Partoer Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra winne ek yn Harns
Gerelateerde Artikelen
De oerwinning by it haadklassekeatsen by de froulju yn Harns gie snein nei it partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. De finale einige mei 5-2 en 6-6 tsjin Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma. It partoer fan Nynke Sijbrandij hie al leafst fiif frije formaasjepartijen wûn. De lytse preemje gie nei Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma. (Foto: Henk Bootsma).
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie