Kweapraat (1)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 11, 2021 20:55

Kweapraat (1)

Ik hie mysels in frije sneon tasein sadat ik De Jong Feinte Partij rinne litten haw. Je kinne ek net alles yn it libben. Mar de besite oan Boalsert hat my wer skoan foldien. Ik wie moai op ‘e tiid yn Boalsert en it moaie Oordje en it waar lake my ta. Dat waard gâns oars doe’t de ferhalen oer de Koarona gongen. It gros fan de besiker is der hielendal klear mei. It ferhaal fan de oardel meter….hoe fier binne wy fan hûs. Nei trije pilskes tinkt net ien mear oer de oardel meter. Dat is de realiteit. Yn Stiens waard it ek faak omrôppen..tink om de oardel meter. Dat wurket foar gjin oardel meter. It folk is der klear mei! Binne je faksineart en dan hawwe je noch neat oan dat bewiis dat seit dat jo je prikken hân hawwe. No moat der as je de PC besykje wolle alles noch op de app fan de tillefoan as je tafallich sa’n modern gefal hawwe. Ik gean by mysels út! Ik haw net sa’n tastel en ik bin der wis fan dat in soad leafhawwers dy’t al wat âlder binne sa’n tastel ek net hawwe. As je it fjild yn Minnertsgea en Frjentsjer opwolle moatte je sa’n útdraai toane kinne. Ik bin der sels al mei dwaande west…mar ik bin noch net in sprut fierder kommen. No dat sil foar in soad leafhawwers noch in hiele poepetoer wurde. Ik sels haw de wyte flagge al by de doar hongen. Wy binne der moai klear mei! Wienen wy sa bliid dat de PC wer âlderwets drok wurde soe en hawwe no dit gedonder wer. Om dúvels fan te wurden.

Myn maat Klaas ek net foar in gat te fangen koe syn app mei stipe fan de Miedema mannen der net samar op syn hjoeddeiske tillefoan krije…dan brekt my it swit út! Mar hawar dat is foar letter! Hjoed yn Boalsert wie de tredde frije formaasje partij fan dit seizoen en foar de tredde kear wie der in oare winner.

Yn it Fean wie de priis foar Marten Bergsma-en-dy en yn Stiens wie de winst foar it toppartoer fan Tjisse Steenstra. Yn Boalsert luts it partoer fan Gert-Anne van  der Bos oan it langste ein. Dat hie samar ek de formaasje fan Enno Kingma wêze kinnen mar kinnen leit op it tsjerkhôf.

Dúdlik is wol dat it by de haadklasse manlju hiel tin is. Njonken de trije priiswinnende partoeren docht de formaasje fan Enno Kingma goed mei mar dan hawwe je it ek wol hân. De rest is listfulling as hja it no wol of net leuk fine om sa neamt te wurden.

Guon partoeren as dat fan Simon Zijlstra, Jelle Scharringa en Paulus Yde Walda en Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong hearre net mear thús op de haadklasse. Mar dat giet ek op foar Haije Jan Nicolay, Jelte Visser en Evert Pieter Tolsma dy’t der hjoed yn Boalsert trouwens net wie. As ik dan oan de sechtjin partoeren fan de PC tink slaat de skrik my om it hert. Stel dat de fjouwer partoeren by elkoar lotsje….stel dat dat bard! Gau oan wat oars tinke.

Yn it Fean keatste Marten Bergsma syn partoer in goeie pot om samar te sizzen mar yn Stiens lieten se harren troch Chris Wassenaar syn dwaan en litten by de noas nimme en yn Boalsert rekken se by trije earsten gelyk it spoar bjuster doe’t Taeke in pear kear boppesloeg neidat hja mei 3-1 en skjinne fjouwer foar kamen. Yn ienen wie it fleis fan de bonken en wie it skoppen fan Bergsma tsjin de reklameboarden in teken dat it fet fan de sop wie. Kootstra hie der ek noait mear ien foar en Drent de oanjager by útstek moast duldsum tasjen. Dat wie der yn 2020 net by! Takom wike mar werris sjen!

Tjisse Steenstra-en-dy wienen dit jier it top partoer dat wie ommers de gedachte by in grut part fan de leafhawwers. De krommels wienen foar de rest…mar nei trije partijen leit dat dochs wat oars. Yn it Fean waard it partoer sis mar opfretten troch Gert-Anne van der Bos-en-dy. Foar de taskôgers in geweldige partij mei prachtich keatsen fan beide kanten mei Van der Bos as winner. Dat wie in tikkie! Dat kin net oars! Yn Stiens waard dan wol wûn mar yn de partij tsjin Enno Kingma wie dúdlik dat der noch wol wat barre moat. Opslager Kingma wie yn Stiens royaal mei bûtenslagen en dizze kadootsje pakken de mannen noch altyd graach út.

Mar snein yn Boalsert waard ek dúdlik dat opslager Tjisse Steenstra syn draai noch net fûn hat. It is allegearre noch wat ûnwennich. Tjisse stiet te faak stil…de striid giet te folle om him hinne…hy hat der grutte parten fan de wedstriid part noch diel oan. Dat moat oan him frette! Tjisse Steenstra moat wurkje om yn foarm te kommen. Dat is der no net mear by! Hy stiet it  grutste part fan de striid der wat ferlern by en dat ek noch mei twa mannen dy’t it each (te) folle op de boppe hawwe. As it slagget is dat moai mar juster wie al gau dúdlik dat Wassenaar syn dei net hie. Ien fier klapke is te min foar dizze man. Tjisse is tink ik ek net de man om syn plak dan foar in oantal slagen op te easkjen. Tjisse hat bewust de kar makke om by Van der Bos en Triemstra wei te gean….no is it ôfwachtsjen oft dit in goeie en ferstannige kar west hat.

Van der Bos en Triemstra kinne al werom sjen op trije goeie partijen. Yn it Fean koenen de mannen harren nei de oerwinning op Steenstra-en-dy net wer op ‘e nij oplade. Stiens is noait in plak wêr’t maklik wûn waard en der wie Gabe Jan van Popta dy’t dwers lei mar yn Boalsert wie it rekke. Foar Taeke Triemstra wie it al de sânde kear dat hy foaroan stie op de frije formaasje wedstriid. Hast tweintich jier lyn wie der al de earste winst. 2002 om presys te wêzen. Gert-Anne docht ek goed mei en foar him wie it de seisde oerwinning. Mannen hawwe yn Erwin Zijlstra in goeie oankeap dien. Zijlstra is rêstich en hat him goed oanpast. Boppedat hat Erwin in sterk skouder en syn twadde opslach rint ek as it spoar. Nee, dat sit wol goed! Taeke kin noch maklik en faak de boppe fine en it wie moai te sjen dat opslager Van der Bos yn de twadde helte fan de partij tsjin Bergsma-en-dy syn ritme wer werom fûn.  Yn Boalsert waard ek dûdlik dat it nivo opheech moat.

It reinde snein bûtenslagen 148 yn getal in gemiddelde fan 16 en dat by wyn stil waar!  Moat better mannen!

Sake oant in oare kear!         

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 11, 2021 20:55
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel