PC-foarsitter: ‘De bêsten dogge mei, manlju of froulju makket ús neat út’

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 27, 2021 11:24

PC-foarsitter: ‘De bêsten dogge mei, manlju of froulju makket ús neat út’

It soe samar kinne dat der aanst in frou yn it perk stiet by de Fryske keatsklassiker de PC. Foarsitter fan de Permante Commissie Ids Hellinga stiet dêr net negatyf tsjinoer.

By it fuotbaljen is it sûnt koart tastien,dat froulju mei de manlju meidogge. Guon froulju wolle dat ek by it keatsen. Marrit Zeinstra soe graach meidwaan wolle oan de PC, seit se. De op en top sportfrou waard ferline jier keninginne by de froulju, Se docht grif net ûnder foar de measte manlju.

De foarsitter fan de PC sjocht gjin problemen yn dielname fan froulju oan de PC. “De bêste 48 keatsers moatte op it Sjûkelân stean. Oft dat manlju of froulju binne, makket ús neat út. Wat de PC oanbelanget is der gjin beheining”, seit Hellinga.

Wannear kinne jo meidwaan oan de PC?

De heechste fyftjin partoeren op de ranglist fan keatsbûn KNKB plus it winnende partoer fan in ekstra kwalifikaasjewedstriid (keats-off) dogge mei. “It soe my prachtich lykje as wy de keats-off in wildcard jouwe, bygelyks oan it bêste frouljuspartoer. Dat hawwe wy ek alris besocht mei in partoer út België.

In dielnimster lykas Marrit Zeinstra dy’t wol earen hat nei dielname oan de manljus-PC sil dan yn partoer sitte moatte mei allinnich froulju of mei manlju deryn. Sa kin se yn de top 16 komme.

KNKB makket wol ûnderskied manlju en froulju

Hellinga tinkt dat by keatsbûn KNKB wol belemmeringen lizze oangeande de regels. “Ik tink dat dêr echt ûnderskied makke wurdt tusken manlju en froulju. By de PC sels leit dy belemmering der net.”

By de KNKB soe dus dan wat feroarje moatte en dat kostet tiid. It publyk sil wol waarm foar rinne foar dielname fan froulju oan de manljus-PC, ferwachtet Hellinga. “Wêrom net? It giet der ús om dat de bêste 16 partoeren (dus de bêste 48 keatsers) harren pleatse. Oft dat no manlju of froulju binne, dat makket foar ús neat út.”

Mar Hellinga wol ek net te optimistysk wêze oer de kânsen foar de froulju: “Lit earst mar ris op in jûn it bêste frouljuspartoer keatse tsjin in tal manljuspartoeren.” (Bron: Omrop Fryslân).

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 27, 2021 11:24
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Sieds Rienks

    Sieds Rienks

    Taeke Troelstraweg heeft de Oldehovedag 7x gewonnen en niet 6x zoals vermeld werd. Hij staat achter Sjouke Helfrich en Taede…

    View Article
  • Pieter Breuker

    Pieter Breuker

    Oars as Jan Braaksma yn syn Kweapraat fan 0408 tinkt, wienen ekstremen yn it bedroch mei de nap ûnder alle…

    View Article
  • Pieter Breuker

    Pieter Breuker

    Yn syn lêste Kweapraat komt Jan Braaksma op myn opmerkingen oer de nap. No gong it my dêrby net sasear…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel