Kweapraat (2026) 19

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 6, 2026 19:37

Kweapraat (2026) 19

Ik wie hjoed yn Boalsert wêr’t de lêste frije formaasje partij fan it seizoen foar de froulju haadklasse ferkeatst waard. It wie wol in bysûndere partij want hy is ferneamt nei de âld-top-keatsster Géjanna Buma dy’t jierrenlang foar KV Boalsert útkommen is en hiel wat medailles oan it findel brocht hat. Géjanna moast dit jier belies jaan nei in slimme sykte. Der siet in moai kloft folk lâns de kanten fan it keatsfjild en de leafhawwers hawwe in hiele aardige keatserij sjoen dy’t in ferrassende winner kriege yn de foarm fan Roelie Kroondijk, Lisanne Scharringa en Noa Elzinga. Dat is moai foar de froulju mar dat hja überhaupt yn Boalsert op it Oordje stienen wie in lyts wunder want de ranking fan de froulju liet hiel wat oars sjen. Foar de opjefte fan Boalsert stienen se net by de earste acht partoer dy’t rjocht hienen om mei te dwaan yn Boalsert. It achtste plak op de ranking wie nammentlik foar it earste klas partoer fan Yannah Palma, Ilse Baanstra en Suzanna Allema mar it tafal wol dat dizze froulju der blykber gjin ljocht yn seagen om harren foar dizze partij op te jaan. Ja, en dan ferfalt sa’n plak oan de numer njoggen fan de ranking. As je de ranking leauwe meie dan hie de winner fan Boalsert net keatse mochten yn Boalsert. Aparte wrâld dy keatswrâld.

Mar goed de partij waard wol wûn troch Roelie Kroondijk-en-dy en dat wie gewoan fertsjinne. It rûn as in trein by de winner en by Louise Krol-en-dy siet sâlt yn de motor. Louise koe it net brekke mei har opslach en Sjanet Wijnia oars de motor fan it partoer wie te folle mei har sels yn petear en dus gong it yn de noggende finale fan it jier dizze kear mis want ek Jeska de bêste fan de trije koe it net allinne. Dermei kaam ek in ein oan de gearwurking fan de trije want takom jier moat in nije maat foar wer mear elan swoarge…dat hope se alfêst. De tiid is it leare as de kar goed of fout west is. Mar dat it net geod siet by it partoer fan Louise Krol-en-dy wie wol dúdlik. As je Louise seachen dan seachen je ek Sjanet mar Jeska siet dan blykber altyd earne oars. Dat kin mar je keatste dochs mei syn trijen is it net. Je hoeche elkoar net leaf te hawwen mar in bytsje waarmte kin hiel wat dwaan. Dy waarmte haw ik by dizze trije froulju net fine kinnen…wol by Louise en Sjanet…mar je keatse mei syn trijen.

Yn Boalsert gong it fansels ek oer it keningskip dat yn’e hannen kaam fan Roelie Kroondijk. Hja kriege fan de kommisje dy’t mient doel te hawwen oer de takenning fan it keningskip acht punten ien mear as de echte keninginne Noa Elzinga. Werom Noa, no omdat Noa in skepnet fol punten oan de tillegraaf brocht hat en de oanjager en motor fan it partoer wie. Har lûd wie yn Wolsum te hearren as hja wer in bal rjochting boppe sloeg. Blykber sjocht sa’n kommisje oars nei sa’n wedstriid. Ik set altyd alle sifers op ‘e rige en dan witte je rillegau wa’t mei de heechste eare nei hûs ta giet. Ophâlde mei dizze flauwekul as je der gjin doel oer hawwe want sa is it gewoan. Bliuw der dan fier fan.

Lolke Bierma wie fanemiddei de skiedsrjochter yn Boalsert. Krekt in partij foar Lolke foar wie it heechste net mear hoecht. Lolke hie it wol nei syn sin op it Oordje. Moai waar. In kloft leafhawwers rûnom de touwen en de froulju binne folchsum. Dit tempo past Lolke noch wol mar dat it altyd goed giet…dat is in twadde want yn de partij tusken de grutte tenoaren Annet de Haan-en-dy en Louise Krol-en-dy wie der in slach dy’t de partij feitlik besliste. By it foarby slaan fan de keats hie Lolke in oar blokje yn’e smiezen dan it goeie blokje. Partoer Krol sloech wol of net de keats foarby…net foarby dus mar dy waard wol jûn omdat Lolke each hie foar it ferkearde blokje. Louise hie it wol troch smiet ga uit blokje fuort mar Annet wist wol better….mar fierder as skeids….kaam se net. Boppedat it han gebaar fan Lolke liet ek gjin romte mear foar protest. Mar it wie wol de kaai nei de oerwinning. Dit is net nij…ik haw dik wol faker sjoen. Sjoch, je kinne net alles sjen mar by sa ’n stân soe it wol moatte. Lâns de kant fan it fjild wie it wol opmurke…heard ek by it keatsen.

Yn Boalsert hearde ik ek dat it in poepetour wurdt foar LKC Sonnenborgh om de list foar snein fol te krijen op de lêste wedstriid fan it jier de Aldehou partij foar de froulju. Der moatte 24 komme en snein om sân oere stienen der noch 13 namen op. Guon froulju (haadklassers) hawwe yn Boalsert al oan jûn harren net op te jaan foar dizze wichtige partij. It liket wol op de partij fan Marsum dy’t dit jier ek net mear ferkeatst wurd. De froulju hawwe blykber harren nocht om noch ien kear út de klean te gean. Spitich!

Oant in oare kear!         

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 6, 2026 19:37
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel