Gerrit Tempel 1946-2021
Gerelateerde Artikelen
17 febrewaris 2021 kaam der dochs noch hommels de ein oan it libben fan Gerrit Tempel eartiids fan Sint Jabik en no al jierren te set yn Frjentsjer. Tempel keatste fan 1966 oant te mei 1973 yn de earste klasse no haadklasse. Stie 15 kear foar de tinte werûnder twa kear op ‘e earste rige. Gerrit Tempel moast it foaral fan syn kreft hawwe. Opslaan en efteryn wie syn plak. Ik seach Gerrit foar it earst op de Freule fan 1963.
Der liet Gerrit doe sjen dat hy in fin mear hie as in bears. Mei syn maten Wilco Kolthof en Henk Leeuwen rikke hy ta de finale weryn Ljouwert mei Henk Volbeda, Rob Sepp en Cor Schaalje him de baas wienen. Mar doe waard al dúdlik dat Gerrit Tempel aardich meikomme koe. Hy liet net oer him hinne rinne der wie hy ek Biltker foar. Letter sjogge wy Gerrit Tempel yn de earste klasse keatsen. Dat gong wat op en del. Faak hie ik it gefoel dat Gerrit him der net altyd op syn plak fielde. Gerrit likke wat stoef mar dat wie de bûtenkant. Yn 2014 kaam Gerrit by my op besite. Dan koe hy it wol praten hâlde mar der moast altyd wol in ‘klik’ wêze.
(Foto: KNKB).
Gerrit pakte syn earste grutte priis op 5 maie 1968 yn Weidum. Mei Henk Leeuwen en Robert van Wieren wie op de Bangmapartij de hage foar harren. Yn it selfde jier soe hy nochris de priis pakke op de útnoegingspartij fan OKK te Bitgum. Mei Hein Zijlstra fan Deinum en Klaas van Wieren barde dat doe. Yn 1973 is de partij yn Menaam om de Gouden Willems de ein fan Gerrit Tempel op de earste klasse. Mei Jan Monsma en Willem Hiemstra wint hy de lytse preemje. Gerrit kaam ta 24 punten. It oantal behelle punten docht Gerrit te koart yn wat hy koe. It rint net altyd sa je it yn ‘e holle hawwe.
De lêste tiid seach ik Gerrit mei syn Namkje net sa faak mear op ‘e fyts troch Frjentsjer fytsen. Altyd de han omheech as ik harren tsjin kaam. Oan dat libben is op 17 febrewaris no de ein kommen. Gerrit mocht krekt net 75 jier wurde.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie