Dames, lûk de keatswant werris oan!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 14, 2022 16:33

<strong>Dames, lûk de keatswant werris oan!</strong>

Krektlyk as elts jier organisearet kv Jan Reitsma Reduzum op de 1e snein fan septimber in 1e klasse Frije Formaasje partij foar Heren en Dames. By de mannen sjogge we jierliks ferskate (top)keatsers fan earder noch wer efkes de keatswant oppakken. We hope dat dat dit jier ek wer folop bard. Hja binne fan herte wolkom!

Dat jildt lykwols foar froulju krekt gelyk. Allinne sjogge we harren, as ja ienris de want oan de wilgen hongen ha, sawat net wer op de fjilden. En dat sjogge wy graach oars!
Derom nodigje we alle froulju keatsters, de ‘Toppers fan Toen’, fan herte út om snein 4 septimber werris de keatswant oan te lûken en hearlik opnei in bâltsje te slaan.

KV Jan Reitsma yn Reduzum soarget foar in lekker hapke derby en in musykale omlisting. Ek sil der in masseuse wêze dy’t de hjir en dêr wat stramme spierkes los meitsje kin, mocht dat nedich wêze…

It froulju’s keatsen kin wol in kûntsje brûke en sa hope wy hjir in bydrage oan te leverjen.
Dus froulju, jong en âld: sykje kontakt mei jim keatsmaten fan earder en jou jim as partoer op…
Mei elkoar meitsje we der in moaie en geselliche dei fan; oant sjen yn Reduzum!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 14, 2022 16:33
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel