweg heeft de Oldehovedag 7x gewonnen en niet 6x zoals vermeld werd.
Hij staat achter Sjouke Helfrich en Taede Zijlstra, die nog succesvoller waren op de Oldehovedag dan Taeke.
Op de Ranglijst van de Rengersdag staat Taeke samen met Klaas Kuiken op de eerste plaats
Tetman,
Heel hartelijk gefeliciteerd met je benoeming als Erelid.
Wat een lange tijd heb je de kaatssport gediend.
Geweldig!