Kweapraat 2024 (2)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 11, 2024 13:00

Kweapraat 2024 (2)

Wy sitte op it stuit yn de heechsimmer fan it keatsen. Mar is dat wol sa? It is noch net sa lang lyn dat ús nije direkteur fan de bond tsjin my sei dat der op de trochinoarlotterspartijen fan dit jier gjin brek oan keatsers wêze soe. Hy, Dirk Jan dus, hie de haadklassers witte litten dat hy der oprekkene dat se harren allegear opjaan soenen en moasten as der sneons in trochinoarlotterspartij earne yn Fryslân wêze. Ik wit noch dat ik sei dat ik myn grutte twivels der oer hie en dat sizzen ien is en mar dwaan twa. Op it lêste komt it dus oan. No mar dan mar mei de doar yn’e hús te fallen. Ik hie dus wer gelyk. Net om myn gelyk te krijen mar de praktyk is no ien kear sa. De keatsers rinne net mear waarm foar in potsje trochinoar lotsjen. Dat leit fier efter ús as je it no wol of net wolle. Mar dat is it net allinne. Wa binne no wer de klos…no de ferienings dy’t hast altyd op it fuotenein fan Fryslân keatst lizze. Keatsferiening Klaas Thomas fan Paesens-Moddergat hie better fertsjinne en dat jildt fansels ek foar Warber Bliuwe fan Moarre-Ljussens.

Klaas Thomas oprjochte yn 1981 krige foar it earst yn harren bestean de haadklassers oer de flier en dat hie in topdei wêze moatten. Mar sa tochten in oantal haadklassers der blykber oars oer want it wie beskamsum dat Klaas Thomas net tsien partoer op de list krije koe en der op in haadklasse partij bijlotte wurde moast. Siliger Sieb Vegter sei dan altyd: ‘It is harren te fier en dan minne se leaver in dei frij.’Ik woe der nea oan mar no docht bliken dat se dochs gelyk han hat. Foel it yn Paesens noch wol ta mei 28 keatsers op de list yn Moarre spatte it kalk je fan de tosken. Mei hangen en wurgen kriege de warbere kv mar acht partoer op de list. It ferhaal wie fansels as dre útgongen wie fan de gebruklike tsien partoer dan hie der neat oer bleun fan de list foar earste klassers dy’t op deselfde dei ek te gast wienen by kv Warber Bliuwe. Dat binne fansels keuzes dy’t der makke wurde mar it seit alles hoe’t der hjoeddedei mei sokke partijen omgongen wurdt. Want in dei letter rinne de fjilden fol yn Stiens, Itens en Húns. Mar dat binne wol frije formaasje wedstriden en der wolle de keatsers fan heech ta leech wol hinne. Ik fyn dat je as bond hjir stappen yn meitsje moatte. Hie Paesens en Moarre in frije formaasje west dan wienen de fjilden fol rûn en no moasten se it dwaan mei de krommels. Dat soenen je as bûn net wolle moatte.

Yn Sint Anne, Menaam en De Ryp sloech de klok oan de ranne fan it fjild foar best op. It is in pilot wurdt der dan sein. In gewoan minske seit dan: de bond besyket der wat mear gong yn it spul te krijen. Mar is der no sa’n klok foar nedich. Dat is dochs in putsje foar de skiedsrjochter om der op ta te sjen dat iy ynslaan in bytsje beheind wurdt ta pak ‘em beet in pear minuten. It keatsreglemint is der ek dúdlik yn mar blykber is it gesach fan de hjoeddeiske skiedsrjochters net mear goed genoch foar de keatsers fan 2024. Ik mooat der freeslik om laitsjen. It grapke kost per klok ek noch 75 euro en Jaap Adema moat alles yn kaart bringe. Dat is keatsen anno 2024. Ik tink dan hoe fier binne wy njonkenlytsen fan hûs.

Dan binne der woloare saken dêr ’t fan út de bond wol wat oan dien mocht wurde. Bygelyks it skoppen nei de bal. Dat noch net ien taskôger sa’n fuortskopte bal noch net yn in each krigen hat moat in wunder wêze. Faaks sjocht de skiedsrjochter it wol mar seit neat. Dan mis ik dochs sokke mannen as Appie Knol, Tamme van der Berg en Rienk de Groot. As dy mannen op it fjild stienen barde der meatsentiids net sa folle. Dat wie in oare tiid mar doe stienen der ek karakers op it fjild.

Yn Stiens pakte de formaasje fan Menno van Zwieten wer de fjirde oerwinning. Neat mis mei mar binne se dan sa sterk? Ik tink dat it wol wat meifalt. Sjoch, it keatsen falt en stiet faak by ien slach. Partoer Marten Bergsma wie de bettere mar koe it net ôfmeitsje. Nei skjinne fjouwer earsten hei it samar dien wêze kinnen mar Bergsma-en-dy koenen it net ôfmeitsje. Hoe faak sjogge je dat by it fuotballen. De bal wol der net yn en de oare partij krijt ien kâns en wint dernei de wedstriid. Dat wie snein ek sa yn Stiens. Marten mist de lêste bal dat op sintimeters. Dat hat neat te krijen mei goed keatsen allinne mei in soad gelok. Boppedat as je yn in perioade sitte dat it wol keatse wol dat hawwe sokke gelokjes faak mei.

Yn Stiens wie it ek wer fluch einde oefening foar de oranje brigade. No is Stiens net in plak foar harren wêr’t it foar it opskeppen is. Der is faker ferlies west as dat der wat te winnen foel. Mar no falt it kwartsje hieltyd de ferkearde kant út en degradaasje stiet op’e loer. Dat kin barre en miskien komt it partoer dan yn ‘e flow sa’t it tsjinwurdich hiet. It rint noch net mei de mannen. Gert-Anne moat fan fier komme en wie sneon yn Moarre goed mar in dei letter yn Stiens wer minder. Taeke is der ek noch net en hikket tsjin de 900 punten oan. Efterynse en sterke man Erwin Zijlstra moat ek noch wol wat oan de achterste poat lûke. Ik haw faaks it idee dat Erwin te min yn ‘e bal komt. My tinkt dat hy it dan folle makliker hawwe sil. Ik sil it wol mis hawwe want de begelieders sille it wol better witte mar ik bliuw by it idee dat je better yn de bal opfleane kinne as mear in ofwachtsjende halding oannimme kinne. De tiid sil it leare.

Oant in oare kear!           

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 11, 2024 13:00
Write a comment

1 Comment

  1. Dirk Lei juni 13, 13:56

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum.
    Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Dirk Lei

    Dirk Lei

    Klaas Thomas is de naam van de kaatsvereniging van Anjum. Kaatsvereniging van Paesens-Moddergat heet Thomas Prins

    View Article
  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel