Kweapraat 3

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 29, 2021 05:45

Kweapraat 3

It wie de ofrûne dagen wer in drokte fan belang foar it flaggeskip fan it keatsbun. Gean mar nei Minnertsgea, Sint Anne en snein Arum. Trije kear in oare winner en dat mei noch Seisbierrum en Wytmarsum op it programma foar de PC. Ik hie it der ferline wike al oer. Wa wint de 168ste PC. No nei dizze trije wedstriden bin ik der noch net út en ik tink in soad leafhawwers mei my. Yn Minnertsgea wie der in finale tusken de top parturen fan Tjisse Steenstra en Marten Bergsma-en-dy. Oant twa spul gelyk siet der mar in bytsje ljocht tusken beide partoeren mar in misse rite fan Hendrik Kootstra yn kombinaasje met geweldich opslaan fan Tjisse Steenstra brocht de oerwinning by partoer Tjisse Steenstra. Steenstra wie de bêste fan syn partoer en yn en om de krite hearde ik lûden dat dit wer de âlde Tjisse wie. Hy wie wer bepalend foar syn formaasje. Soe it troch sette?

No yn Sint Anne wie it nei ien omloopke al wer dien. Tsjinstanner Gert-Anne van der Bos pakte nei twa spul gelyk de foarsprong en soe trochrinne nei de trije spul. Sjoen de sifers wienen de partoeren lykweardich oan elkoar. 60 punten foar de winner en 54 foar Steenstra-en-dy. Fan dy 54 punten kriegen se wol 30 cadeau omdat Van der Bos en Zijlstra ruzy mei de bal hienen. Foaral Van der Bos wie nei de demonstraasje fan in omloop earder no gol mei kadootsjes foar Steenstra-en-dy. Dat it dus net goed gong mei partoer Steenstra wie dúdlik. Tolve winnende slagen is gewoan te min foar dizze toppers. Ik seach yn Arum dan ek net raar op dat it snein ek wer mis gong. De earste omloop wie al moedsum en yn de twadde omloop  it selfde ferhaal. Gjin druk op it perk fan de tsjinstanner en in Tjisse dy’t dan te folle foarseare moat. Mei as gefolch in geweldige kater sa flak foar de PC.  

Yn Sint Anne wie de oranje brigade dy’t dochs wol wer ûnferwachts tasloeg. Yn Boalsert wie de hage al foar harren mar dernei gong it  mis op sawol de Rengers en Minnertsgea. Yn Minnertsgea wie it krekt  net mar yn Sint Anne foel alles te plak. Sawol Gert-Anne van der Bos as Taeke Triemstra kinne al jierren goed út de fuotten op de Waaie yn Sint Anne. Beide stienen al sân kear earder  mei de hage om foar de tinte. It giet wat op en del mei de mannen. Opslager Van der Bos is der in moaiste foarbyld fan. Tsjin partoer Bergsma sloeg hy geweldich op mar in omloop fierder tsjin Tjisse Steenstra-en-dy wie hy wer de Sinterklaas fan syn partoer. Dat je dan dochs noch winne seit ek in soad oer de tsjinstanner yn dit gefal partoer Tjisse Steenstra. Yn Arum wie hy dochs ek wer de ferliezer. Hy gong nei de stuit op in stân fan 3 om 1 en 6-2. Dat hy dan twa kear op de seis it fergoaid is te folle fan it goeie. Gert-Anne hat muoite mei in pratende tsjinstanner…persoanen dy’t besykje him fan it sintrum te krijen mei de nedige prikjes. Der soe hy him dochs better tsjin wapenje moatte.Gert-Anne rint al in tydsje mei no! Folle better wêze en dan de partij net oer de streek lûke kinne. It bard him te faak! Miskien in idee om Erwin Zijlstra wat faker de bal te jaan as je fiele dat je net goed yn de wedstriid sitte! Dat is gjin skande! Je winne en ferlieze mei syn trijen…!

Dritte yn bunde partoer Marten Bergsma ferlear yn Minnersgea de finale nei in goeie partij dy’t by twa spul kantelde. Hja wienen doe kapot fan it ferlies en yn Sint Anne koenen alle trije it goeie gefoel ek net fine mar yn Arum foel alles wer te plak. Mei twa earsten tsjin waard de oerwinning behelle mei opslager Marten Bergsma as grutte man. As de trein rint dan moat de konkurrinsje fan goeie ‘huze’ komme om in stôk yn de tsjillen te stekken. Sa flak foar de PC set ik it flagje no by partoer Bergsma.

Praat yn Arum wie der ek wer omraak foar de koroana-app dy’t de tagong ta de PC iepen set. O jonge wat in gedôch. De minsken dy’t PC-besikers behelpsum wêze woenen krije it swit op ‘e rêch. Safolle burokrasy om gek fan te wurden. 17 keats leafhawwers wienen nei it keatsmuseum kommen om mei stipe fan harren  dy’t der wat mear doel oer hawwe harren app op de tillefoan te krijen. Alles hienen se meinommen fan pinpassen ta in útdraai fan harren jildpapieren mar faak ek mei in tillefoan út it jier nul. Gewoan wol in goeie  tillefoan wêr’t je mei belje kinne en der is sa’n apparaat dochs foar bedoeld. Dat it de leafhawwer serieus is die blyken dat der sels minsken út Drinte nei Frjentsjer kommen wiene. Efkes 100 kilometer hinne en wer 100 kilometer werom en gjin app. En dat alles om mar tagong ta de PC te krijen. Freed giet de PC wer yn de slach mei de Koroana! Ik hâld myn hert fêst as dit mar goed komt.

Moai is wol dat de PC noch in soad kaarten te keap hat foar de 168ste PC. Mei kreatyf boekhâlden is der wer wat romte makke. Dus leafhawwers klim efter de kompjuter en pak jimme kâns op in PC-kaart.

Foar Taeke Triemstra wie de oerwinning yn Sint Anne de 190ste út syn ryke keatskarrière. Net ien keatser wûn safolle earste prizen yn it haadklasse fermidden. In getal om stil fan te wurden. Der wie noch in rekord foar Taeke. Mei Gert-Anne is hy no de keatser dy’t de measte oerwinnings mei syn twâan ea behelle hawwe. 104 kear as earste foar de tinte stean dat is mar in bytsje keatsers jûn. Sake Saakstra en Piet Jetse Faber kamen ta 103 oerwinnings. Mar rekords binne der om brutsen te wurden.

Noch efkes wat oer keatsferiening Willem Westra fan Arum. Al rom 50 jier doch ik ferslach fan it keatsen en krêkt safolle kearen wie ik yn Arum te gast. Mar dat tiden tiden binne dat blykte mar wer op de 25 ste july 2021. Yn it foar hie ik fan de organisaasje fan Arum in mail kriegen weryn frege waard oft ik ek nei Arum komme soe. Ik haw de mail derop daliks wer werom stjoerd dat ik graach komme woe. Je tinke dan dat is klear…no moai net. Earst in bult papier foar de Koroana ynfulle en dernei…U staat niet op de lijst…dus kan u er niet in! Ik sei neat mar myn gesicht spruts in oare taal. ‘Meneer ik ben een debiel’spruts de frou by de yngong en ik word hier voor ingehuurd. Ik heb niets met kaatsen ziet u. It wie dat Geert fan de Omrop sei: gewoan troch rinne! Sjoch, dat sakket my de broek ôf. As je it dan allegear sa goed dwaan wolle swoargje er dan ek foar dat de list in bytsje by de tiid is. By Arum gongen se der fanút dat it nei de earste omloop klear wie. In lytse kaderke wêr’t it ferfolch fan de wedstriid byhâlden wurde kin wie in opsje west. Miskien in idee foar takom jier?   

  

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 29, 2021 05:45
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    Bekijk Artikel
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    Bekijk Artikel
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel