Kweapraat 3
Gerelateerde Artikelen
‘Goeie, kinst it noch in bytsje by fytse jong?
No Sake, dêr haw ik gjin muoite mei. Foaral omdat it wetter no sa heech stiet yn keatslân is eltse minú dy’t jo der net ynstekke ferlerne tiid. Nim no de keatsaginda sa’t dy der no by leit oan de ein fan july. Kommende woansdei wie de PC der west mar troch de Corona moatte wy ien jier yn de wacht. Freeslik fyn ik dat en as it woansdei de 29ste is soe ik wol efkes fuort krûpe wolle omdat it ferlies fan de PC my hiel swier rekket. Fansels it kin net oars en ik begryp foarman Ids Hellinga en syn ploech wol. Je geane der foar: sa en net oars! Niks mis mei mar dêrom docht it wol sear. Je libje der dochs nei ta. Woansdei oer krapoan 360 dagen dan is der hooplik wol in PC mei tûzende leafhawwers rûnom it fjild. Ik tink dat der yn 2021 straks gjin plak mear ûnbeset bliuwe sil.Yn 1945 wie dat ek sa! Doe leinen de leafhawwers hast yn it fjild dat sil yn 2021 net oars wêze. (Cartoon Peter Vassilev).
Mar de PC soe de PC net wêze as hja net mei in moai programma komme op de fiifde woansdei yn july. It wurdt in dei wol nostalgy mei hooplik in soad âld-winners dy’t de muoite nimme om noch in kear nei it Sjûkelân te kommen. Alle 74 âld-winners binne útnoege om nei it Sjûkelân te kommen. Op grutte byldskermen kinne wy noch ien kear sjen hoe’t Durk fan Weidum yn 1970 kening fan de partij waard. Fansels komt de PC fan 2010 ek noch in kear foarby. It koe net en as je der noch ris goed by stil stean dan hie it ek net moatten mar it barde wol…in PC om noait te ferjitten. De PC is ien stik skiednis en sil alles oerlibje der bin ik wis fan. As alles op ‘e kont leit dan sil de flagge noch altyd wapperje op it âlde smûke Sjûkelân.
Goed woansdei 29 july hoege jimme neat te missen want de Omrôp lit him fan syn bêste kant sjen en is der by mei sawol radio as televyzje. Jûns fan seis oant sân eindigje wy de dei mei PC-kafee. Ek dat is live te belusterjen.
Dat wie it positive nijs mar der is ek noch in soad nijs dat minder posityf is. Nim no mar wer it gedoch mei de wedstriidaginda. Troch flink op de trom te slaan is der wol de nedige beweging yn kommen. Hoewol de besetting fan it bûnsburo mear hie fan ien man (dame) as in hynstekop. It is en bliuwt beskamsum dat as it wetter de bond ta de earen stiet de bemanning fan it buro wer brocht is ta ien man in dit gefal ien dame. Se sil noch wol wat stipe han hawwe fan it ferdwaalde help want oars kin ik der mei myn ferstân net by dat as de foarman fan de PC bellet om wat dan ek foar boadskip hy as antwurd krijt: Wa binne jo!
Der kinne je om laitsje mar it is fansels om te janken. Sjoch ik wit wol moarn om 1 minût oer njoggen oere dan is de kaptein wer op it swalkende skip dat KNKB hjit. Mar dat hie de hiele moanne july wêze moatten. Dat der no noch keatst wurdt is feitlik in wûnder. Net tanksij de KNKB mar tanksij de ynset fan al dy keatsbestjoerders dy’t der net foar wei rinne as it efkes tsjin sit.
Moat foarbyld is keatsferiening Boppeslach út Hommerts-Jutryp. Ald-haadklasser Coos Veltman duorde it wol oan en mei de stipe fan in geweldige ploech frijwilligers hat hy foar in geweldige keatsdei swoarge. Neat gjin gelul oer corona pakket sus of sa. De gemeente wie der flak foar en wie ree om alles te dwaan wat nedich wie…Wa sei ek wer wat oer de dwerslizzende gesachdragers? Wie dat net ene Wigle Sinnema dy’t it folk leauwe litte woe dat it hast net te dwaan wie om in partij op poaten te setten. Moast de media net stelling nimme tsjin al dy dwers lizzende gemeente minsken! Hja wienen it dy’t keatsen foar de fuotten rûnen.
Hy stie der by doe’t hy it fertelde foar de kamara fan Omrop Fryslân as in hazze ferdwaalt yn de koplampen fan in bestjoerder dy’t wol keatse woe. It is de misser fan it jier. Hjirtroch is in soad tiid ferlern gongen. Mar gelokkich binne der ek altyd noch bestjoerders dy’t wol kont yn de broek hawwe. Reduzum, Littens en Sint Anne om mar in pear te neamen. VVV Concordia fan Holwert wol ek stomme graach noch in partij op poaten sette mar krige te hearren dat it wiekein fan 8 en 9 augustus in frij wiekein wie. Ja, dat wie sa doe’t der gjin Corona wie mar dat is no wol efkes oars. 8 en 9 augustus binne gewoan datums wêr’t gewoan keatst wurde kin. De froulju kinne op snein te plak yn Burchwert en werom soe der dan net in haadklasse partij foar de manlju op de aginda komme kinne.
Ik wurdt der raar fan…mar ik net allinne mar it ferskil is dat ik skriuw wat ik tink en dat it gros fan de leafhawwers dat leaver foar him hâldt. Dat merbite je as je op in sneontemiddei efkes del komme by de froulju earsteklasse yn de Ryp. As der my ien oansprekt is et altyd fan: jo hawwe it net fan my hé! Of net te lûd prate! Jo hawwe nochal in lûde stim. Mar dan binne je wol op de hichte fan wat der spilet! Ik krij dan faak kotsnijgingen. Sa’n moai spultsje en wat wurdt der min mei omgongen. De wurden gesellich en lekker ite..se komme my de stroat út.
Yn De Ryp koe ik hearre en lêze dat de grutte feriening Sjirk de Wal mei de fuotten yn it wetter stiet wat de frijwilligers oanbelanget. Yn in berjocht litte se witte dat se wol partijen organisearje wolle mar dat se dat net mear kinne omdat de frijwilligers opdroege binne. Sjoch, noch net sa lang lyn dy in bestjoerder fan De Ryp ús leauwe dat de RYP mear as 250 frijwilligers hie! Wat is der bart by Sjirk de Wal…ruzy yn de tinte. Sjoch as in lytse feriening as Boppeslach fan Hommerts dat no sizze soe dan kin ik my der noch wol wat by foarstellen mar by in grutte feriening as Sjirk de Wal moat der mear oan de han wêze. Altyd foarop rinne mei hoe’t it wol moat! Altyd de mûle yn beide hannen en no net bygelyks in wedstriid haadklasse foar de froulju op poaten sette kinne…ik tink dan altyd: as je it graach wolle bart dat ek! Mar wol Sjirk de Wal it wol? Ik tink dan: nee!
Mar dat jildt ek noch altyd foar under mear De Twa Doarpen-Dios út Seisbierrum en Jan Timmer út Kimswert. Fan beide ferienings snap ik neat. Desirée Seerden, foarsitter fan Seisbierrum hie it mar oer de jeugd dy jûn mar der kaam de goegemeente net foar. Mar dan wol in wylde partij foar de froulju earste klasse del sette. Ik tink dan: se wolle it net! Se wolle it net! Prima mar dan de kommende trije jier gjin haadklasse partij mear. Der binne genôch oare ferienings dy’t it yn 2021 oppakke wolle. Yn Kimswert kaam al hast gjin harsens mear dus der sil net ien in eag fan minder ticht dwaan.
Dan wie der ek noch praat oer froulju dy’t aksje dien hawwe en ferienings belle hawwe as hja in partij foar harren op poaten sette woenen. Ik fyn dat geweldich! Dan libje jo foar je sport. Se binne dat wachtsjen fan de bond mear as spuugsat. As soe der mar ien feriening it griene ljocht jaan dan is dat al winst. Froulju jimme koenen hjoed de greide net yn mar jimme fertsjinne mear as dat oantal partijen dat foar jimme oarneare is.
Sake oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie