Kweapraat 11

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 21, 2020 13:12

Kweapraat 11

No Sake, de ein fan it keatsseizoen 2020 is hast wer yn sicht. Hoe fielt dat foar dy? No, jong om earlik te wêzen:  It docht my hiel wat dat der nei de wedstriid yn Weidum kommende snein in streek ûnder it seizoen komt. Wer in jier nei de kloaten sis ik altyd as ik nei de lêste slach op de Aldehou wer op hûs ta set. Ik bin te folle leafhawwer om soks mei drûge eagen oan te sjen. It libben rint nei de ein. Ek dat fan my en ik wol noch sa graach sa folle mooglik wedstriden bywenje. De hope is dan ek dat it jier 2021 wer in ‘normaal’jier wurde sil, wêryn’t de fjilden wer fol rinne kinne en dat net op eltse stap dy’t je sette let wurd, want dêr kin ik hiel min mei omgean. Al dy baaskes foar ien dei…ik kin se wol slite. (Cartoon: Peter Vassilev).

Mar goed der binne noch wol wat saken dy’t noch wol wat publisiteit fertsjinje. Nim no de lêste wedstriid fan de manlju haadklasse op it Sonnenborgh terrein yn Ljouwert. It wie in prachtige ein foar de manlju haadklasse. Benammen de finale sil lang hingjen bliuwe. Yn dy finale seagen wy de ‘opstanding’ fan sawol Taeke Triemstra as dy fan Tjisse Steenstra. Dea en begroeven lieken se nei de partij yn Frjentsjer. Sawol Taeke as Tjisse hienen it net mear. It soe miskien wol oer wêze foar beide mannen. Want sa giet dat dan yn de wrâld dy’t keatsen hjit. Wy binne gau bliid mar wy stean ek gau klear mei it oardiel! Dat is sa âld as it keatsen is!

Mar foar de belutsen keatser is dat minder leuk. Mar goed, op de slotdei fan it haadklasse keatsen wie it ynienen wer oars. Beide mannen hienen de jas fan it net mear wolle, ferruile foar de jas wêryn’t alles wer slagge. Jonge, jonge ik wist net wat ik seach. Klaas, Leendert, Geert, Anne Roel en ik sei de gek foelen fan de iene ferbazing yn de oare. Wienen dit no de mannen dy’t wy de lêste wiken keatsen sjoen hienen (of better sein: Nét keatsen sjoen hienen). It wie ommers kommer en kwel. Se wienen net foarút te baarnen.  Mar op it LKC terrein foel snein alles te plak. De geast siet wer yn ‘e flesse en it rûn wer as in trein.

Boppedat: De wille wie wer werom by de mannen. Der wie wer lûd en byld! Taeke Triemstra dy’t foar de 189ste kear in hage omhongen krige en dêrmei Piet Jetze Faber foarby gie dy’t der 188 behelle hat. Yn ien wurd prachtich! Taeke hat no 804 punten en krijt Piet geandewei yn it sicht. Mei dizze foarm liket neat ûnmooglik!

Syn opslagger foar 2021, Gert-Anne van der Bos, die snein dingen y’t ik ek noch nea sjoen hie. Ik wist wol dat hy in knap potsje opslaan koe,  mar snein wie hy net te hâlden. Net dat alles goed gie mar dat wit hy sels ek wol. Klaas en ik turfden 42 opslach mominten! Mei 24 sitballen en 16 missers! Twa kear kaam der in keats fan! Yn de twadde partij noch acht sitballen en fiif missers. 32 sitballen yn twa partijen: It bliuwt fenomenaal mar it hat net folle mear te krijen mei it keatsen sa’t it ea bedoeld is. Mar dat sil Gert-Anne woarst wêze.

Op de dei fan de Aldehou kaam it ek noch efkes op it feit dat de partij fan de froulju troch LKC werom jûn wie oan de KNKB. Karel Nijman hie der al súntsjes fia kaatsen.nl op reageaerre,  mar no wie der moai de gelegenheid om de saak noch ien kear (en dan sa’t it echt gean is),  del te setten.

Yn prinsipe soe de Aldehou foar froulju en foar manlju tagelyk hâlden wurde op snein 20 septimber. Mar doe die bliken dat yn dat gefal de taskôgers  saneamd ‘plaseard’wurde moasten. Oftewol: Sitte en der net wei! Dat kaam yn augustus al op it aljemint.

Doe hat LKC sein: Dat sjogge wy net net sitten. By moai waar soe it kinne mar by min waar kinne minsken net 7 oeren op ien plak sitte.

Dus hawwe se sein: We splitse: Sneon de Aldehou foar de froulju en  snein de Aldehou foar de manlju. Dit is trochjûn oan de KNKB.

Dy hat de froulju hifke en doe die bliken dat it gros fan de froulju net op sneon de Aldehou keatse woe. Doe kaam Holwert yn byld as ferfangend plak. Op de snein. Mar Holwert luts him al rillegau wer werom. En doe wie der dus in probleem. LKC woe graach in Aldehou organisearje foar froulju mar dan wol op sneon 19 septimber. Prizen en alles wie al regele. Mar de froulju woenen net en doe is it dus lang om let Goaëngea wurden.  En hat LKC alles wer ôfsein, ynklusyf de sponsors dy’t foar dikke prizen soage hienen.

Sneon yn Wommels wie de 118de Freule partij. Yn in ûnwerklik dekôr, mar hy is wol ferkeatst. Oan de ein fan de dei kaam Sjirk de Wal út de Ryp as winner nei foarren. Fertsjinne, hiel fertsjinne mar o, o it hie samar oars rinne kinnen. Dat wist heit Jan Willem van Beem mar al te goed.  Wat hat hy ôfsjen moatten foar syn soan Jorn Lars. Hy is wol tûzen kear stoarn. Ik sjoch him noch rinnen as syn soan op 5-5 en 6-6 de beslissende oanrin nimt foar de partij tsjin Frjentsjer. Rinne, sjen, rinne, bytsje mear sjen en wer rinne en as Jorn Lars de partij dan oer de streek lukt uteret Jan Willem him mei in oerkreet.

It komt út syn tiennen. Sa seach ik him noait yn syn eigen karrière. Jan Willem is krekt as de heiten fan Johannes Brandsma en Piet Jetze Faber. Altyd mar rûntsjes rinne…Hast noait tegearre mar elk in kant om. Se hawwe hiel wat kilometers rûn. Jan Willem syn stappenteller fertelde it ferhaal fan rom 17 kilometers. Yn Sint Jabik wienen dat sels 20 kilometers. Brandsma en Faber hienen net de beskikking oer dat moderne guod, mar sy hawwe ek hiel wat ôftoffele!

Foar de start fan de Freule seach ik yn de Ljouwerter Krante in moai ferhaal fan Anne Roel van der Meer oer it partoer fan Berltsum. Mei dêryn it ferhaal fan it ferlies fan 2019 mei Thomas Dijkstra yn de haadrol en harren kânsen foar dit jier! Ik wie ferbjustere dat de mannen dit dien hawwe…Net om it ferhaal, want der mankearde neat oan. Mar ik foel mear oer it momint fan ferskinen, sa flak foar sa’n beladen wedstriid.

Wat lizze jo je dan sels in druk op. De ferwachtings dy’t opropen wurde…Wêrom dogge je soks. Dat it tsjin Frjentsjer dêrom el daliks mis gong sil him net allinnich oan dat ferhaal lein hawwe. De ein fan de partij wie gewoan sneu. Thomas slacht út en de bal komt op de rêch fan syn maat dy’t de gong fan de bal net yn de gaten hie. Sa freeslik sneu je ferlies pakke moatte. En dan komt sa’n ferhaal eins wat as in boemerang werom.  Ik hie it net dien.

Sake oant in oare kear!

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 21, 2020 13:12
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    Bekijk Artikel
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    Bekijk Artikel
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel