Sijbrandij-en-dy ek de sterksten yn Wergea

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 6, 2020 17:58

Sijbrandij-en-dy ek de sterksten yn Wergea

It partoer fan Nienke Sijbrandij hat de frijeformaasjepartij yn Wergea wûn. Yn de finale wiene Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest.

Sijbrandij-en-dy stiene oer de hiele dei mar fjouwer buordsjes ôf. Yn de earste omloop wûnen se mei 5-1 6-4 fan Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra. Dêrnei waard it 5-1 6-2 tsjin Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries.

Yn de finale wienen de earste earsten spannend, mar Sijbrandij-en-dy lutsen alle kearen oan de langste ein. Doe’t it 3-0 wie, pakte ek it trio-Tuinenga in buordsje. Spannend waard it lykwols net mear. Op 5-2 en 6-6 makke it partoer Sijbrandij dien wurk.

Fjirde haadpriis

It is al de fjirde kear dat Sijbrandij-en-dy dit seizoen de haadpriis pakke. Earder wienen se de sterksten yn Sint-Anne, Wommels en Huzum.

De tredde priis yn Wergea wie foar Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol. Sy wûnen fan it partoer fan Wybrig Bakker. (Bron: Omrop Fryslân)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 6, 2020 17:58
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel