Rinze Hof nei slimme sykte ferstoarn
Gerelateerde Artikelen
Sneon 21 augustus 2021 kaam der in ein oan it libben fan Rinze Hof fan Dronryp. Hof waard berne yn Utwellingergea en kaam letter te set yn Frjentsjer. Der waard hy lid fan keatsferiening Jan Bogtstra en letter fan TOG. Hjir kaam Hof sels op ‘e list fan de earsteklassers fan it CFK. Nei dit útstapke kaam Rinze wer werom op it âlde nest en waard lid fan KV Klaas Mug út Rie. Rinze pakte it keatsen ek wer op en mei under oaren Anske de Boer en Jan Vlietstra sjoch ik him noch keatsen op de doetiidse twadde klas partijen yn frije gearstalling.
In foto fan in earste klaswedstriid yn Eksmoarre begjin jierren 80.Flnr: Dirk Groen, Peter v.d. Logt, Ludwig Seerden en skiedsrjochter Rinze Hof (Foto: FD).
Op oantrunen fan Atte Keizer komt Rinze op de skiedsrjochter kursus yn Ljouwert. Dat jout fertuten want Rinze sil krapoan 22 jier lieding jaan oan tal fan wedstriden fan leech nei heech. Allinne it lieden fan de PC komt der net fan fan mar wol tal fan moaie oare partijen sa as de bunswedstriden. Der koe hy syn aai ek wol kwyt. Yn 2003 komt der dan in ein oan omdat Rinze Hof him net altyd mear fine kin yn it hieltyd mar profesioneler wurdende keatsen. Dat stiet fier fan Rinze. De PC wie foar him in brêge te fier mar hy hat wol 17 jier lang haadkarmaster op de PC west. Hof waard frege troch Bart Schurer en hat dat putsje mei leafde dien. It wie foar de beskieden Rinze Hof it hichtepunt fan it jier.
I
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie