Kweapraat 2026 (14)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 2, 2026 21:13

Kweapraat 2026 (14)

As de PC west is dan tinke je no wurdt it rêstich yn it keatswrâldtsje mar niks is minder wier. Ik kaam snein yn Wytmarsum it berte plak fan ien fan de grutste keatsers dy’t Fryslân ea han nammentlik Taede Zijlstra njoggen kear winner fan de PC eagen te koart. Der is wer fan alles mis yn ús dochs sa moaie keatswrâldtsje.

Lit ik mar begjinne mei de PC. No der wie net folle mis mei. Kloften minsken mei in frekt lyts bytsje ferstân fan it keatsen besochten de 173ste PC. It wie faak gjin trochkommen oan safolle folk stie rûn en om de touwen. Dan ferjit ek mar efkes wat der oan folk efter de tribune by it bolwurk siet of stie. By de húskes wie it hast gjin trochkommen oan. Dat net allinne. Der wienen fierstente min húskes foar safolle minsken. Ik telde rûnom it Bolwurk mar in stik of tweintich en dat op krapoan 9 of 10 tûzend besikers. Dat moat beslist oars mannen fan de PC. Dit liket nearne op it wetter rûn je betiden oer de skuon en it stonk as in mud. Wer binne de tiden dat der rom toiletten stienen en wêr’t de froulju dy’t der foar ynhiert wienen de saak in bytsje byholden. Wat der mis gongen is wut ik net mar dit moat beslist oars. As der safolle bier dronken wurdt op sa’n dei moat der ek genôch gelegenheid wêze om nei de hûskes te gean. Wat der ynkomt moat der ek wer út. It soe ek hiel moai wêze as der dan ek noch wat oantinken is om de boel in bytsje skjin te hâlden. Dit wie by de wylde spinnen om’t of. Dit is ek PC.

Tjisse Steenstra waard kening fan de 173ste PC en der ik niks mis mei mar Rick Minnesma wie foar my de kening. Gjin ‘onderbuik gevoel’ mar gewoan sjen nei alles wat de trije mannen woansdei sjen litten hawwe. Mar blykber telt dat net en wurdt der blykber mear sjoen nei de namme. Rick en Menno hienen ek net misstien op de list fan keningen. Ja, wie it in geweldige PC. No, nee. Dan giet it net iens om it tal bûtenslagen want dat foel best genôch mei. Der waard wol boppeslein mar ek net mâl. Fan de 15 partijen wienen mar in stik of trije dy’t der ta dienen. Dat is yn myn eagen fierstente min mar dat spilet al it hiele seizoen. It is tin hiel tin mei heechút twa sis mar trije partoer dy’t der ta dogge. Yn 2027 sil dat nei alle gedachten net oars wêze nei de nije stellerij.

Yn Wytmarsum waard ek dúdlik dat it tagongskaartsje net foar de poes wie. Tsien euro…dat meitsje ik net sa faak mei en dat foel by in grut part fan de besikers ek net yn goeie ierde. Ik kin der wol yn mei gean. Je komme mei syn trijen en dan moatte je efkes 30 euro ôftikje en dat yn dizze tiid. Oeral is in reden foar mar dizze….koe ik net sa gau betinke.

Ja, de PC. As je nei it waar seagen dan wie it noch in kniker op de kant west of de PC hie ôflast wurde moatten. Tink efkes oan it wykein weryn Holwert belies jaan moast omdat der koade read of jûn wie…mar wie dat wol fan tapassing op Holwert? It wie yn Holwert dy sneon 28 graden. Op de lêste PC stie it kwik op 31 graden en op it fjild rûn de temperateur op nei 35 graden. Mar ôflaste….dat net fansels. Holwert der út mei 28…Berltsum troch mei 30 en de PC sels mei 31 oant 35 graden. Wa’t soks betinke kin moat by de KNKB wurkje. It bestjoer fan Holwert hat no in kostenplaatsje del lein by de keatsbond. Hawwe jimme al in reaksje hân frege ik oan ien fan de mannen Holwert? Wat tochst…ik tink fan net. Bingo! Mar se sille dochs troch de bocht moatte as der no wol of gjin jild is. Gelyk hawwe se der yn Holwert. Pak se mar oan der op de Sjaardemastjitte.

Mar it kin fansels altyd noch gekker by dizze toppers fan de bond dy’t sizze en foaral tinke der doel oer te hawwen. Wat hawwe se no wer betocht op de burelen oan de Sjaardemastrjitte. It is al tich jierren sa west dat op de sneon en snein foar de Freule der ôfdielingswedstriden hâlden wurde op de sneon yn Wytmarsum en de snein yn Frjentsjer. Dy partijen jilde as tarieding op de Freule. Mar no hat de lieding fan de bond bepaald dat der juster allinne noch yn Wytmarsum keatst is en dat der snein yn Frjentsjer gjin partij mear wie. De reden: de jonges fan 14 oan te mei 16 jier soenen net mear twa wedstriden yn in wykein keatste mear kinne. It soe in te swiere belêsting foar harren wêze. Wa’t soks betinkt hat efkes mei de holle yn de pomp sitten of hat te folle wiete kletsen efteroer slein.

Komt noch by dat dizze omheech fallen wiisnoasen ek noch betocht hawwe dat yn 2027 net mear keatst wurdt op de Pier Elgersma partij. In wedstriid dy’t al mear as 100 jier op de aginde stiet. In partij boppedat mei in beskermde status. De partij is troch it HB, dy’t der doe wol doel oer hienen, ea beneamt as in partij mei in beskermde status. Dat witte dizze kloatsekken op it bûnsburo net fansels. It doel fan harren wie om Frjentsjer dan wer de partij te jaan en Wytmarsum fan de list te heljen. No, ik kin Coos en Adje interum wol sizze dat de hel dan los barst yn Wytmarsum. Je moatte wol lef hawwe fan efter je stoel efkes in partij mei sa’n skiednis fan de list helje te wollen. Neare oerlis mar gewoan dwaan.

Ik tocht derby oan it stik op de site fan de bond. Der wurdt in grut ferhaal ophongen….mar dat snijt gjin hout. It is gelul yn de romte. Cos-en-dy sille wol tocht hawwe wy moatte efkes in byld delsette litte dat wy it goed mei ús bondsje foar hawwe. Mar se witte sels wol dat der haast gjin draachflak mear is. Ik tink dan wat je yn in pear wurden fertelle kinne der wurdt in wiedweidich ferhaal foar ophongen. Dan wolle je net mei it wetter wat al stjonkt nei de dokter dan bliede je leaver dea. Miskin soe dat ek noch wol de bêste oplossing wêze. Binne de leden fan hiel wat gedôch of. Der binne noch altyd gjin antwurden op de fraach wêr’t de ponge mei jild bleaun is. Dat de leden dat noch altyd sa litte …der snap ik neat fan. Yn myn eagen binne je in dikke krimineal as je der mei 174.800 fan troch gean. Ik hear Coos al sizzen: ik haw dat jild net. Mar troch net te sizzen wêr’t it dan wol oan útjûn is is foar mei it selfde. Want sa fielt it CV út H. Dat jildt fansels ek foar Adje interum. Ik seach him sitten by de resepsje fan de PC. Syn hier hat al belies jûn mar de streken binne der noch altyd.

Oant in oare kear!          

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 2, 2026 21:13
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel