Kweapraat 8

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 30, 2020 20:58

Kweapraat 8

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?

Tuurlik Sake, hiest net oars ferwachte dochs? We ha ús dizze kear beheine moatten ta ien wedstriid mar der binne noch genôch saken wêr’t wy it noch wol efkes oer haw wolle. Dan hawwe wy it oer it foarstel fan it HB om takom jier yn de haadklasse mei acht partoeren te keatsen en ek wer keatse te litten om de lytse preemje. HB-lid Durk Kuperus brocht it yn Huzum as in meidieling mar it is fansels in diktaat. As je as HB dat wolle dat is jo earste gesprekspartner de keatser. Want der draaid dit dochs allegear om. Mar nee! Mei de mannen is gjin wurd wiksele en ek mei de oaren sa as de TC is ek yn it foar gjin oerlis west. Soks dogge je net as je draachflak foar jo beslissings hawwe wolle. Wie it net sa dat de keatser sintraal stiet…ja, ja it is mar hoe’t it je útkomt! Oer it foarstel fan acht partoer kinne je fan miening ferskille mar dat foarstel is ek net nij.Yn de tiid dat de ferskillen yn de haadklasse hieltyd grutter wurde kin ik der noch wol yn mei gean. Mar keatse om de lytse preemje is dan wer in brêge te fier. Wy hawwe it noch wol oer HAADKLASSE keatsen. Der of is der of. Sa simpel is dat! Hjir krije je de hannen fan de haadklassers ek net mear foar op elkoar! Net dwaan dus!

Yn Huzum pakte de formaasje fan Nynke Sijbrandij de tried fan winnen wer op. Mei hiele grutte stappen waard de priis wûn. Yn de finale wie it ienrjochtingferkear. Partoer Tineke Dijkstra woe wol mar it bleu by dy gedachte. Foar Ilse Tuinenga harren formaasje wie it al yn de heale finale einde oefening. Dat wie op himsels net sa gek want Sjanet Wijnia dochs in dragende keatsster yn de formaasje moast no wol ta jaan dat volleybal en keatsen net tegearre gean kin. Troch de wike aardich buffelje en dan op de sneon noch oan de efterste poat lûke moatte op in toernooi. Dat kin en koe noait goed gean. Oan it dwaan en litten fan Ilse Tuinenga te sjen gong har dat ek net nei it sin. It soe my freeslik ferbase as dizze trije froulju takom jier noch yn it selfde partoer sitte. It barnt Ilse yn dat se foar de prizen der wer of giet. Dat past net by Ilse! Ilse is in útsprutsen winner!

Yn datselde Huzum stiene fjouwer keatsers op de list dy’t der earste net op stienen. No is it sa dat as de feroarings binne op de list dat wol efkes troch jûn wurde moat oan de feriening en oan de skiedsrjochter. Dogge je dat net dan is der altyd in kâns dat je skorst wurde kinne omdat je net oan je ferplichtings dien hawwe. Je kinne it ek fatsoens noarmen neame..dat dogge je gewoan! Efkes sizze fan sus en sa….blykber wienen se dat yn Huzum allegearre fergetten!

Ofrûne snein stie Lolke Bierma op ‘e rol om de partij by de froulju yn Wjelsryp yn goeie banen te lieden. Mar al wie der snein kaam gjin Lolke Bierma. Gelokkich hat Willem Beimers it lieden fan wedstriden ek jierren dien dus Willem hat it efkes nei syn han setten. Mar frjemd bliuwt it fansels dat dit samar kin. We prate wol oer de haadklasse. No skynt it sa te wêzen dat der in skeel is tusken Lolke en de begeliedingskommisje fan de skiedsrjochters. It soe ek net sa wêze. It net mei elkoar troch ien doar kinne: it tilt der fan op yn keatslân!

Derom hat de skriuwer fan dizze rubryk ek brutsen mei de keatsbûn. De bûn seach it net mear sitten dat in betelle kreft fan de keatsferslagen yn Kweapraat harren sa no en dan de maat nam en myn krityske ynslach wie harren gewoan te folle. Naam en toenamme neame gong harren hielendal fierstente fier. Ja, en dan moatte je ôfskie fan elkoar nimme. Mem sei altyd al: de wierheid hat in skel lûd en it is de toan fan de musyk jong dy’t it docht.  No, ik wol graach mysels bliuwe en dan moatte je ôfskie fan elkoar nimme. As je net oer krityk kinne binne je yn myn eagen net geskikt om wat foar funksje dan ek te dragen. Ik fyn it in goeie saak dat in organisaasje wat it ek is sa no en dan efkes flink op skode wurde moat. Foaral yn dizze tiid dat bygelyks it jild net mear foar it opskeppen is en dat der te folle net goed giet. No is it allegear te folle fan it selfde!

Yn Berltsum waard by in oantal keatsers fêst steld dat de nap yn de mof te dik wie…te dik! Hoe kin soks no! As sa’n mof earst troch de keuring komt dan kin hy dochs letter net ofkard wurde omdat de nap te dik wurden is…set plestik dan ek al út?

Ja, dan moat ik it fansels ek efkes hawwe oer de wedstriid fan snein yn Balk.  Balk dy’t troch de Corona har haadklasse partij yn it Corona wetter fallen seach, moast him snein útrekke om de partij foar sawol de jonges as de famkes pupillen yn goeie bannen te lieden. 49 pupillejonges telde de list en 47 pupillefamkes. Best genôch foar in ein wedstriid. It bestjoer fan kv de Cannegiter en al har frijwilligers hawwe der in bealch fol wurk oan hân mar sy hawwe dat mei wille dien. Je dogge it ommers omdat dit de takomst fan it Fryske keatsen is, is it net!

Wat freeslik sneu is it dan te hearren dat by de B-klasse ien famke dat har earst net opjûn hie omdat sy tocht wat oars te hawwen, letter net mear mei dwaan mocht. Wy witte om wa’t it giet, mar hâlde har namme mar efkes út de publisiteit. Der waard belle troch de mem fan it famke mei foarsitter René Anema. Balk stie der foar iepen om har ta te litten, ek al wie it krekt nei it sluten fan de oanmeldingstermyn. Want oant dan telde de list 35 famkes. Ien derby en dan hie Balk prachtich 18 partoeren op de list. Gjin gedoch mei bylotsjen. Hjir moast dochs in mouwe oan past wurde kinne. Lêste wedstriid fan in dochs al brutsen jier.

Balk tocht en sei: Dan de TC mar efkes skilje. Dy soenen dochs wol ree wêze om it famke noch op de list sette te litten. No, nee dus! Kin net sei de TC. Kin net! Doe it bunsburo mar efkes skille. De persoan dy’t dêr de tillefoan opnaam wie hiel dûdlik: Kin net! Kin net! No hie ik persoanlik ek al net ferwachte dat sy it famke noch talitte soenen. De minsken dy’t it belied útfiere moatte tinke allinne yn kin net, mei net, dogge wy net. No, sa! Wol graach útdrage dat de keatser sintraal stiet mar as it der op oan komt, yn dit gefal in famke fan alve jier dat noch graach ien kear in echte partij keatse wol, der efkes bysette, dat kin dan net. Mei net! Fansels mei dit gjin gewoante wurde mar as je efkes kritysk wurde dan docht dyselde bond genôch dingen dy’t ek net meie of kinne. De doar ticht hâlde foar ferienings dy’t hiel graach noch in partij op poaten sette wolle ûnder it mom fan dat de keatsers der gjin belang by hawwe. Dat soks net iens ûndersocht is, is net fan belang. En dan sille wy it hielendal mar net hawwe  oer hoe’t der anno 2020 lotte wurdt.

As de hinnen al op stôk binne dan begjint op it bûnsburo de lotterij en dat soks troch ien frou bart, dat moat kinne. As je der oan tinke dan wurdt de klok wer jierren tebek set, doe’t der skande sprutsen waard dat Jan Metselaar yn syn eigen keuken op in  tiid dat it him útkaam de lotterij die foar bygelyks de haadklasse. O wat waard dêr doe skande fan sprutsen. Dat koe net. It lotsjen moast werom nei de iepenbierheid. No, krapoan tsien jier letter, bart it wer. Altyd de mûle fol hawwe dat se, de bond dus, it sa goed mei keatsend Fryslân foar hat. No, nei Balk wit ik it wol better. De keatser sintraal…ja, mar allinnich as it de bond sels goed útkomt. 

 It hie hiel wat fuotten yn ‘e ierde mar lang om let wurdt der snein de 6de septimber dochs noch keatst yn de manlju haadklasse. Penjum woe net of seach tsjin de drokte fan it Corona gedoch oan en sa foel der dus in gat yn de wedstriidaginda fan de manlu haadklasse. Kaam ek noch by dat Marsum in wieke letter ek op de rem stean gong. Mar doe wie der it foarstel fan kv Jan Bogtstra en De Keninklike PC om op de data fan Penjum en Marsum wedstriden te organisearjen. Boppedat wie der it idee om ek noch twa wedstriden foar de froulju haadklasse del te setten. De froulju sneons en de manlju sneins. Dat koe dochs net moaier. Sa koe Frjentsjer de keatststêd fan eartiids wer wat kleur op de wangen krije. 

Kaam noch by dat de frijwilligers fan keatsferiening Jan Bogtstra alles lizze litte koenen foar de folgende wike. Je tinke dan as leafhawwer: moaier kin it hast net! Der wie wol ien mar: de bond moast ta de bûse! Der moast jild op it kleed komme en omdat de der gjin bûnswedstriden ferkeatst binne moast der dochs wol wat jild yn it laatsje lizze fan de bond is it net. No, dat foel de foarsitter fan KV Jan Bogtstra fies tsjin want hy krige as antwurdt dat dat jild der net wie omdat it net troch gean fan de bûnswedstriden al in strop oplevere hie fan in lytse 10.000 euro!

In strop fan 10.000 euro…en der is neat bard. Dan hat it dochs ek neat kostte! Je sille der wol foar troch leart hawwe moatte om soks te snappen. Sels minkens dy’t ticht hiel ticht by it bûns fjoer sitte koenen my der gjin antwurd op jaan of it moast miskien wol de bonus fan de haadsponsor wêze dy’t no mis run waard. Mar goed de bond woe wol wat minsken leverje mar gjin stoer foar prizen om samar te sizzen. Mar gelokkich is der dan noch Erik Seerden fan Frythermo dy’t syn nekke útstek en kv Jan Bogtstra út de brân helpt.

Yn Huzum waard al sein it is klear mar foarsitter Ludwig Seerden moat der no op sneintojûn altyd noch in klap op jaan. Moandei earst nei de gemmente want de gemeente Waadhoek hat ommers it lêste wurd. Foar it idee om ek wat te dwaan foar de froulju haadklasse hawwe se de hannen fan de keatsbûn net op elkoar krije kinnen. Dat wie fansels ek te moai om wier te wêzen.

Sake oant in oare kear!

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 30, 2020 20:58
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel