Kweapraat 9

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 6, 2020 19:27

Kweapraat 9

‘Goeie mannen, bliid dat it keatsseizoen der hast wer op sit?’

No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal straks op de Aldehoupartij slein is. Dat giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen 2021. Dat is altyd sa west en dat sil ek wol sa lang trochgean sa lang wy der noch aardichheid oan hâlde. De passy foar it spultsje is noch altyd sa grut dat der moat hiel wat barre ea wy it ôfwitte litte sille. Der is noch safolle dat wol de nedige kontsjes brûke kin. Wy tinke dat wy de bond dêr noch wol ta stipe wêze kinne. Mei gewoan boereferstân moatte bepaalde saken dochs oplost wurde kinne. Mar it is noch altyd gjin 26 septimber dus der is noch genôch romte om bepaalde saken efkes goed tsjin it ljocht te hâlden. Wer giet it dan oer: no it foarnimmen fan de keatsbûn om de wedstriden fan kommende snein foar sawol de froulju as de manlju op de fuotbalfjilden oan de Hertog van Saxenlaan te hâlden. Dan moatte wy it fansels ek wer hawwe oer de ranking en wêr’t soks ta liede kin. It ferfal fan de eardere top formaasje Gert-Anne van der Bos en it gedoch oer de Frouljus-PC dy no sa let yn it seizoen noch ferkeatst wurde sil. (Cartoon; Peter Vassilev).


Mar wy begjinne mar efkes oer it plan fan de keatsbûn om de haadklasse wedstriden fan sawol de froulju as de manlju ferkeatse te litten op de fuotbalfjilden oan de de Hertog van Saxenlaan. Fan dat foarnimmen kamen de hannen fan de leafhawwers snein op it Sjûkelân net op elkoar. Hoe kinne je no soks wer betinke! Durk Kuperus, âld-keatser soe dochs better witte moatte. As it Sjûkelân beskikber is dan helje it dochs net yn de plasse om út te wiken nei de fuotbalfjilden. Hoe fier binne je dan fan hûs! De gedachte fan de bond is fansels dat de froulju en manlju dan tagelyk te besjen binne troch de leafhawwers. Mar werom de froulju net op de sneon en de manlju op de snein. Alles stiet klear. Der hoecht net folle mear oan dien te wurden. De linen moatte der efkes of en it gers moat op ‘e nij meant wurde mar alles is fierder klear. Wat helje je dochs út om dizze wedstriden net op it moaie Sjûkelân ferkeatse te litten. Persoanlik fyn ik dit net út te lizzen. Splits dy partijen en dan krije de froulju harren wedstriid wêr’t de leafhawwer hinne kinne en snein kinne de mannen sjen litte dat se dochs noch wol aardich balje kinne!

Soe der noch marris goed oer neitinke Durk!

Op de vrije formaasje partij fan keatsferiening Jan Bogtstra wie it début fan it partoer fan Simon Zijlstra, Jelle Scharringa en Paulus Yde Walda. In partoer dat hiel bêst út de fuotten kin op de earste klas partijen. Mear as dat want yn Menaam wie sels de priis foar harren. Dat wie ôfrûne snein. No, dan witte je it wol. Troch dy berg punten stienen se moandeis samar yn de top fiif fan de ranking. Prachtich, geweldich no moai net! Want de haadklasse is gewoan in klasse te heech foar dit partoer. Dat witte dy jonges sels ek wol mar se hawwe gjin kar. Se hienen wol krûpende nei Reduzum wollen wêr’t in partij foar de earste klasse wienen mar se moasten nei de haadklasse. No, dat hawwe se witten. Yn goed 23 minuten wie it dien wurk: 5-0 en 6-6! Mei in eigen skore fan nul punten. It út en oanklaaien kost mear tiid as op it fjild stean. En it feit dat je oan alle kanten te koart komme tsjin de mannen út de haadklasse. Foar dizze mannen is de ranking in ramp! Je stean gewoan foar lul!

Yn Frjentsjer waard ek dúdlik dat it dien wurk is foar de formaasje fan Gert-Anne van der Bos. Gong it mis yn Littens en Huzum de klap dy’t snein yn Frjentsjer útdielt waard moat noch folle hurder oankommen wêze by in partoer dat garant stie foar striid en prachtich keatsen. Yn goed trije jier stienen se 34 kear kear as earste foar de tinte. De partijen fan de mannen yn Wytmarsum en De Ryp it wie bytiden geweldich wat se koenen en no liket it harren by de hannen of te brekken. It liket wol as de absolute wil om te winnen der net mear is. Tjisse is Tjisse net mear. It tuskenspul ien fan syn sterkste punten is hielendal fuort. Syn skerpte, ik sjoch it net mear. It is in gelatenheid…it liket wol as Tjisse bliid is as it straks foarby is. Sjoch, der komt altyd in jier dat it minder giet. Je kinne net altyd op de apenrots sitte. Ik tink dat de echte foarm der dit jier noait west is. Boalsert waard dan wol wûn mar der echt foar gean haw ik dit jier net sjoen. Ek de ferhalen yn de krante hawwe folgens my as in spjalte wurke yn it ea sa sterke partoer. De partij net mear nei je han sette kinne…dat hat ferlammend wurke mei Frjentsjer snein as djiptepunt. Spitich! Osa spitich, mar dat is ek keatsen.

26 septimber wurdt as alles goed giet mei fergunnings, dat jild ek foar de Freule in wike earder, de Frouljus-PC ferkeats. Der is al hiel wat oer sein! Werom sa let yn it seizoen as je witte dat guon froulju dan al mei oare sporten dwaande binne en ferplichtings hawwe. It partoer fan Ilse Tuinenga-en-dy is der it moaiste foarbyld fan. Hja moatte it op de 27ste dwaan sûnder Sjanet Wijnia dy’t keazen hat foar har folleybal. In tebeksetter foar ien fan de kânshawwers. Guon nimme dat de organisaaje fan de frouljus-PC kwea of. Ik kin my der wol wat by foarstelle. It is de top wedstriid foar de froulju en dy wol net ien misse. Nije Kriich is der fanút gongen dat der nei 1 septimber ferrommimg komme soe oangeande it talitten fan leafhawwers. De PC hie der ek op ynsetten mar de PC seach der fanôf omdat de PC net allinne keatsen is. De stêd Frjentsjer hie ek fol rûn en dat kin fansels net ek net as de PC 2000 of 2500 man/frou talitten hie. Mar doe’t de PC ofjekke hie Nije Kriich de wedstriid wol nei foaren helje kinnen. Troch dat net te dwaan hawwe se in kâns misrûn om alle toppers harren wedstriid ferkeatse te litten. Dat is spitich foar de froulju dy’t no bûten de boat falle.

Sake oant in oare kear.   

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 6, 2020 19:27
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel