GJIN PC, DIT JIER,MAR DE DEI IS UZES.
Related Articles
Gjin PC dit jier mar dat wol net sizze dat it stil wêze sil op it Sjûkelân dit jier. Omrop Fryslân fersoarget, yn gearwurking mei de Keninklike PC, in dei lang “PC Treast TV”. Fan acht oere moanrs oan’t 6 oere jûns en dêrnei noch in oere lang PC Kafee op de radio en fia ynternet.
De Omrop is de hiele dei de folgjen op radio en TV. Mei ynteressante gasten, û.o.: De winners fan 1970, Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Dirk Talsma. Mei dêrby unike bylden fan de PC dy’t sy 50 jier ferlyn (1970) wûnen. Mei de winners fan ferliden jier: Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Mar ek mei de âldste noch libjende PC Kening, Jan Sijtsma. Hy waard kening op de PC fan 1957.
En sa sille der mear keatsers, PC- leden, âld-keatsers, leafhawwers en oare belutsenen foar de kamera fan de Omrop ferskine. Fan middeis 2 oere ôf is der ek live muzyk, fan it duo Tegare (Marijn Oud fan Van Geeft M en Harwin Bergsma fan De Hitsingers). En sa sil der fia de Omrop dochs noch in moaie PC sfear ûntstean. En der wurdt ek keatst.
20 junioarepartoeren stride om de moaie prizen. Jûns, tusken 18.00 en 19.00 oere is der op radio en ynternet noch in ôflevering fan PC Kafee. Dêryn: Dirk Talsma en Johan van Seijst oer de PC finale fan 1970; Dirk Jan van der Woud, Klaas Berkepas en Chris Wassenaar oer de PC fan 2000 en Pieter van Althuis en Daniël Iseger over de legendarische PC- finale fan 2010. PC foarsitter Ids Hellinga en âld-PC-winner (2016) Jan Dirk de Groot fertelle it hilaryske ferhaal fan in fôle en in bierfiltsje. De kolumn is fan Bonne Stienstra en ek yn dit programma live muzyk fan Tegare.
It publyk komt op útnoeging fan de PC, wêrûnder alle noch libjende PC- winners. Fanwege corona maatregels is it Sjûkelân helaas net frij tagonkelik foar publyk. Mar fia Omrop Fryslân is de dei uzes. Fan ús allegear!
Geweldig dat omrop Fryslan nog zoveel aandacht aan het gebeuren van vandaag 29 juli 2020 besteed.
Mooie interviews door Geert van de winnaaars van vorig jarig en 50 jaar geleden, mijn keatsfreonen Gerrit Okkinga,Klaas van Wieren en Dirk Talsma. Vanavond mag ik optreden in PC Kafee