Op in bankje – sûnder Bangmapartij

Ate de Jong
By Ate de Jong mei 2, 2020 13:57

Op in bankje – sûnder Bangmapartij

Tuurlik, de PC is de moaiste dei fan ‘t jier, mar fierder fyn ik it keatsen nochal betreklik. It is mar in spultsje, dus dat alles stil leit is ferfelend, mar gjin ramp. Boppedat: ik fûn ‘t altyd al stil op de fjilden.

Mar fannemoarn, op it bankje by it prachtige Weidumer keatsfjild, lit ik it even yn my omgean. (Foto: Ate de Jong).


Dus dit jier gjin Dronryp, mei syn útbundige merke en moaie neipetearen op in bank yn ‘e sinne. Net op ‘e fyts nei Berltsum, oer dat prachtige binnenpaad lâns it wetter. Net lekker sitte en wat sjen langs de line. Suver wat mediteare. Leafst op oardel meter ôfstân fan oaren want dat ge-eamel – “der wurdt wer min keatst net?” – ferpest myn dei.

In hele simmer sûnder sterke, mar faak ek ipenhertige ferhalen fan de Brand. En sûnder al dy oare fertroude gesichten – want ast jierliks in kear as tsien nei ‘t keatsen giest krigest der in famylje by.
Gjin kontakt mei Rynk, Emile, Wop, Wyb, Jan of Reinder.
Gjin draaimolens dit jier, dêr ‘t ik altyd sa moai weemoedich fan wurd.

Gjin broadsjes mei echte gehaktballen, dêr hawwe dy froulju flyt op dien, dat kin je priuwe.
Dit stikje begint op sa’n overlijdensadfertinsje te lykjen, mei Nooit meer… der boppe. Want ik hoech ek net nei it Harns fan Hotze. In hyltyd deprimearender partij, want steeds minder minsken, mar ik fiel my dêr wolkom, want se skinke bearenburch mei cola en net oarsom.

Gjin generale foar de PC. Dus at Tsjisse-en-dy yn Arum ferlieze hoech ik net te sizzen: “Dy ‘t Arum wint ferliest de PC, dus prima sa,” of at se de generale winne: “Sjochst wol? Jim binne gewoan de sterksten, woansdei ek.”

Net fierste let en zigzaggend op ‘e fyts út Bitgum wei, mei twa colabearenburch yn ’e bûse foar ûnderweis, mocht ik ferdwale.

At ik dat alles yn myn omgean lit, tink ik: kloate corona. Want Gerrit Lettinga hat gelyk: Keatsen is folle mear as keatsen. O ja, dit jier dus ek gjin konflikt mei Lettinga, dat wy dan op de Aldehou wer bylizze.

Sneu foar Nije Kriich En ‘t is ferrekte sneu foar Nije Kriich fansels. It fjild leit der prachtich by. En dan is ‘t ien kear yn de 100 jier prachtich wynstil waar mei de Bangmapartij – en ferpest corona de start fan it jubileumjier.

Tetty Venema wennet oan it keatsfjild. Jierrenlang skittere se yn it Jorwerter Ipenloft en mei Pier Koopmans (be)song se yn folle sealen it prachtige “Fryslân.” No sjocht se nei it lege keatsfjild. Gjin keatsers, jonge mannen dy ‘t der wer sin oan hawwe. Gjin publyk. Gjin korps. “Freeslik,” seit se.

Oan ‘e oare kant binne se ek wol wer realistysk yn Weidum. It is de Frouljus PC net. De Bangmapartij, dêr moat allinne mar jild by. Foarich jier wiene der noch gjin hûndert taskôgers.

Yn gedachten yn Weidum?
Hoe soe ‘t mei ús toppers wêze? Ik app wat keatsers: “Wêr bist no? Bist yn gedachten ek yn Weidum? Wat tinkst dan?”

“Hat Ate ús net sjoen?” appt Tjisse, “Gert-Anne en ik binne fannemoarn noch troch Weidum draaft.” Sy drave elke sneintemoarn, dat sy wiene letterlik yn Weidum, mar ek yn gedachten. Gert-Anne hat sin om al dy minsken wer te sjen dy ‘t wykein nei wykein by ‘t keatsen komme. En Tjisse mist it publyk ek.

Marten Bergsma wie hjir foarich jier winner, mei Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. Minnertsgea wûn yn ‘e finale met 5-1 6-2 fan Bitgum mei Paul Dijkstra, Yannick Hielkema en Tjisse Steenstra. It wiene twa wichtige punten foar Tjisse, dy ‘t sa graach in jierklassement ris winne soe. It wie de earste klap, hy naam fuort ôfstan fan syn foarnaamste konkurrint Taeke.

Marten is bûten, soe krekt even sporte. Hy hie graach syn titel ferdedige yn Weidum, appt er. Hy mist it publyk en de keatsers, de geselligheid.

Hans Wassenaar ek: “Lekker âlderwets ouwehoere yn de klaaikeamer.” Hy komt altyd graach yn Weidum, ûndanks it ferriederlike bijfjild: “Spitich dat wy dat dit jier misse moatte.”

“Vanochtend nog even een balletje geslagen en we hebben het wel over Weidum gehad,” reageert Allard Hoekstra. “Is het eens mooi weer en dan gaat het niet door. Jammer!”

Hendrik Kootstra baalt, ek fanwege it moaie waar. Hy hopet dat in tal ferienings de kommende tiid toch in partij organisearje – by need sûnder publyk. Dat sil wol apart wêze, mar ja, de sûnens giet foar.

Bûten myn macht Taeke Triemstra sei juster noch yn de Ljouwerter Krante dat hy Piet Jetze net mei in pear punten, mar rom passeare wol yn de Klassemint fan Alle Tiden, en noch leaver: de magyske 1000 punten grins: “Dat soe echt ultym weze.” Hjoed pakt hy gjin punten. Bale? Dat falt ta. Fansels hie hy hjoed graach keatst en hopet er dat se yn elts gefal noch in heal seizoen draaie kinne. “Mar dat leit fierder bûten myn macht,” sei er , “dus meitsje ik my dêr ek net te drok om. Litte wy mar wat genietsje fan de frije tiid.”

“It leit bûten myn macht, dus meitsje ik my der net drok om.” Ik moat tinke oan dy wize wurden fan Franciscus van Assisi: “Geef me de moed om te veranderen wat ik kan veranderen. Geef me de wijsheid om te accepteren wat ik niet kan veranderen. En: Geef me het inzicht om het verschil tussen beide te zien.” En dat is toch in moaie filosofyske gedachte op dizze stille sneintemoarn yn Weidum.

Weidumer Franci Heeger sjocht my sitten op it bankje en freget: “Wat binne jo no foar mins at je op in sneintemoarn op in bankje nei in leech keatsfjild sitte te turen? In romantikus?”
“Ja,” sis ik, “in romantikus. En ek wat gestoard.” (Tekst: Ate de Jong).

Ate de Jong
By Ate de Jong mei 2, 2020 13:57
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Pieter Klaas Goodijk

    Pieter Klaas Goodijk

    Mijn jongensjaren komen in Memorian Dirk van der Zee weer voorbij. Inderdaad Kees Nanings, de schoonvader van Jan Faber uit…

    View Article
  • Jasper

    Jasper

    Beste Jan! Wat een skande dat de bern de tillegraaf net goed bij halde! Dit kin natuurlijk echt net bij…

    View Article
  • Bestuur LKC Sonnenborgh

    Bestuur LKC Sonnenborgh

    LKC Sonnenborgh heeft vanaf augustus bij de KNKB aangegeven bereid te zijn de dames hoofdklasse Oldehove partij op zaterdag 19…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel