Kweapraat 2024 (13)
Related Articles
No, dat wie in dan. Der kin in kras troch it keatsseizoen 2024. Al gau wurdt der dan sein…wie it in goed seizoen of falt der noch wol wat te ferbetterjen. No om mei it lêste te begjinnen…ik tink dat der noch wol in skepfol better kin as je net te ticht oankrûpe by ús keninklike bond. Gewoan sizze wat je tinke en derby oanjaan dat in oare ôfslach nimme misskien noch net sa gek wêze soe. Mar dan moat der wol in dúvels soad oars en de leafhawwer wit dat al sa lang de bond bestiet dat sil nea barre. Want hja dy’t al jierren op it plús sitte wolle der graach sitten bliuwe…sit sa lekker no. Boppedat hearde ik dizze wike fan ien dy’t hiel ticht by it bûnsfjoer sit dat ús keninklik bondsje hiel graach gjin oare mienings heard. Terjochte of net…hja dy’t in miening hawwe moatte seker de ôfslach nei de bond net nimme. Hy of sy dy ’t it libben heech hat en graach sûn bliuwe wol moat him net ynjaan mei de keatsbond. Se sizze wol: wy hearre je graach oan…wy nimme it mei mar der wat mei dwaan ho mar.
Dan sjit my daliks de klok wer yn’e gedachte. In klok op it keatsfjild soe de gong der ynhâlde. Gjin gedôch mear oer it ellenlange ynslaan. Fiif minuten net in sekonde mear. Jaap Adema waard oansteld as Baas Klok. Wy hienen al Baas Bogt mar dy titel spile yn it ferline. De klok kostte 75 euro per kear mar der koe de bond gjin pine fan hawwe en Jaap sette alles kreas yn syn telefoan. Alles krige in plak…pear sekonden te let…bytiden in pear sekonden te gau. It wienen spannende tiden foar Jaap fan Stiens. Nei in oantal wiken kaam ik Jaap op ‘e lije side en frege hoe’t it gong mei de klok want ik seach him net mear op it keatsfjild stean. No, sei Jaap. In goeie fraach mar ik kin der net te folle oer sizze omdat se (de bond dus) net mei my der oer yn petear west binne. Net yn petear…it is dus no klear. Keatsers en skeidsen witte no hoe’t it wol moat? Mar dat wisten se wol sei Jaap. Hy dy’t lang lyn ek noch op it fjild stie snapte der ek net sa folle fan. Mar Jaap is al sûnt hy de eagen iepen die kader lid fan ús keninklike bond en soe dat graach oant hy de eagen slut dwaan bliuwe wolle. Dat is moai foar Jaap. Ja, echt dat mien ik mar ik bin wol bliid dat ik dat putsje net hoegde te dwaan. Je lizze je hiele salichheid der yn…en wat de útkomst is meie je blykber net witte. Dat is blykber hegere polityk. No, alle gekheid op in stokje. Hjoed op de Aldehou haw ik mar efkes op myn eigen klokje sjoen oer hoe lang de keatsers oan it ynslaan wienen… no dan wit ik wer genôch. Wy binne gewoan wer wêr’t by it begjin. Njoggen oant tsien minuten ynslaan om oer de pauze mar net te sprekkken. Moat kinne!
Ja, de Aldehou. It slutstik fan it seizoen. Kriege in moaie winner yn Menno van Zwieten, Jorn Lars van Beem en Tjisse Steenstra. Mei Menno as klassemintswinner. Yn myn eagen in mear as terjochte winner omdat Menno gjin punten pakke koe op de ôfdielingswedstriden wêr’t Steenstra noch altyd in baas partoer hat en der ek de nedige punten pakt.
Mar fierder wie it in matige hiele matige fertoaning wêr’t de bûtenslagen je om’e earen fleachen. Ik telde der 98 yn de earste fiif partijen fan de dei. Krapoan 20 de partij mei as útsjitter in partij fan 29 missers en dat by wynstil waar. De twadde omloop wie in tikje better 33 oer twa partijen. Dat moat ek wol omdat it nivo dan ek better is no!
Om it mar efkes of te meitsje…de heale finale telde 13 en de finale 9 bûtenslagen. In gemiddelde dus fan 18 de partij. Gelokkich hâldt hast gjinien minske de slagen by…as je it net witte dan hawwe je der ek gjin lêst fan en dan is alles moai. Moai waar, seker, in kloft folk…moatte je wol dûbel sjen en je komme elkoar moarn wer tsjin. Ja, dan hâldt it foar my ek op.
Ald-TC-foarsitter Koop Jansen frege my yn Marsum oer it nivo fan hjoed de dei. Kin it der op troch…ja en nee. It wurdt hieltyd tinner sawol by de keatsers as by de besiker. Nim no de list by de froulju haadklasse dy’t ek op de Aldehou te gast wienen. Mar 23 froulju hienen harren foar dizze klassieker op jûn. Dan fal ik stil mar dat doch ik al it hiele jier as it om de trochinoarlotterspartijen giet. Dat format is foarby…dat moat de bond no ris ynsjen. Stap der fan of. Ferienings as Warber Bliuwe, De Helfrichs en Thomas Prins wienen dit jier moai de pineut troch it belied fan de bond. Praat ik net iens oer de ferienings dy’t ynkleurt stienen foar in partij mar troch net foldwaande oanjeftes op in houtsje bitte mochten. Wol it wurk der foar dwaan…mar alles foar neat. Doch der no wat mei KNKB. Dan haw ik it oer harren dy’t altyd foar best opslaan mar der gjin bliksum oan dogge omdat it altyd sa west hat. Ik tink dat dy tiid no oer is. As je as keatser 1800 euro oan prizejild net genoch fine dan moatte je gau wat oars dwaan.
O ja, dan dy freeslike lude musyk dy’t tidens de finale fan de manlju oer Sonnenborgh galmde. Wa’t soks betinkt moat gau opnommen wurde…of is dit soms de nije tiid. As ik ingelbewaarder wie dan nam ik gau de kuierlotten…je krije der in hert fersakking fan.
Oant in oare kear!
As ik skriuwer wêze soe fan “Kweapraat”, dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net wei dat ik it folslein iens bin mei Braaksma syn opmerking oer de lûde muzyk tidens de finale fan de Aldehou foar mannen. Ik hoopje net dat dit yn de takomst faker barre sil.
Je wolle as taskôger dochs graach heare wat de keatsers op it fjild tsjin elkoar roppe en mei je buorman it moaie fan in slach beprate. Dat wie sneintemiddei net mooglik. Ik fûn it respektleas nei keatsers en publyk.
Krektsa it ûnderbrekken fan de mânlju’s wedstriid foar it spyljen fan it Frysk folksliet foar de froulju’s finale. Dat docht yn myn eagen gjin rjocht oan de keatssport.
Ek muzyk tidens de priisútrikking docht ôfbreuk. Je kinne de man/frou dy’t der foar oansteld is net ferstean.
Priisútrikking is ûnderdiel fan de wedstriid.
Ik hoopje dat LKC it takommend jier oars dwaan sil.
Durk Bonnema, Tsjummearum.
Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!
De engelbewaarder van het kaatsen had waarschijnlijk even geen dienst….